donderdag 2 september 2021

Haerster pont

 Wij wiene in wykje te fytsen.

Sliepsek en wat klean mei.

Sliepe yn trekkershutten

5 kear mei de pont oer.

Bij Jonen

bij Millingen oan de Rijn

noch ien bij Millingen oan de Rijn

bij Genemuiden

en de meast bijsûndere bij Haerst


Haerst leit krekt boppe Swolle

en de pont giet oer de Vecht;

it Haerster pontsje

in krakkemikkich ding, 

at je it fergelykje mei oare oerstekboatsjes

De boat wurdt letterlik mei de hân yn beweging setten,

mei twa klossen oan in tou 

De oerstek kost 60 eurosinten 

en goedkeaper hawwe wij it net meimakke










De pont leit op in drokke fytsroute

De NAP dy't fan Grins nei Breda rint




De fokus

 Ik wie op de PC yn Weidum.

De PC foar froulju.

De beste keatsters steane dêr op it fjild.

It is net allegear like spannend.

It ferskil tusken de smelle top en de brede rest is grut.

Te grut, fierstente grut.

Partoeren wurde fernedere troch it toppartoer dat wint

Letterlik en foaral figuerlik.

Wat in mislik gedrach fan dy twa yn dat toppartoer.

Manon S en Nynke S. 

Sij gongen lykas de sympatike Marrit Zeinstra mei de krâns nei hûs

Der gongen 5 oaren mei blommen nei hûs.

Sij waarden tank sein foar harren bijdrage oan de PC oer safolle jierren.

Sij stopje mei keatsen.

Ik frees foar noch mear stoppers.

De twa eSSen drage dêr oan bij.

Sij fiere alle twa punten as stiet it 5-5 6-6.

Sij fleane alle kearen it heale fjild oer,

raze en roppe as healwizen

at se twa punten helje.

Mislik gedrach.

De lichting dy't er oankomt,

stiet der bij en sjocht der nei.

Ik sjoch it fjoerke wat er fêst is bij dy jonge famkes

gelyk al dôven.

Je soene gelyk ek blommen freegje en stopje.

Nee, sa komt it net goed

troch de mislik meitsjende fokus fan de twa eSSen.

No mar hoopje dat se foar it lêst wûn ha

mar ik frees it slimste.

Ik hoopje ek dat Marrit Zeinstra net meigiet yn dit gedrach.

Hup, alle oaren

maandag 23 augustus 2021

Koppe

 


"Koppe", ik hear it in trainer al roppen tidens in wedstriid

at de spits yn in ideale kopppsysje is foar it doel.

"Sorrie trainer" ik haw dizze wike al 10 kear kopt.

Dat de Ingelsken oer in maatregel neitocht ha is prima,

mar dit set fansels gjin soaden oan de dyk.

Wol koppe of net koppe dêr giet it om.


Merkeplak

 


Myn lisfyts stiet op Merkeplak.

Dat skynt in suksesfole medium te wêzen om iets te ferkeapjen.

Myn eardere erfaringen mei Merkeplak holden net oer.

Mar ja, ik bin wat âlder, wat wizer

mar kin minder oer geseur....

Dus, myn lisfyts stie op Merkeplak

Nei 5 dagen haw ik him der ôfhelle.

Nei 6 mailtsjes wist ik genôch.

Dit is neat foar mij.

De earste woe witte at immen fan 1.89 der wol op koe..

De twadde bea 50 euro,

wylst ik dúdlik oanjûn hie dat 75 euro de fêste priis wie

De tredde frege him ôf wat er allegear opknapt wurde moast,

want dat spatboerd seach der wat frjemd út op de foto

De fjirde skreau "Ik neem hem" en betocht him twa oeren letter wer

De fiifde hie in fraach mar stelde him net

De sechde woe dat ik de fyts opstjoerde nei Litouwen

Ik bin wol klear mei dat geseur.

Ik fyts der noch in skofke op

en jou dizze  fyts, dy't ik 20 jier hân haw

en 33000 kilometer op lein haw,

in wol fertsjinne pensjoen bij it âld izer.

Wat noch brûkber is helje ik der wol ôf.



vrijdag 20 augustus 2021

Kaag

 


Ik bin net sa mei de polityk dwaande,

der binne folle leukere dingen

yn dit tekoarte libben.

2014 wie ik yn Berlin 

en seach ik dizze tekst op in beker.

At ik Kaagkritisy leauwe mei

( en dat binne der noch al wat)

dan is dizze tekst dizze wike aktueel

#Afganistan


donderdag 19 augustus 2021

Post út Manchester

Sa faak krij ik net mear in kaart fia de post.

Jierdeis wurde ôfdien mei in eppke

en de lêste fakânsjekaart 

kin ik mij hast net mear herinnerje.

Dit jier al twa kaarten krigen.

Bijsûnder.

Beide komme út Manchester.

Kaarten mei in boadskip

Sa as dizze.



It is in moaie kaart.

Frysk, mei de titel: Simmerloft mei Straaljagers

As reaksje op in stikje dat ik skreau oer dingen út de jierren 50.

Dêr hearre dizze 4 loftmeunsters ek bij seit Gerrit Tjallema.

In kaart werom stjoere sit er net yn.

"Adres ûnbekend"



woensdag 18 augustus 2021

Mei pine yn it hert




Mei pine yn it hert nim ik ôfskie

fan myn Sinner Demon 2620.

Myn lisfyts mei ûnderstjoer.

In brede sitkúp as stoel.

Sûnt 2000 yn myn besit,

Totaal 33.000 kilometer op fytst,

dat is 1571 kilometer per jier.

2001 mei 6200 kilometer wie it topjier

In hearlike relekste fyts

mar

it wurdt tiid foar wat oars,

boppedat haw ik noch in lisfyts.

Dizze stiet no op Marktplaats,

foar 75 euro op te heljen

At ferkeap net slagget

ûntmantelje ik dat ding......


maandag 16 augustus 2021

Jorritsma

 


Wij fytsten yn Grins okkerlêsten.

Dêr stean je dan op in tsjerkhôf yn Wierum.

Wierum yn Grins.

5 stiennen op in rige mei 5 Jorritsma's.

Sommigen berne yn Kûbaard.

Dat makket nijsgjirrich.

Thús marris útsykje.

Op in reinige jûn lykas juster

Werom nei 1884, doe trouden Sytze Jorritsma en Mettje Palsma



Sij krigen 7 bern, tusken 1885 en 1896


Heit wie earst keapman en letter boer yn/bij Kûbaard"

It hat er in soad fan dat sy "emigrearden"......

nei Grinslân.




Heit en mem stoaren yn 1925 en 1927 

en lizze yn Wierum Grins


De foto fan de 5 stiennen

is fan 5 bern, allegear stoarn yn dy Grinzer omjouwing

1 is jong stoarn

en 1 kin ik noch net efterhelje.




zaterdag 14 augustus 2021

Freule

 It is lang lyn dat ik genoaten ha fan it keatsen

Twa partijen dy't oanjouwe dat keatsen wol moai wêze kin

De jonges fan Tsjom, Jellum Bears en Boalsert binne hjir ferantwurdlik foar

De heale finale en finale op de Freuelpartij.

Twa partijen mei wikseljende kânsen foar beide

Dramatyk en wille leit ticht bijelkoar

In bal krekt yn , krekt kwea, krekt út.

It makket de hiele dei goed.

It is wat stil op de tribunes en banken

It is wat sfearloas

Mar dat feroaret bij dizze twa partijen

Tsjom giet mei de Filla van de Freule nei hûs.

De beste keatser wint.

Nei ôfrin it útlitten sfear

Der wurdt neipraten oer it keatsen

dat krije je troch sokke partijen.

Der is muzyk, der is in fette hap, der is bier

It is gesellich binnen de bubbel

Ek dêr bûten is genôch folk

om der in feessie fan te meitsjen.


Oh ja, 

Wommels die ek mei.




maandag 9 augustus 2021

it hillige fjoer

 Miskien mist bij mij wol dat hillige fjoer

foar de Freulepartij.

At ik al dy doarpsgenoaten sjoch

dy't al dagen lang oan it opbouwen binne

dan giet der bij mij noch net in flamke brânen.

"It liket wol in festing"

seit in âldere frou dy't besiket it paad te finen 

tusken keatsfjild en fuotbalfjild.

Swarte stekken, twa meter heech 

om it lege fuotbalfjild hinne.

Dy freule hie it sa moai betocht begjin foarige iuw,

in jongespartij om de jeugd oan it keatsen te krijen of te hâlden.

Dat slagget al hiel lang,

mar de priis fan ynspanning 

om it dit jier mei publyk foarelkoar te krijen is wol hiel grut.

Wat soe Freule Clara sizze at se woansdei lâns komme soe?

"Freeslik, at it sa moat kinne jim der better mei ophâlde"

of 

"petsje ôf foar dizee organisaasje"

Ik hoop mar it lêste

vrijdag 6 augustus 2021

Graft nei Den Oever

 



At je fan te foaren witte 
dat de boat Enkhuzen - Starum fol is
dan fyts je net earst nei Enkhuzen ta

Mar ja, wit alles mar ris fan te foaren

In hearlike hurde wyn yn de rêch 
brocht ús rom op tiid yn Enkhuzen.

Rom op tiid foar de boat.

De teloarstelling op myn gesicht dy't ik net ferberge koe
doe't de man sei dat de boat fol wie
fiel ik no noch.

Sjit, sjit, sjit

5 oeren wachtsje of.....
nei de Ofslútdyk fytse
42 kilometer en oant Medenblik skeef tsjin dyselde hurde wyn yn?

Wij kieze foar it lêste.
Dikke buien meitsje it der net leuker op
Skûlje, fytse, skûlje, fytse.

Wij fytse der tsjinoan om de 15.30 bus te heljen
dy't ús fan Den Oever nei Koarnwertersân bringe moat.

Wij komme in minút tekoart...
Wij sjogge de bus krekt fuortriden.

Ien minút te lang skûle dus

Dan mar mei de fyts efter op de auto de dyk oer.,
hoege wij dy lêste 20 nei Wommels ek net mear te fytsen.

85 kilometer op in dei is ek mear as genôch....




donderdag 5 augustus 2021

Oudekerk aan de Amstel - Graft

 

Twa ritsjes op dizze tiisdei.

Fan de kamping nei in adres yn  Amsterdam 

en fan dat adres nei Graft

Net de earste kear dat wij dwers troch Amsterdam fytse.

Oare rigels, mear drokte.

In read ljocht? Trochfytse...

It is altiten efkes wenne, 

mar mei de Amstel oan de lofterhân 

komme je maklik bij it Y út.

Mei de Hempont it Noardseekanaal oer nei Zaandam




Bij it earste winkeltsje fan Appie Heyn lâns

Nostalgyske kofje foar euro dêr?

Nee, in supermoderne automaat







Prachtige omjouwing nei Graft ta. 

Bij Spijkerboor mei de pont oer

Gjin boerenkamping mar in túnkamping.

Op trekkersfjild hast allinne




PC


Ik stean altyd op de PC. 

Dat is in útputtingsslach sa'n dei,

mar it jout in bepaalde frijheit.

Tusken de middei de fuotten efkes strekke

en efkes in fette hap heljen

Ekkes sitte is dan in doel.

Sykjen om in plakje dan.

Muorkes, stoepen, alles is beset

want sitplakken binne der dan net.

Dit jier is it oars.

Sitte isin plicht.

Oan de sydline, mei de sinne op de rêch,

hawwe wij in prachtich plak.

It sitten befalt wol op dy earste rige.

Mar tusken de middei dan wol ik de fuotten efkes strekke,

dan wol ik efkes stean.

Mar ja, sitte is hast oeral in "plicht"

dus op it horekadiel  fan de PC bubbel

binne it allegear banken en sitsjes.

Wat ik oars mis bij de PC is der no wol.....

It hoecht om mei net wer oars.

Mei wat minder minsken yn de bubbel

is it noflik omrinnen,

bij de kofje- of bierbar in oase fan rêst.

It nivo fan it keatsen falt net ta,

dan druk ik mij hoeden út.

It opslachgeweld bepaalt alles.

Gjin echte spanning

Net ien kear 5 earsten gelyk\

mar twa kear 5 om de 4.

Dochs goed dat ik der bij wie

it wie in noflike dei om efkes te sitten


woensdag 4 augustus 2021

Groenekan - Oudekerk aan de Amstel

 


Ek neat mis mei dizze route.

In stikje Vecht lâns te grutte huzen

Moaie molens




In fort dat noch sletten wie

In omheechgeande brêge yn Breuekelen dy't krekt past

In bakje kofje yn in bakje

In pontsje bij Nigtevegt dat wol fart

In hiele lange fytsbrêge oer it Amsterdam - Rijn kanaal

Een kamping dy't ús bekend foarkomt,

hjir wiene wij earder ûnder de reek fan Amsterdam


Sleeuwijk - Groenekan

 


Fan Brabân nei Utert, in route lâns en oer wetters

Mei yn Leerdam de djoerste kofje mei appeltaart  yn dizze fakânsje

mei in pontsje dat noch net farre koe fanweg de streaming fan it wetter

mei in pontsje bij Vianen dat wol farde

Mei in moai wetterbolwurk

Mei in driigjende bui bij Groenekan wêr't de kamping wie

Mei in kamping dy seit dat dy fol is mar it net is

Mei in prachtich útsicht op in earrebarrefamylje



Mei in fiskboer mei in "fername" namme yn de stêd Utert yn net sa'n "fername" wyk



De route lâns Vianen om de stêd Utert hinne wie prachtich. 
Net murken dat je sa ticht bij de stêd wiene