vrijdag 6 november 2026

Eddington getal

Ik haw der noch nea fan heard,

mar kom it tsjin op in favorite webside fan mij:

wielervrienden.nl

Mei in koppeling fanút Strava wurde dêr nijsgjirrige dingen bijholden

Dêroer letter noch mear

No earst it Eddington getal
 


Myn Eddington getal berekkene sûnt 2020 is 84.

Dat betsjut dat ik sûnt 2020 

84 kear tenminste 84 kilometer fytst ha yn ien rit

Dat kin best kloppe

De útdaging sit him no yn it folgjende getal : 85

Om dêr op te kommen

moat ik 85 kear ten minste 85 kilometer fytse yn ien rit.

Neffens it oersicht, soe dat noch trije kear wêze moatte

Dat moat kinne yn 2027, 

hoewol ik net in leafhawwer bin fan sokke lange einen

Geen opmerkingen: