donderdag 5 november 2026

Bunker(s)

It sil yn de jierren 70 west ha

at ik kampear op kamping Dellewal op Skylge

Meardere jierren at ik it mij goed herinnerje

In fêst loopke is meast "efkes op de bunker sjen"

Dy bunker is dêr flak bij en jout útsicht op it waad.

Dit wykein bin ik op Skylge

Ik haw al sjoen dat der in boerd stiet fan "Bunkermuseum"

Ik kin mij dêr net folle bij foarstelle 

want yn myn 'jierren 70 herinnering'

binne  der mar ien , miskien twa bunkers

Mei Samme der dochs mar efkes sjen

en ik bin ferbaasd.


It binne dêr meardere bunkers

dy't op ien of oare wize mei elkoar ferbûn binne.

Der is fan alles te sjen foar in nijsgjirrige jonge fan 10 

en in ferbaasde pake fan 72.










Geen opmerkingen: