Ik neam it mar rinne, mar ik kin better sizze ik kreupelje
Kom krekt út it Antonius
Dêr hawwe se in foto nommen fan myn heup
"ha jo pine", seit in man mei in hûntsje
Wol of net antwurd jaan, ik tink razend hurd nei
"Giet wol" sis ik dan mar
"Ik wol wol foar jo bidde", giet hij fierder
Oh God, sa'n man, dêr sit ik no en letter net op te wachtsjen.
"Net nedich,"sis ik, mar ik wit dat it net genôch is om dizze man fuort te krijen
"Yn de bibel stiet......
"De bibel is in sprookjesboek, dêr leau ik net yn",
yn de hoop dat ik der ôf bin
"At jo fannacht op bêd gean en jo soene net wer wekker wurde,
tinke jo dat je dan yn de himel binne"
seit dizze Normandiaplein evangelist
"net yn de himel, want dy bestiet net
en fierders winskje ik jo mear sukses mei jo irritante fragen"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten