woensdag 21 september 2016

Greidhoekfestival


Prachtich fansels dy moaie resinsjes
yn de krante en op ynternet
dy't de mannen en froulju fan de organisaasje  krije
nei it sechsde festival yn Wommels

Ik doch der noch in grut komplimint bij,
út namme fan in hiel soad besikers

want wat haw ik in soad positive reaksjes heard
op de jûn sels
fan  minsken dy't altyd komme
of foar it earst de stoute skuon oanlutsen..
wat haw ik in soad fleurige minsken sjoen
op de jûn sels

En dêr docht de organisaasje it foar....
foar de minsken en de bern hjir yn de buert
sadat se net nei Lowlands hoege

It selde fermaak
de selde goeie muzyk
de selde bijsûndere dingen 
dy selde kreativiteit

mar dan allegear wat lytser
wat nofliker
wat koarter
wat fertrouder
wat goedkeaper
en folle leuker

At ik de foto's no besjoch
dan is der mar ien konkluuzje
it wie super goed

at ik de muzyk weromhelje yn myn earen
dan kin ik allinne mar sizze:
it wie geweldich.
der siet net in ferkearde band bij.

de moaiste twitts nei ôfrin kaam út Winsum fan 

Prachtige jûn hawn tn Wommels. Mei syn 4en Bob de fiets nei @Bob_Greidhoek Bierke, hapke, én ferrekte gezellig! pic.twitter.com/oQfEGLoWQz

omkomme per boat.......

binnenkomme mei 1000 kraanfûgels

the Blind Roovers

Jick Munroe & Amazing laserbeam

woensdag 14 september 2016

Fytse yn de Bildthoeke

Fytse yn de Bildthoeke
wie net echt populêr.
neffens mij.

it waait dêr
it waait dêr altyd
it waait dêr altyd hurd.....

en al hoe rom it dêr ek is,
mei de Waddensee op de eftergrûn,
al hoe moai it ek is
om op of lâns dy seedyk te fytsen,
en al hoe bysûnder dy AldeBildtdyk ek is,
mei syn ferskaat oan húzen;
en al hoe gesellich dy doarpkes ek binne,
fytse dat dogge je dêr net
want
it waait dêr altyd hurd........

Snein waaide it net hurd,
dus wij nei it Bildt.
in rûntsje fytse.

wij hawwe in prachtige middei.
en wij net allinne,
it is dêr in drokte fan belang,
mei fytsers
en foaral E fytsers

At er ien gebiet yn Fryslân
profitearret fan de opkomst fan E-bikes
dan is dat de Bildthoeke

want wat is der moaier
om noflik yn standsje 2 of 3
in hurde wyn te trotsearen yn it Bildt
en in stel út de Greidhoeke
op gewoane fytsen
foarbij te fleanen







dinsdag 13 september 2016

Noch twa pakken Brinta















“Bist al oan it ôftellen”,
freget mij wolris immen
It giet dan om it stoppen mei wurkjen.
1 novimber
2016
In nije útdaging wachtet
”prépensjoener”
Op de fraach oer it ôftellen,
Wie myn antwurd okkerlêsten
Ja,
ik bin oan it ôftellen:
noch 700 kilometer wenwurkferkear
en noch twa pakken Brinta.

(ik yt allinne Brinta at ik nei it wurk gean)

Fannemoarn kaam ik bij Minze thús
In kollega út Snits
wêr’t ik tiisdei meiriidt nei Beetstersweach.
Der stiene twa pakken Brinta klear…….
ik fertink Bouwien hjir fan
syn frou...

In hint?
Útstelle?

Dit wurde grutte boarden fol oant 1 novimber ta.....

zondag 4 september 2016

Feroarje


Ik rop it al jierren
en dan moatte se gnize
dy kollega's fan mij....

dêr ha je him wer......

no wittensiplik bewezen

( ik haw it altyd socht yn in oare baan)

vrijdag 2 september 2016

Goeiemoarn


Tongersdeitemoarn betiid,
ûnderweis nei Snits
nei it wurk
op de lisfyts
Altiid wer oars,
mar iets is it selde.....

dat is.....
"the man with the dog"
dêr earne yn de fierte,
dêr rint hij
alle moarnen betiid
ik tink al 17 jier lang,
sa lang ik nei Snits fyts
lit hij syn hûn út

en 17 jier lang 
hâldt hij syn hûn strak oan de line
at er in fytser oankomt....
...at ik der oan kom.
17 jier lang
4 dagen yn de wike
sizze wij elkoar "goeiemoarn"


Tongersdei haw ik efkes mei him praten,
dat like mij goed
foardat hij aansens ûngerêst wurdt
at ik net mear lâns kom
ûngerêst sa't ik dat ek wie
doe't hij in jierke lyn der moarns net mear wie....

wikenlang, moannenlang wie hij der net,
ik seach him net mear
"the man with or without the dog"

doe't ik syn buorfrou seach,
haw ik mar efkes frege:
"wat is der mei buorman,
ik sjocht him nea "

"mei buorman is neat,
de hûn is dea.........
it loopke is net mear nedich"

gelokkich hat er wer in nije hûn......
en sizze wij mekoar wer goeiemoarn.

foar it lêst sa'n bytsje
want ein oktober stop ik en no....
......krekt no


wurdt de brêge opknapt
en kin ik der net mear lâns...


noch ien kear en miskien wol foar de lêste kear
nei it wurk ta fia Reahús en Turns
want 1 novimber stop ik....

ik sil it fytsen moarns misse.........

maandag 29 augustus 2016

Kofjedrinker

Sneintemoarn: in kofjedrinker...... Roan

dy eachjes, dy't de koeke yn de gaten hâlde
d

zondag 28 augustus 2016

woensdag 24 augustus 2016

Frouljus PC


De grutte PC yn july mist,
dus hjoed nei de frouljus PC 
mei dochter Anne-Marije
op de fyts nei Weidum...

In oantal aardige partijen sjoen 
wetter dronken, fiskje iten en brún wurden

froulju en keatsen
emoasjes dyt heech oprinne,

it partoer fan Nynke Sijbrandij bijgelyks,
goed begong
en fol fjoer moedigen se elkoar oan,
de moed, de striidberens strielde út alle trije.....
oant trije earsten
doe bruts der wat
tsjinstanners kamen foar
en de striidberens gie oer yn 
yrritaasjes
lilkens 
fertriet
en noch folle mear lilkens doe't se ferlearen

petten, bidons, flokwurden 
it wie mear as it fertriet in partij te ferliezen...

it wikselsjen fan de opslach,
om wat te besykjen
foel hielendal ferkeard bij Anne Monfils
sij fielde har útsletten
sij fielde har te koartdien
en kaam dêr net mear oerhinne

har teamgenoaten negearden har
sij negearde har temagenoaten

foar ús
oan de kant
fielde it
as foel dat partoer dizze middei utelkoar....



donderdag 18 augustus 2016

Greidhoekfestival


Moaie nammen



It IFKS skûtsjesilen wie juster yn Sleat. Machtich moai wie it dêr op de Sleattermar.
Moaie nammen hawwe dy skûtsjes ek:
In ferslach:

En dêr sjogge wij de "Jonge Rein", de "Lytse Lies" en de "Jonge Jasper" tagelyk oer de startline gean.
Benaud sjogge de jongsten nei de "Raarder Roek", dy’t op de loer leit.
Se hawwe it net sa stean op fûgels dy't oer it wetter fleane.
Mar gelokkich is dêr de altyd sêftmoedige "Eelkje II" om harren wat út de wyn te hâlden.
Mar oer bakboard komt de folgjende oanfal: "It Swarte Wief" en "Wylde Wytse"; dy twa binne krekt op in metalfestival west en sitte noch fol adreline.
Mei it skûm op de kop en "Striidber" as altyd en op "Hoop fan Zegen" roppe se “Emanuel”, wat noch altyd “God is met ons” betsjut en op goed gelok fleane se krekt foarlâns.
Mar dan komme se yn de drokte: mei machtige slagen komt "Grutte Pier" (hielendal oplibbe yn 2016) der oan mei yn it spoar de "Drie Gebroeders".
En at dat net genôch is sjogge se de "Zes Gebroeders" ek noch oankommen. Yn de fierte leit "It doarp Eastermar" te blabberjen.
Mar mei in moai slagje en yn alle "Eenvoud" trotseare se ek dy en sa strike se mei harren trijen wer oan wâl.
Gesellich wie dat, sa sizze se, meielkoar "Ut en Thús"

woensdag 17 augustus 2016

168 kilometer

Us soan Tsjeard  haldt fan útdagende sporten.
Dizze moanne giet er wer sa'n útdaging oan.
Lês it ûndersteande en folch him.......

Hoi allen,

Hebben jullie zin in een weekendje wakker blijven en volop passief genieten van een sportieve activiteit? Hier is je kans!

Op vrijdag 26 augustus start de Ultra Trail du Mont Blanc, UTMB, in het Franse Chamonix. De race voert door Italie en Zwitserland om vervolgens na een volle ronde rond de Mont Blanc weer in Chamonix te finishen. De totale afstand is 168 kilometer. Er zitten in totaal 10.000 hoogtemeters in (Zo werken hoogtemeters). De winnaar van 2015, Xavier Thevenard deed er 21 uur en 9 minuten over! Het verschil tussen de de profs en de amateurs is enorm in zo’n race. De nummer 100 deed er al meer dan 30 uur over. Totaal kwamen er 1499 van de 2500 deelnemers over de finish. De langzaamsten hebben de volle 47 uur nodig om weer veilig in Chamonix aan te komen. 

De UTMB is een non-stop race waarbij je grotendeels zelfvoorzienend bent onderweg. Gemiddeld is er om de 3 tot 4 uur een verzorgingspost. Verder dragen alle deelnemers een hele lijst met verplichte uitrusting (zie bijlage) met zich mee.  

Omdat ik twee jaar terug zo intens heb genoten van de TDS van 118 kilometer lijkt dit mij een logische vervolgstap. Voor wie het interessant vindt ben ik te volgen via een van de volgende linkjes. 

Via de Facebook pagina: https://www.facebook.com/tsjeard.hofstra Hierop komen hopelijk de 25 automatische updates bij alle tijdregistratie passages en misschien eens een foto van een briljant uitzicht of van een zwaar gehavende deelnemer (selfie?) op een verzorgingspost :-) 

Via de website van de organisatie: http://utmb.livetrail.net/coureur.php Typ in het zoekveld Tsjeard of 455 en je krijgt een pagina te zien met het hoogteprofiel met bolletjes. Ieder bolletje is een tijdregistratiepunt. Tussen ieder punt kan wel enkele uren zitten, dus voor de relaxende volger ;) Kun je mooi tussendoor zelf even trainen! 

Via deze website: http://utmb2016.legendstracking.com/ Ik draag een “tracker” bij mij waardoor ik 24/7 te volgen ben. Iedere 90 seconden ververst de pagina en ben ik als het goed is weer een stukje verder op de kaart. Ook krijg je op deze pagina een goed overzicht van de gehele route. Dus besteed je weekend goed en blijf geconcentreerd naar dat puntje op het scherm kijken! Trainen kan ook volgend weekend wel weer ;)

Via een live aanwezigheid: voor een kleine honderdvijftig euro vlieg je vanaf Amsterdam naar Geneve, vanaf daar gaat er een paar keer per dag een shuttle service naar Chamonix en ben je er gewoon live bij, tentje mee en ervaar een ongeëvenaarde sfeer onder zo’n 7000 trailrunners. 

Mijn doel is om de finish te halen. Als ik daar 45 uur voor nodig heb is dat prima. 


Ik wens jullie allemaal heel veel volg plezier! Mijn telefoon staat gedurende de race uit. Dus even gezellig bijkletsen of appen zit er even niet in. 

maandag 15 augustus 2016

Into the Grave


Soms sizze bylden alles.
It wie sneon in prachtich metalfeest op it Oldehoofsterplein yn Ljouwert.

Sjoch dit prachtige filmpke fan Omrop Fryslân.

http://www.omropfryslan.nl/nijs/656344-fideo-crowdsurfe-op-grave



zondag 14 augustus 2016

It Lauwersmar om


Hjoed wer in alderaardichst rûntsje fytst mei Jellie.
Dokkum as startpunt en tsjin de klok yn
it Lauwersmar om.

It wie in grut genot om dêr te fytsen,
mei in soad fariaasje.
Bij it wetter lâns nei Dokkumer Nije Silen
op nei Zoutkamp

Oer Vierhuizen
en dan oer âlde diken


Bijschrift toevoegen




























Dêrnei hawwe wij de route naam















troch it oefenterrein fan it leger
en dat wie noflik en tige rêstich

Fisk wie der op Lauwerseach en
wij seagen mei genoegen nei al dy "trekkers" dêr
foar ús binne dat al dy fytsers mei bagaazje
dy't ûnderweis binne
In lichte foarm fan jaloezy makket him dan master fan ús

Fia Eanjum
(wêr't de COOP iepen wie, wylst ik miende dat er noch altiten oer diskussearre wurdt oer wol/net iepen op snein yn Dongeradiel)
Fia it fantastyske Metslawier
lâns Wetsens
troch it tsjustere en tryste Ealsum
werom yn Dokkum
Hast 60 moaie kilometers

donderdag 11 augustus 2016

Belgen

Belgen, in frjemd folkje
Nim no de diken dy lizze der foaral suterich bij,
gatten en skuorren slaan foar master op.....

Mei fytspaden is it al net oars.
Der is gjin struktuer,
men docht mar wat.
wij seagen soms op in inkele kilometer fytspaad
wol 6 ferskillende soarten ûndergrûn,
fan kreaze tarre en betonblokken
nei klinkers, nei balstiennen nei grind nei gers.....

foaral dy freeslike balstiennen .....
(kulturiel erfguod sizze se dêr)

Wat wol bysûnder is dat de jaachpaden neist de rivieren
iepenbier tagonklik binne.
altyd
oaral
ek at der grutte fabriken lâns it wetter stean..
je moatte gewoan tusken de frachtautos trochfytse
of troch heale kalkbulten
mar it paad giet oan de oare side fan it terrein fierder....

Op ien kear nei, erfaarden wij ferline wike bij Luik
Hjoed seach ik dit artikel yn it AD
Ferhip tocht ik dat komt mij bekend foar...


Dit is fanút Google maps in foto fan dy sintrale bij Hoei
en sa't jim sjen kinne stiet dy oan de Maas.
Lâns dy Maas rint Ravel 1,
dat is de lange ôfstandsroute foar fytsers  yn Belgie
dy't wij folgden nei fan Dinant nei Luik.

It paad rint er neffens de kaart gewoan efter lâns
en wij folchden de buordsjes trou

Wij wiene suver al kreas op wei, op it terrein
doe't wij stuiten op in slachbeam
en in net al te helpfeardige bewaker
"Nucleair, go back", sei hij yn it Ingelsk,
wierskynlik omdat hij it Fryske flagje
op  myn fyts yn ferbân brocht mei it Ingelsk.

"Velo, bike, fiets, route", ús wurden fûnen gjin gehoar...
wij moasten op de grutte en drokke dyk
en koene kilometers fierder wer op it paad komme


maandag 8 augustus 2016

In kaartsje

Wij binne werom fan in moaie fytsfakânsje fanút Súd Frankryk.
Dêroer de kommende tiid noch wol wolris wat nijsgjirrige dingen

Wij stjoere al jierren
krekt as alle oare minsken
gjin kaarten mear fan ús fakansjeadressen....

Wij sieten dit jier op 20 ferskillende kampings.......

Op 28 july wiene wij yn it stedsje Toul en wij rûnen dêr wat om.
Der wie ien kollega dy't foar de fakânsje noch frege hie
at hij ek in kaart krige.
Hij wist it antwurd wol.

Doe't ik dizze standert stean seach, appte ik him de boppesteande foto
mei de fraach hokker kaart hij ha woe......




Op 8 augustus stie dizze spotprint yn it AD..........

maandag 11 juli 2016

Min

Dêr ha je wer sa'n berjocht,
it giet min mei de Fryske taal,
dy stjêrt út.

It sil allegear wol, mar
yn alle gefallen net foardat ik de piip oan Marten jou....

Keatsen dat stjêrt wol út..
allegear nuvere fratsen wurde der úthelle mei de keatsbal
It is it bewiis dat it keatsen syn langste tiid hân hat.

der wurdt omraak feroare
de opslach,
wanten mei slachark
de spulrigels
de ballen
ensf.
en der komt net in mins mear te sjen

noch slimmer is de ûntwikkeling
fan al dy spultsjes mei in bal
om it keatsen hinne

muorrekeatse
teatse
largue of soks sa wat

it jout oan dat keatsen ferfeelt
en dat der socht wurdt nei oare balspultsje farianten
 mar dat is gjin keatsen rop ik dan...


zondag 10 juli 2016

Frysman

Sneon 9 july wie de twadde Frysman Triatlon.
In prachtich sportevenemint op it Reaklif en fiere omjouwing
3,8 km swimme
180 km fytse
42 km drave
begjin der marris oan.....

Freedtejûn wie de pastaparty.
dielnimmers en helpen-helpers
moeten elkoar yn de feesttinte





De parse prate doe efkes mei de trije organisatoren fan it earste oere: Marco Douma (de Jouwer), Tsjeard Hofstra (Wommels) en Martine Brandsma (de Lemmer)

Dielnimmers krigen it nûmer op ferve troch twa froulju

sneontemoarn foar 7 oere stie de dyk bij it Reaklif fol,
om te sjen nei dy stoere helden yn it wetter fan it Iselmar.
Hege golven makken it de dielnimmers net maklik

In spesjale oanmoediging foar Samme Steenstra
(en ek in bytsje foar ús jongste pake-en beppesizzer dy't it hiele feest meimakke hat)

mei syn mem en heit yn syn moaie blaue sjurt fan de Frysman


in sfearfolle finisj -stellaazje, doe't dielnimmers noch begjinne moasten



en om goed healwei tsien oere jûns
waard de lêste dielnimmers ek as held binnen helle

Ik bin Jort van Zutphen tankber foar de moaie foto 
dy't er makke doe't ik ûnderweis wie nei Laaksum 
wêr't ik op in fersoargingspost stie fan 12 oant 21 oere.

In moaie dei....


Frysman

Sneon 9 july wie de twadde Frysman Triatlon.
In prachtich sportevenemint op it Reaklif en fiere omjouwing
3,8 km swimme
180 km fytse
42 km drave
begjin der marris oan.....

Freedtejûn wie de pastaparty.
dielnimmers en helpen-helpers
moeten elkoar yn de feesttinte





De parse prate efkes mei de trije organisatoren fan it earste oere: Marco Douma (de Jouwer), Tsjeard Hofstra (Wommels) en Martine Brandsma (de Lemmer)

Dielnimmers krigen it nûmer op ferfe troch twa froulju

sneontemoarn foar 7 oere stie de dyk bij it Reaklif fol, om te sjen nei dy stoere helden yn it wetter fan it Iselmar. Hege golven makken it de dielnimmers net maklik

In spesjale oanmoediging foar Samme Steenstra  (en ek in bytsje foar ús jongste pake-en beppesizzer dy't it hiele feest meimakke hat

mei syn mem en heit yn de prachtige sjurts fan de Frysman


in sfearfolle finisj -stellaazje, doe't dielnimmers noch begjinne moasten


en om goed heal tsjien oere jûns waard de lêste dielnimmers ek as held binnen hell

Ik bin Jort van Zutphen tankber foar de moaie foto dy't er makke doe't ik ûnderweis wie nei Laaksum wêr't ik op in fersoargingspost stie fan 12 oant 21 oere.

In moaie dei....


zondag 3 juli 2016

Folksliet


Ik ha net folle op mij it Fryske folksliet.
gewoan in ferkearde meldij
dy't net mei passy songen wurde kin
dat sjogge je oan it Hearrenfean publyk
it is lijenswei
om it ta in goed ein de bringen
tidens it sjongen foar de wedstriid

nee, dan de Italianen
dizze geweldige foto is makke
tidens it sjongen fan it folksliet
doe't se Dútslân ferslaan moasten

machtich, wat in passy......

(se ferlearen fan Dútslân)