donderdag 18 augustus 2016

Moaie nammen



It IFKS skûtsjesilen wie juster yn Sleat. Machtich moai wie it dêr op de Sleattermar.
Moaie nammen hawwe dy skûtsjes ek:
In ferslach:

En dêr sjogge wij de "Jonge Rein", de "Lytse Lies" en de "Jonge Jasper" tagelyk oer de startline gean.
Benaud sjogge de jongsten nei de "Raarder Roek", dy’t op de loer leit.
Se hawwe it net sa stean op fûgels dy't oer it wetter fleane.
Mar gelokkich is dêr de altyd sêftmoedige "Eelkje II" om harren wat út de wyn te hâlden.
Mar oer bakboard komt de folgjende oanfal: "It Swarte Wief" en "Wylde Wytse"; dy twa binne krekt op in metalfestival west en sitte noch fol adreline.
Mei it skûm op de kop en "Striidber" as altyd en op "Hoop fan Zegen" roppe se “Emanuel”, wat noch altyd “God is met ons” betsjut en op goed gelok fleane se krekt foarlâns.
Mar dan komme se yn de drokte: mei machtige slagen komt "Grutte Pier" (hielendal oplibbe yn 2016) der oan mei yn it spoar de "Drie Gebroeders".
En at dat net genôch is sjogge se de "Zes Gebroeders" ek noch oankommen. Yn de fierte leit "It doarp Eastermar" te blabberjen.
Mar mei in moai slagje en yn alle "Eenvoud" trotseare se ek dy en sa strike se mei harren trijen wer oan wâl.
Gesellich wie dat, sa sizze se, meielkoar "Ut en Thús"

Geen opmerkingen: