Prachtich fansels dy moaie resinsjes
yn de krante en op ynternet
dy't de mannen en froulju fan de organisaasje krije
nei it sechsde festival yn Wommels
Ik doch der noch in grut komplimint bij,
út namme fan in hiel soad besikers
want wat haw ik in soad positive reaksjes heard
op de jûn sels
fan minsken dy't altyd komme
of foar it earst de stoute skuon oanlutsen..
wat haw ik in soad fleurige minsken sjoen
op de jûn sels
En dêr docht de organisaasje it foar....
foar de minsken en de bern hjir yn de buert
sadat se net nei Lowlands hoege
It selde fermaak
de selde goeie muzyk
de selde bijsûndere dingen
dy selde kreativiteit
mar dan allegear wat lytser
wat nofliker
wat koarter
wat fertrouder
wat goedkeaper
en folle leuker
At ik de foto's no besjoch
dan is der mar ien konkluuzje
it wie super goed
at ik de muzyk weromhelje yn myn earen
dan kin ik allinne mar sizze:
it wie geweldich.
der siet net in ferkearde band bij.
de moaiste twitts nei ôfrin kaam út Winsum fan
Prachtige jûn hawn tn Wommels. Mei syn 4en Bob de fiets nei @Bob_Greidhoek
Bierke, hapke, én ferrekte gezellig! pic.twitter.com/oQfEGLoWQz
omkomme per boat.......
binnenkomme mei 1000 kraanfûgels
the Blind Roovers
Jick Munroe & Amazing laserbeam
Geen opmerkingen:
Een reactie posten