woensdag 24 augustus 2016

Frouljus PC


De grutte PC yn july mist,
dus hjoed nei de frouljus PC 
mei dochter Anne-Marije
op de fyts nei Weidum...

In oantal aardige partijen sjoen 
wetter dronken, fiskje iten en brún wurden

froulju en keatsen
emoasjes dyt heech oprinne,

it partoer fan Nynke Sijbrandij bijgelyks,
goed begong
en fol fjoer moedigen se elkoar oan,
de moed, de striidberens strielde út alle trije.....
oant trije earsten
doe bruts der wat
tsjinstanners kamen foar
en de striidberens gie oer yn 
yrritaasjes
lilkens 
fertriet
en noch folle mear lilkens doe't se ferlearen

petten, bidons, flokwurden 
it wie mear as it fertriet in partij te ferliezen...

it wikselsjen fan de opslach,
om wat te besykjen
foel hielendal ferkeard bij Anne Monfils
sij fielde har útsletten
sij fielde har te koartdien
en kaam dêr net mear oerhinne

har teamgenoaten negearden har
sij negearde har temagenoaten

foar ús
oan de kant
fielde it
as foel dat partoer dizze middei utelkoar....



Geen opmerkingen: