dinsdag 29 september 2026

Skrokke

Myn psoasspier moat los,

dêr bin ik fanôf dizze simmer foaral mei dwaande

It hindert mij mei rinnen

Nei behanneling bij Topfysio moat ik it no sels dwaan.

Bewege en dat is gjin straf.

Rinne fyn ik neat dus haw ik betocht

om frijwol alle moarntiden earst te skrokken

Dat is in kombinaasje fan sjokke en jogge op Skrok

Tsjin de klok fan 8 oere fyts ik nei de fûgelhut

Fan dêr út skrok ik 3 kilometer

soms 4 of 5

De earste kilometer is k"t

mar wat langer ik troch skrok wat better it wurdt

Elke kilometer in rondetiid

en ik sjoch yn trije wiken

in moaie foarútgong

Ek dy earste kilometer wurdt better

It jout mij in hearlik gefoel

at ik tsjin healwei njoggenen wer nei hûs fyts

Wêrom  op Skrok?

Hearlik rêstich dêr en in strak betonpaad

De 2 kear 6 feerusters (hinne en werom) binne ferfelend

mar ek dat went.

Dizze moanne al 60 kilometer skrokt.....







Geen opmerkingen: