Wat in prachtich fytswaar. Troch 19 doarpen en ien stêd. Easterein, Reahûs, Snits, Toppenhuzen, Twellegea, Diken, Teroele, Jiskenhuzen, Sint Nyk, Skarsterbrêge, de Jouwer, de Broek, Goingearyp, Terherne, Jirnsum, Raard, Easterwierrum, Wiuwert, Britswert, Itens, Easterein en Wommels.
Fotot is makke op it binnepaad tusken Easterwierrum en Wiuwert. It wie sykjen dêr!!
In skultuer is in romtelik byldhouwwurk, wat makke is troch materiaal fuort te heljen. Sa sjogge je winters iisskultueren en simmers sânskultueren. Prachtige bouwwurken wurde der betiden makke. Yn Rotterdam is op dit stuit in hiele bijsûndere útstallingen fan skulptueren dy't mei it minslik lichem te meitsjen hawwe. Sjocht hjir
Yn 2009 wiene der prachtige sânskulptueren op Tessel.
Dit wykein stie yn it teken fan de famylje. It wie de kâlde kant fan de Holtroppen wer slagge in kamping te finen wêr't gjin karafans mei gerananiums foar de rúten en túnkabouters bij de yngong stiene. Alle 15 plakken wiene foar ús. En dy hiene wij ek nedich mei 20 tinten, twa sleurhutten en sa'n 40 minsken. En ús multifuksjoniele mar leadswiere legertinte en de tapynstallaazje wie der fansels ek. Bingo wie ferbean en oars mocht alles. Je mochten neat dwaan, omhingje, bierdrinke, op koekjes trakteare, buienradar op de foet folge, foto's meitsje, blêre as lampkes, serieus prate, de hûn útlitte, in poepke litte, in nij fet oanslúte, gitaar spylje, brún wurde yn de sinne, wiet wurde yn de rein, snurkje as boargen, fit wurde op it folleybalfjild, linich wurde op de trampoline, de smaak te pakken krije fan in tapbierke, efter de pûst reitsje fan foetfolley, skealike stoffen ynnimme bij it smoken, je twitterfreonen jaloers meitsje mei in tweet, noch fitter wurde fan al wer in bierke, bijkomme mei kofje en de darmen op de proef stelle mei de barbekjoe. En at je perfoarst woene, mochten je ek fan de kamping. Kamping Revehof bij Dronten is foar ús it ideale plakje om wer in jier praat te hawwen.
Eartiids wie alles better. Dat is lykwols net wier. Want eksamen dwaan froeger en no is wol wat in ferskil. Ik seach foto's fan bern dy't harren tafel ynrjochten foar it eksamen. Flessen wetter, in heal ûntbijt, in twix, in mars, in mandarijn en wat studentehaver. En fansels de wurdeboeken, de rekkenmasjines, de earwaarmers, de stressbal en it klachtebriefke. Nee, froeger wie it net better, mei allinne in pen en wat papierke op tafel. Nee, froeger koene wij net klaaie dat der bûten auto's riden, dat in doar kreaket dat in F16 troch de lûdsbarriere giet, dat der in spin oan it plafon hinget, dat in learaar stonk of dat it te dreech wie. Nee, froeger wie net alles better.
Ik mei graach Kûbaard efkes om. Efkes deidreame op de lisfyts. In lyts of in grut rûntsje Kûbaard. Dat grutte rûntsje giet fan Wommels ôf yn K0baard lofts ôf, fia de Slachte kom je dan út bij it fytspaad nei Tritzum. In paradyske is it dêr. Dy 2 kilometer troch it lân, op in smel en bochtich betonpaad, tusken hege gerzen en in soad blommeguod is alle kearen wer in geweldige belibbenis. Dêr tref ik hast nea immen. Ik reitsje dêr oere en tiid hielendal kwyt. En ik wit betiden ek net mear wêr't ik bin. En dat hoech ik ek net te witten. Mar sûnt koart is dat oars. Ik seach it hjoed fan fierren al stean. Wat is dat dêr no. In ferkearsboerd. Midden yn it lân? Mei ik dêr net parkeare of is ynheljen ferbean?
Wat tichter ik bij kom wat mear myn ferwûndering. Werom stiet hjir in boerd midden yn it lân.
Ik bin no yn de gemeente Littenseradiel wol it boerd mij dúdlik meitsje. Mar dat wol ik hielendal net witte. Ik wol gewoan hjir wêze en dat hjir is hjir. Dat hoecht net in namme te nammen en ik wol it net witte. Tiid, oere en plak wol ik net witte at ik hjir bin. Wat hat it fan doel dat ik wit dat ik hjir midden yn it lân yn Littenseradiel bin. Wêr bin ik dan oan de oare kant fan it boerd. Hjir reitsje ik fan yn é war.
Dit boerd moat der wei. Dit steurt mij mear as in draaiende wynmûne. Kin yn it ramt fan besunigingen ek in heroerwaging makke wurde om sokke ûnnoazele buorden yn it l n fuort te besunigjen. At se dan dochs wat oanjaan wolle doch it dan mei in moaie griene tekst op it paad.
Yn Ljouwert is in fuotbalklup dy hawwe se nei sweltsjes neamd. Wat de reden dêr fan is, wit ik net. Wol ik ek net mear witte. It is in skande dat sa'n fuotbalklup him neame lit nei in fûgel. In sweltsje is in sjongfûgel. At ik in Ljouwerter swel wie soe ik mar net te lûd sjonge. Want dat hat in falsk lûd. En gemien. En ûnbetrouber. In swel wurdt yn de skiednis ek sjoen as in fûgel dy't gelok bringt. Dy fabel kin de wrâld gelyk út. Ungelok bringe se. Seker yn Easterein. Der wurdt ek wolris sein dat wêr't in sweltsje syn nêst makke, dat de bliksem dêr net ynslaan sil. Ik hoop dat it krekt oarsom is en dat der tal fan nêsten binne op harren sportpark. Om mij mei it dêr tongerje en ynslaan. 11 Ljouwerter swellen fan Ljouwerter Swellen 11 presteare it om dizze kompetysje 3 kear ôf te beljen. Trije kear wylst wij mar twa kear tsjinelkoar hoege. En dan hawwe wij ek noch in kear yn Ljouwert west. Sels dat wie in drama. Gjin fjild, gjin boks, gjin skeids en gjin bal. KNVB gryp yn: skors sokke lju foar lange tiid en set se asjublyft nea wer bij SDS 5 yn de kompetysje.
Ik siet oan de ein fan de middei foar de TV. Sparta - Excelsior. De twadde helte. Wat in ferskriklike fertoaning wie dat. Alles wat ferkeard gean koe, gie ferkeard. Oan beide kanten. Dêrneist noch irritante oertredingen en irritant gedrach. Mar it wie wol spannend. Want de hinne wedstriid wie yn 0-0 einige. En dat hold mij bij de t.v. Ik tocht oan earder hjoed. Yn Boalsert bij it keatsen wêr't it ek spannend wie en ek seker net goed. En hiel efkes flitste it troch mij hinne dat ik hjoed it keatsen moaier fûn as it fuotbaljen. En dat is unyk. Mar it gefoel duorre net lang. 86 minuten hiene wij wachte op de mominten. De mominten dy't fuotbal sa moai meitsje kinne. 86 ste minút: Excelsior krijt strafskop. Fernandez mist troch heech neist te sjitten 91 ste minút: Sparte skoart en Aad de Mos giet út syn dak. 94 ste minút: Excelsior skoart (Fernandez) en Aad wit it ek net mear 95 ste minút: Sparta is degradeart. Gûlende bern, gúlende frouen en gúlende mannen. Allegear mei in Sparta sjurt oan en in Sparte sjaal om. En Aad: dy wit net hoe gau der fuort wêze moat.
Stel no ris foar dat kunde fan mij út it Westen fan it lân woansdei belle hie en tsjin mij sein hie: "Aant, ik wol tongersdei nei it keatsen yn Tsjummearum. Ik haw heard dat it allegear oars wurdt en wol it âlde spul in kear meimeitsje. Fan de earste oant de lêste slach wol ik it meimeitsje. Wat soesto dêr fan fine." En hij heakket der noch oan ta: "Ja ik wit datsto wol wat kritysk bist oer it keatsen mar dit moast foar mij oer ha, ik wol it mei dij belibje." Myn foarstel om de hiele dei nei de blomkemerk yn Ljouwert te gean, waard net yn behanneling nommen. En sa fytse wij (yn myn fantasij)moarns om 9 oere Wommels út om nei 18 kilometer oan te kommen yn Tsjummearum. 10.00 begjint it. Ik lis him út dat ik earst foar Wommels bin, dêrnei foar Easterein en dêrnei foar Hartwert en dat it mij dêrnei hielendal neat útmakket. Foar 12 oere binne myn en dus ek syn favoriten der ôf. Wij drinke wat (net ûntinkber) wij ite in fiskje, wij rinne wat en wij prate wat mei dizze en dy. En wij sjogge wat nei it keatsen. Mar foaral wij wachtsje...wachtsje...wachtsje op de lêste slach. Om ende bij 19.00 oere falt de lêste slach en wij binne stikken. Stikken fan it wachtsjen. Op wei nei hûs prate wij nei. "Hat it wat foldien?", sa wol ik graach witte. Ik krij der gjin sinnich wurd mear út. Hij falt op de fyts yn sliep deawurch fan it wachtsjen.
Gelokkich haw ik gjin kunde yn it westen dy't sokke fragen stelt. Gelokkich koe ik it sels bepale. Op de fyts nei Tsjummearum (18 km) Wommels, Easterein en Hartwert foar tolven ferliezen sjen, in praatsje, in bakje kofje en kibbeling, op de fyts nei Ljouwert (22 km), swinge op de blues fan the Nighthawks yn de Prinsetún, in bierke of wat en op nei hûs (21 kilometer). In moaie dei en foar iterstiid thús.
Ien grut Europa is it beste foar de takomst, waard ús al moai wat jierren lyn foarholden. Wij mochten der oer stimme. Mar myn stim hat net folle holpen. Ik leau der net yn. Ik leau yn lyts en lytsskalich. It iene lân nei it oare komt yn krisis en dat is no ek ús probleem. Werom ik dit skriuw? Ingelân hat wer in nije regearing. It lân is yn dikke krisis en dat ûndanks it linksriden en de pûn. Hiene ek sij echt bij Europa heard, hiene wij dat probleem der ek wer bij. Mar ik los alle problemen op mei muzyk. Twa klipkes mei it selde nûmer. Hard times of old England. Fan Steely Dan en de âlde mannen fan de Copper family. En de tekst stiet der ûnder. Hearlik sa'n ballade yn twa útfieringen.
Come all brother tradesmen that travel alone, O, pray come and tell me where the trade is all gone, Long time I have travelled and cannot find none, And it's O, the hard times of old England, In old England very hard times.
Provisions you buy at the shop it is true, But if you've no money there's none there for you. So what's a poor man and his family to do? And it's O, the hard times of old England, In old England very hard times.
If you go to a shop and you ask for a job They will answer you there with a shake and a nod. That's enough to make a poor man to turn out and rob, And it's O, the hard times of old England, In old England very hard times.
You will see the poor tradesmen a-walking the street From morning till night for employment to seek. And scarcely they have any shoes to their feet, And it's O, the hard times of old England, In old England very hard times.
Our soldiers and sailors have just come from war, Been fighting for their King and their country sure, Come home to be starved better have stayed where they were, And it's O, the hard times of old England, In old England very hard times.
So now to conclude and to finish my song Let us hope that these hard times they will not last long. And I may soon have occasion to alter my song, And sing O, the good times of old England, In old England very good times.
Ek ik haw myn dreamen. Mei mear as bysûndere belangstelling folgje ik as lânrôt it skûtsjesilen. Skûtsjeskipper wêze dat is in dream foar mij. Mar om dat te wurden moatte je út in skipperslaach komme. En dat liket der net op. Ik bin yn de stambeam al oan it sykjen west at ek earne in oanwizing is dat ik skippersbloed ha, mar it levere neat op. Ik sil mij der bij dellizze moatte dat skipper wurde der net ynsit. Net allinne om dy reden sit it der net yn. Ik haw ek wettereangst. Ik tink net dat ik dêr mei berne bin. Ik slút net dat, nee ik bin der wol wis fan, dat haw ik opdien doe't ik 6 wie. Fanôf dat momint wie wetter gefaar, wie wetter de dea. Yn dy sfear bin ik grut wurden. Mei dat gefoel moast ik swimles dwaan yn it LOZ, it Leeuwarder Overdekt Zwembad. Wat wiene dat freeslike middeis. Hieltyd mar wer de striid oangean mei it wetter, mei dy swimleraar. In diploma? It is him net wurden. Ik moast altyd stean kinne, oars bruts der fan binnen panyk út bij mij. Boatsjefarre is gjin genoegen foar mij en ik moat fêststelle dat it mei de jierren allinne mar slimmer wurden is. Wettereangst. Skûtsjeskipper wurde dat sil in dream bliuwe foar mij want in dream mei wetter is bij mij meast in nachtmerje.
Dêr wurdt ik no net bliid fan. In útnoeging foar de Lekker Vitaalmerke yn it Swimbad yn Wommels. Ik griis allinne al bij it idee dat ik nei it swimbad moat. Dat hat altiten in straf west at ik der mei de bern hinne moast om harren it swimmen leare te litten. Ik griis hast like folle fan it feit dat ik mei de noas op de feiten drukt wurd: 55 plus. Ik hoop dat it der hartstikke drok wurdt kommende sneon. Dat elkenien mar tefreden nei hûs gean mei, folstoppe mei tips en trucs oer iten en beweging. Mar ik hoop wol dat de besikers harren "image en styling" hâlde want at Nelleke Mulder yn de buert komt, dan kinne je samar feroarje yn in opstoppe kwast. Ik gean dy dei lekker fuotbaljen en fytse en nei ôfrin ûnder de brûs en de fingers troch it burd sadat ek wer wat liket en in bierke foar in goeie trochstreaming fan it bloed.
Maarten van Rossum, de eigensinnige professor, dy’t in miening hat oer alles en elkenien, wat mij tige oansprekt, sei it dizze wike: “At Hitler der net west hie, hie der gjin twadde wrâldkriich west”. Ik tocht oan dy útspraak doe’t ik 5 maaie op it befrijingsfestifal yn Wageningen wie. No, ja befrijingsfestifal. Bij de muzyk wie net te kommen. Ik skat dat ik mij lans sa’n 50.000 minsken wrotte moast om van Velzen te sjen en dat hie net slagge sûnder spul te krijen. En dat is no krekt net de bedoeling at it om frede giet. “At der gjin leger wie, is der ek gjin oarloach”, mompele ik yn mijsels, doe’t ik lans dy oare 50.000 minsken fytste dy’t oan de kant fan de dyk stiene. Sij stiene der net foar mij, mar se stiene dêr te wachtsjen op al dy jeeps, tanks, militaire korpsen, 3-tonners, Kanadezen en soldaten dy’t oan de optocht meidiene. Ik seach soldaten en foaral eks-soldaten. Sij hiene foar dizze gelegenheid harren uniform wer opsocht en rûnen mei it boarst foarút, foar safier dat slagge mei al dy medaljes op it boarst.
Depri waard ik der fan. “At der gjin leger wie, is der ek gjin oarloach”, sei ik lûdop en it wie mar in gelok dat se mij net ferstiene oars hie ik miskien al wer spul hân. “At der gjin leger wie, is der gjin oarloach,” en ik tocht oan myn jeugdsûnde fan jannewaris 1975 oant april 1976. 5 maaie 2010 wie ik yn Wageningen, it episintrum fan de betinking. En ik wie bliid dat ik de stêd gau efter mij litte koe. Ik ferlangde nei it befrijingsfestifal yn Ljouwert. Nei in bierke yn de Prinsetûn en nei Scrum. Want dêr wurd ik net herinnere oan in leger wat der nea wêze muotten hie. Stel je foar...gjin leger.....
De titel fan dit stikje dekt de lading net. Want in berch is mij gau te heech. Ik bin net sa'n berchgeit. Mar dat witte je pas at je it prebearje. It fielt al as in oerwinning at ik de Cauberg fytsend opkom. Mar goed dat ik gjin hertslachmeter draach. Wat in freeslike ynspanning. Allinne mar dwaande wêze om krekt genôch gong te holden om net om te donderjen. 2008 slagge it krekt, mar yn 2010 gie ik mei gemak nei boppen. Ik tink tanksij myn nije fyts. En omdat ik wat earder boppe wie koe ik Jellie moai op de foto sette. Dy hie ek net folle each foar de omjouwing.
Wat in middei, wat in jûn. Bluesmuzyk yn Easterein. BJ Hegen mei Auke Bloemhof en maten. Jong en âld (foaral âld) stie op de dûnsflier. Wat in sfear, wat in muzyk. Wat bin ik bliid dat der folgend jier wer blues is yn Easterein.
It wie hjoed net in moaie dei om in kninehok ynelkoar te setten. Ik wit ek net at der wol geskikte dagen binne om dat te dwaan. It wie wol in moaie dei om te fytsen. Dus de stoute fytsskuon mar oan en op de Sinner rjochting Tsjom. "Tsjom dêr binne alle minsken dom, útsein dûmny en pastoar dy witte wat mear as in oar". Dy siswize haw ik al hiel lang lyn leard en alle kearen at ik dêr nei ta fyts tink ik dêr oan. Wylst de klanken fan ACDC mei Hells bells út myn MP 3 klinke draai ik foar Tsjom op nei Tritzum. En it wurdt dom nim ik mei op wei nei Tritzum. Dom, fyn ik it berjocht dat lûdsdragers op fytsen feitlik ferbean wurde moatte. "Tommy, can you hear me" sjongt The Who en ik hear de skriezen sjongen. Wêrom mei ik op de fyts net in muzykje op hawwe. Ik hear alles mei de dopkes yn de earen. "Fly away" sjongt Lenny Kravitz wylst ik twa F16 opstigen hear. Alles wurdt sa stadichoan ferbean. Autoride mei in komplete diskoteek der mei wol en in fytser mei wat eftergrûn muzyk mei net. En wylst Normaal Oerend hard sjongt draai ik de Slachte op en hear ik in moter 5 kilometer fierderop oplûken. Noch 90 sekonden dan hellet hij mij yn. Nee der ûntgiet mij echt neat. Ophâlde mei dat ferbiedende belied. Lekker relakst fytse yn de greidhoeke is machtich en dan harkje nei de klanken fan John Miles.
Ik wist hjoed net hoe gau ik nei de papierkontainer drave moast. "Fúzjekrante Súdwest Fryslân" stie der op in krante. "De bouw van uw nieuwe gemeente is gestart". Ik wit net at it al yn Snits bekend is, mar dan is it goed om it hjir noch efkes te melden. Littenseradiel docht net mei. De rie yn dizze gemeente hat wol harke nei de bewenners. Ik winskje dy 88.000 ynwenners sterkte mei dy bestjoerders dy't geile op grut, grutter, grutst. Bin it bline hynders of binne se geowan in bytsje gek.
Snein 18 april wie in moaie dei. It begong mei inkele buien. Ja seker, bij de Formule 1 yn Sjina. Om 9 oere begong it en wat buikes bij autoresen is net ferkeard. Hjir skynde de sinne en waaide it net te hurd. Dêrom de Fluessen mar efkes om op de lisfyts. Fia Folgeare, Easthim, Heech, de Hommerts, Wâldsein, Ealahûzen, Koudum, it Heidenskip en Warkum werom nei Wommels. En at je sa'n dei wat om je hinne sjogge dan falt op dat it sneins fuotbalsjurtsjeswaskdei is. Bij in pleats bij Koufurderige hongen de sjurtsjes fan Hommerts, bij Wâldsein de readen fan de klup mei de selde namme en flakbij Kolderwolde seach ik it giele fan de Wâlde. En thús hongen de sjurtsjen fan SDS 5. Dy wiene 4 oerkes letter moai droech. Dêrnei De Amstel Gold race sjen, Langs de Lijn heare en Studio Sport sjen. It wie in sportive dei.
Sa no en dan mei ik de linen útsette bij SDS. Letterlik wol te ferstean. Hjoed wie it wer safier. Tegearre mei Willem. Willem as kompas en ik efter de karre. De kalkkarre. Op de fjilden fan SDS. At it gers wat grien is dan is dat best aardich wurk. In moaie strakke line lûke bliuwt lykwols in hiele keunst. En seker hjoed de dei. It swiere karke troch de sânbulten triuwe komt echt op de bealch oan. Want je soene hast sizze dat der in swiere sânstoarm oer Easterein raasd is. Minsken wat in sân. Moai sân, dêr net fan. Mar lêstich om in karke foarút te triuwen. En noch lestiger om der in line op te krijen. En hielendal lestich om in bal rolje te litten. Ik bin benijd moarn. Wij hawwe ús bêst dien, mar hiene net folle eare fan ús wurk. At der moarn net mear in line op stiet....
It kin der kommende sneon 17 april wol ris mâl om wei gean yn Wommels. Ik tink foaral yn de buert fan it gemeentehûs, op de Keatsebaan en it begjin fan de Hofkamp. Ik slút ek net dat it Stroek tsjinje sil ûnderdûkplak en dat it op de Suderhaven ek ûnrêstich is. It soe samar kinne dat jim folwoeksen mannen draven sjogge, efter hagen fuortdûken sjogge en de pot ferlosse.Of dat se elkoar mei stokken te liif geane lykas it gefal wie yn de begjinjierren 60. Want yn dy tiid wie it meast woansdeitemiddei oarloach. Tusken de herfoarme skoalle en de iepenbiere skoalle. De iene stie oan de Hofkamp en de oare oan de Keatsebaan. En at se elkoar dy moarns seagen dan ropen se tsjinelkoar: "fannemiddei oarloch om 2 oere". Dat wiene nochris tiden: geowan in oarloach ôfsprekke en de begjintiid der bij neame. Der binne nea slachtoffers fallen, it "gefjocht" duorre meast ek net lang. Want al gau waard der ropt: "sille wij potbaarne". En de lantearnepeal op de Keatsebaan waard efkes it middelpunt fan alles. En dat potbaarnen dat brocht partijen earst bijelkoar mar dêrnei ek wer tsjinoerelkoar. Want bij it kiezen fan de partijen kamen de skoallen wer tsjinoer elkoar te stean. En soms gie it mei it potbaarnen mis. Gemien spul. En dan wie it echt oarloach. Sûnder oankundiging, mar mei stokken. Sneon 17 april hat de iepenbiere skoalle yn Wommels in reuny. Moai is dat. Ik hoop dat se net allinne werom sjogge op de tiid yn de bankjes mar dat ek nei "dy moaie potbaarnerij" op woansdeitemiddei. Ik bin benijd at se sneon ek potbaarne. It kin sûnder driging fan dy irritante herfoarmen, want dy binne der sneon net bij.
Mei muzyk fermeitsje ik mij tige. Mar muzikaal bin ik net. Wol muzikaal is Tjeerd Abma. In omkesizzer. Komt út Frjentsjer en hij hat meardere feestjes opfleure mei syn muzyk. Ek hjir yn Wommels en Easterein. Meast kovers mar yn alle gefallen mei syn moaie en wat heasige stim. No hat hij in soad tiid stutsen yn it meitsjen fan in klipke. Gjin fleurich nûmer mar in stikje muzyk mei gefoel. En dat begryp ik hiel goed. En omdat ik gek bin op de mûlharp ek noch mar efkes Space Oddity der bij.
Ik hie der noch nea fan heard. Popa Chubby. Mar in New Yorker on tour yn it Bolwurk yn Snits moat wol wat bijsûnders wêze. En wat blues op é tiid is net ferkeard. Mei it wyntsje yn de rêch en ûnder in heldere stjerrehimmel op wei nei Snits. Koe om kertier foar tsienen noch moai in stikje Roadhouse meinimme. De stimming siet der al aardich yn. Mar krekt efkes oer healwei 11 oere waard it podium fuld mei trije muzikanten. Better sein, in slachreaufeint, in basgitarist en in gestalte. It gestalte kleure blau en net allinne troch syn gitaarspul mar mear troch syn omfang sette hij alles efter him yn it skaad. Twa nûmers hold hij it fol om te stean en doe joech hij him del op in wierskynlik stevige stoel. Popa Chubby wie yn Snits en liet de leafhawwers heare wat hij allegear mei in gitaar kin. Dat hij sa no en dan ek song wie meinommen mar dat like bijsaak. Mei gefoel foar humor spile hij Halleluja en Sympaty for the devil fuort efterelkoar oan. En sa gie it twa oeren oan ien stik troch. Sittend en alhiel opgeand yn syn spul. Oant de tajefte. Doe gie hij noch efkes stean. En koe ik him noch efkes op de foto sette. Kertier foar ienen wie it dien en nei trije oeren stean siet ik noch lekker sa'n 40 minuten op de fyts.
Aaipop is foar mij net allinne muzyk, mar foaral ek taal. De Fryske taal wol te ferstean. En mei dy taal begjint it at je fan te foaren it programmaboekje keapje en de tiid nimme om it te lêzen. Allinne dat is al in lust foar it each. Mei moaie Fryske wurden. Myn kollega’s gnize harren stikken at ik oanjou dat ik hieltyd ferfar fan de lûdskuorre nei de Hark&Huverseal. En wat de tinken fan de Teneftertinte, in wurd wat allinne yn Nijlân brûkt bestiet en dan ek noch mar allinne op peaskemoandei. Nim no sa’n wurd as slachreaufaam. Ja dat is sij fan Skraal dy’t op de trommels en bekens slacht. En Jitizer, de 5 mannen dy’t tongersnútte, bongelmeppe, triedepiele, baskepulkje en triederause. En at ik programma peaskemoandeitemoarn noch in kear trochlês, dat slacht it entûsjasme, wêrmei’t de groepen harren presintearje oer op mij. Taal, wurden dat is sa moai, dêr kinne je minsken mei ôfstjitte mar ek mei bine. En de wurden dan de Doelleazen fan de Jarretankers, fan de Opskuorders, fan de deRoels en fan de Frysellicanen nim ik op de fyts nei Nijlân. Mei in goed sin en in tsjin de gewoante yn, in horloazje om de pols. Want ik wol besykje alles te sjen. De iene wat langer, de oare wat koarter. Ik wol sjen en foaral heare at se de wurden wiermeitsje kinne en nim mij foar om in berop te dwaan op myn “net hingjenbliuwetalint”. Ja, ik sil op tiid wat moais ferlitte moatte om mij ferrasse te litten yn in oare seal. Tusken 14 en goed 22 oere haw ik allinne mar ear en each foar de artysten op it poadium. Ik sykje myn plakjes fier bij de bar wei en gean myn sosjale kontakten út de wei. Ik sjoch, ik plan, ik harkje, it skriuw, ik hâld de kop der bij. 8 oeren op fuotten? Wat bin ik bliid mei de hark&huverseal. Net allinne foar de muzyk mar ek foar de stoel. Nei de bakken hearlike herje is it geweldich bykomme mei de wrâldske en yntimere muzyk. Ik haw sels noch mei songen mei de ko fan Sonnema. De lûdskuorre dat wie myn favorite stekje. Net allinne troch Skraal, deRoels, Jarretank, Doelleazen, Frysellica en de Feetwarmers, mar gewoan, omdat it dêr sa lekker ljocht en iepen wie. It stonk der nei miich, it tochte as de sykte mar de sfear dêr die mij alles ferjitten. Troch ús taal stiene de mannen fan Frysellica op it poadium. Wat oaren tribute band kinne, kinne wij ek, hearde ik Sipke de Boer sizzen. En omdat sij de muoite naam hawwe om efkes meielkoar wat Fryske teksten te meitsjen stiene sij op Aaipop. Neat mis mei. Seker net. It soe oaren oanfiterje moatte om no al nei te tinken oan it heechste doel wat in Fryske muzikant berikke kin. Spylje op Aaipop. Om goed 22 oere at Piter Wilkens it folksliet begjint te sjongen, wêr’t ik iit pikefel net fan krij (mar wol fan de kjeld) stap ik wer op de fyts. Fit, de kop fol mei muzyk en de earen yn de sûs. En op de Skieppeleane rjochting de Kliuw tink ik oan dat aardige momint op it lêst fan de jûn. Doe rekke ik efkes út myn sosjale isolemint. Dy jonge en dat famke. Hij woe graach witte hoe’t je sa’n burd krije kinne en sij woe mei trije tuten útprebearje hoe’t in burd fan 1975 fielt. Ik koe beiden harren gerak jaan. En omdat it oer de taal giet slút ik mar ôf mei de wurden fan in faam: in tútsje sûnder burd is in aai sûnder sâlt en se frijde mei rûge Wopke.
31 maart wie it de lannelike “fietsnaarjewerk” dei. Mei de wittenskip fan no, wie dat net in goeie kar. Want in stoarmeftige kâlde wyn noege net út ta fytsen. It parkearterrein bij myn wurk mei 33 auto’s joech yn alle gefallen oan dat net elkenien him drok makket om sa’n tema. Ik meitsje mij der ek net drok om. Ik haw neat mei sokke temadagen. De dei fan dit en de dei fan dat, sa is der altyd wat. Dochs koe ik it net litte om efkes yn it fytsehok te sjen. En dat stemde mij tefreden. It wie goed fol. Der kin net mear bij. It is mar goed dat der net mear op de fyts komme. Want foardat je it witte wurdt der ropt dat it fytsehok te lyts is en dat der der ynfesteard wurde moat yn in fytsehok omdat it “ de dei fan de fyts” te lyts wie. En foardat je it witte kin ik myn fyts net kwyt. Nee, ik bin bliid mei myn kollega’s dy’t gebrûk meitsje fan it romme parkearterrein. Mar ik bin foaral ek bliid mei de kollega’s dy’t wol fytse. Want krekt as boekekasten kinne fytsen hiel wat fertelle oer de fytsebesitter. Ik telde 18 fytsen sûnder stang en 7 fytsen mei stang : dat kin iets mei it geslacht te meitsjen hawwe. Fan dy 25 fytsen wiene der 9 mei in fytsetas en 2 mei in kuorke foarop: dat betsjut praktische kollega’s dy’t op de weromreis efkes bij Aldi, Albert Heijn of de fiskboer lâns gean. Der wie 1 mei in stitsje foarop (lyts berntsje) en 1 mei “stitsje” efterop (al wat in âldere dochter of soan). Der wiene 2 mei in kilometer teller (prestaasje types) fan nei de oarloch (gean mei de tiid mei) en ien mei in teller fan foar de oarloch (hâldt net fan moderne dingen). 1 fan de fytsen wurdt mei plakbân bij elkoar holden en seker it sadel: wij meie oannimme dat dizze kollega de fyts ek brûkt foar nei de kroech. Bij 16 fytsen siet te min lucht yn de bân; sij hâlde fan swier fytse of witte net hoe’t in fytspomp wurket. En ien fyts hie in bidon: dat is in kollega dy't altiten toarst hat. Se stiene allegear op slot. En der stiet ek noch sa’n wibelige libbensgefaarlike lisfyts tsjin de muorre. Telt dy net mei?. Nee, dy telt net mei. Wat lekker lui efteroerlizze en ûnder de wyn trochgean is, hat neat mij fytsen te krijen.
Lekkere blues sneintemiddei-jûn yn kafé Bergsma yn Easterein. Moai dat bluesCrew Tsjeard dochs noch in foto makke fan the Blues Kings. Dy't der wiene en dat wiene der te min koene it tige wurdearje en dy't der net wiene hawwe it mist. De lêste snein yn april noch ien kâns om sjen te litten dat blues yn Easterein bliuwe moat mei BJ Hegen.
It is net goed om fol mei emoasjes stikjes te skriuwen. It kin mear kwea dan as goed. Dêrom dit stikje skreaun wylst de emoasjes mei dwers troch de kiel spatte. Ik bin lilk, lulk en poer. Op dy freeslike lju fan Ljouwerter Sweltsjes 11 (LS11). Dy freeslike lju dy't krekt dogge of sitte se op fuotbal. Dy't balje at it harren útkomt. Dy't in tsjinstanner nedich ha mar der leaver sûnder dogge. Dy't it ûnfatsoen ha om sneontemoarn om 10.15 ôf te beljen wylst de tsjinstanner om 10.50 út Easterein wei ôfreizget. Dy lju dy't totaal gjin noarmbesef ha. Dy lju dy't ek op 17 oktober 2009 ôfbellen foar de wedstriid yn Easterein. En nei de 5 ôflaste wedstriden yn it neijier fan wege te min spilers, en nei de 8 ôflaste wedstriden yn de lange winterperioade en nei de ferline wike ôflaste wedstryd tsjin OuweSyl kin ik fêststelle dat dizze ôflasting mear is as in lieder ferdrage kin. Totaal is it no 16 kear net trochgien. Asjeblyft tsjinstanners, sis dan gewoan tsjin de fuotbalbûn: wei wolle net fuotbalje tsjin SDS 5. Dan witte wij wer wij oan ta binne. Dit is swier kloaten en swier kut. En ik kin der fuort wol bij sizze dat alle ynhelwedstriden dy't troch de wike pland wurde, net oan mij bestege binne. Ik sit (miskien is siet wol better) sneons op fuotbal.
Sneon is it de dei fan de sliep. Dat stie yn de krante. Wat ik mij der bij foarstelle moat, wit ik net. Ik wol it ek net witte. Je kinne der fan alles bij betinke. Mar dat se de dei fan de sliep no krekt planne yn it wykein dat de klok in oere foarút moat, liket mij net in útslept plan. Snein is it de dei fan de lisfyts. Dat is tafallich. At ik mij sneon fersliep om mei te dwaan oan de dei fan de sliep kin ik snein de skea ynhelje. Want as lisfytser bin ik wol wend dat myn wize fan fytsen yn ferbân brocht wurdt mei de sliep. "Net yn sliep falle" ropt men mij regelmjittich ta. Of "krijst net lêst fan de nekke, sit dat wol goed, kinst wol wat sjen, is it net gefaarlik, sjogge se dij wol, is dat handich sa ding". Myn antwurden: nee, nee, ja, ja,nee, ja, ja. En nije wike is der al wer in dei fan iets. Woansdei is it de dei fan fytsneidynwurkta. Ek dat is in makkie. Ik ha wurk, ik ha in lisfyts, se ferwachtsje mij woansdei en it is droech of it reint of it waait. Mar fytse sil ik krekt as dy oare 40 * 4 dagen dat ik nei Snits fyts.
Sûnt juster is it dien mei Sibe de Seefûgel. Oan alles komt in ein. Mei de bek, de earen en de eagen fan in fûgel like it mij in útdaging om it fuotbal te relativearen mar ek om wat gek oan te stekken. Fan fûgels wit ik net folle en dat is wol sa maklik. Ik bin raar genôch wol wat begûn te hâlden fan Skrok. It liket soms wol of leaude ik der sels yn dat der echt in Sibe wie. Want nei 12 jier Sibe yn de buert fan Wommels en Easterein, sizze der in soad Sibe tsjin in seefûgel. En no op 18 maart 2010 is der in ein kommen oan it libben fan Sibe. Omkommen bij in fûgeloerloach. Yn 2000 wie der al foar warskôge dat it sa fier komme soe en no is it dan safier. Mankelyk wurd ik der net fan. Sibe hat in grytte ynspiraasjebron west om te skriuwen. Dat skriuwen dat giet troch, mar dêr haw ik gjin seefûgel mear foar nedich. Ik doar it no sels wol te sizzen. It begruttet mij suver wat foar Sibe dat ik misbrûk makke haw fan him om myn miening te jaan. Oan de oare kant wa hie oars ea heard fan Sibe? Sibe de Seefûgel is dea en dat fyn ik net slim. Of dochs wol in bytsje. Snik..snik...snik....
Ron Jans, trainer fan Groningen, rôp yn al syn emoasje nei ôfrin fan in wedstriid wêryn in oantal fan syn spilers tsjin reade kaarten oanrûn, dat hij mooglik de intelligentste trainer fan de Earedyfysje wie, mar seker it domste âlvetal hie. Gelyk sprongen de fuotbalanalitisi boppe op dy útspraak en fûnen it fan Jans net sa'n intelligente útspraak. Se fûnen it dom. Tiisdei 23 maart komt Ron Jans nei Easterein om foar de sponsers en klupfan50 leden in lêzing te hâlden. It hoop dat trainer Dick Schuurman, lieders René en Marco der ek binne. En ik rekkenje der dan op dat sij dan freegje: "Beste Ron Jans, hoe geane je om mei it domste alvetal fan de twadde klasse I?" Ik haw der net bij west yn Nijlân mar ik haw allinne mar heard dat in soad SDS supporters harren djip skamje en mei hiele kromme en kâlde teannen nei hûs gien binne. It domste âlvetal of it âlvetal mei de domste spilers?
Us katten binne hiel noflik. Se lizze wat, se spinne wat, se ite wat, en se sliepe foaral wat. Mar op bepaalde mominten dan komme se efkes bij je lâns. Geane op myn búk lizzen at ik lis te lêzen, skowe hoeden lâns myn skynbonke of wie it in knuffelfoet en se jouwe kopkes. Se freegje oandacht. Mei hûnen sil dat ek wol sa wêze, mar foar mij binne hûnen it symboal dat der ek wol misgien is yn de skepping. En sa sille alle bisten wol in trukje ha om oandacht te freegjen. Oandacht dat freegje bern ek. It is ek goed om bern oandacht te jaan, want oars komme se net goed te plak. Peter R.de Vries en ek Freek de Jonge raze om oandacht. It leafst sitte se om é dei bij de Wrâld draait troch of bij Pauw en Witteman. At se mar net op de selde dei oan de selde tafel sitte. Bij politike partijen draait it om macht mar miskien noch wol mear om oandacht. Agnes Kant (SP) begjint mei de oandachtlûkerij: sij sjocht it ynienen net mear sitten. Kroonprins Eurlings fan it CDA lûkt woansdei alle oandacht mei bylden fan syn moaie Hongaarske en syn moraalferhaal: húske, beamke, berntsje. In dei letter lit D66 fan sich heare: Hans van Mierlo dea. Hiel ferfelend fansels mar de oandacht op dit momint foar de partij mei in heech demokratysk gehalte komt goed út. Dan kin de PvdA net efter bliuwe. Bos wol syn trije bern ek ris langer sjen as 5 minuten yn de wike en set de PvdA yn de oandacht. Mar it toppunt is dan wol Cohen. Hij sjocht syn kâns en stoppet gelyk mei it boargemasterke boartsjen yn Amsterdam. Kin dat samar. Ja dus.
Ik haw leau ik al ris earder oer ús geachte steatelid Rendert Algra (CDA) skreaun. Ik haw wat in leafde haat ferhâlding mei dy man, tink ik. Om je wat breed te orientearen folch ik in oantal minsken op de twitter. Dat moat net allegear fan it selde wêze. Dat hoecht ek net myn favoryt te wêzen. Sa is it mei Algra ek. Hij is myn favoryt net. Him foardwaan as Fries mar at it kin Fryslân ferkwânselje wêr't er sels bij sit. Ik begryp net wat foar sin it dan hat dat je regionale politisi yn den Haag sitten ha. Ik begryp wol dat dizze Algra graach sitten bliuwe wol yn de Keamer. Hoewol, yn de keamer sitte betsjut neffens mij dat je de measte tiid der net ynsitte. Noch mar krekt te plak en in luzebaan. Wat wurkbesites ôflizze, wat stikken lêze (trochblêderje), wat knikke mei van Geel en foaral twitterje. Krekt as hjoed: myn twitterbak sit fol mei wol 50 berjochten yn in pear oeren tiid. Streekrjocht út de Keamer tink ik. Ik haw gjin idee wêr't it oer giet. It ienige positive is dat de man yn it Frysk twittert. Mar at dat op lange termyn genôch is om folger te bliuwen betwifelje ik.
Ik bin sa bliid dat de winter foarbij is. Hoewol neffens PP krije wij wer snie. Ik haw al in mail stjoerd nei de besitter fan de webside www.hetregentbijnanooit.nl om de namme oan te fulle mei www.maarhetsneeuwtweliederedag.nl Myn blidens giet de lêste dagen wol wat oer yn trystens. Dy freeslike debatten yn de oanrin nei de gemeenteferkiezings. It giet net oer gemeenten, it giet oer harren gelyk hawwe en krije wolle. Wat bin ik bliid dat wij net mear streekrjocht sjochjild betelje want it is dizze wike en wierskynlik de kommende moannen weismiten jild. Moarn stimme, gewoan op in partij dy't mar ien doel hat: Fryslân is moai, hâlde sa.
Prins Claus dêr hie ik wol wat mei. Werom wit ik net krekt. Of soe it wêze om syn ferneamde "Declaration of the Tie". Want wie hij it net dy't de strik yn de ban die en de strik fergeleek mei in slang. Slangen haw ik neat mei. Strikken dêr haw ik dus ek hielendal neat mei. Sûnder te prebearjen wit ik it wol hast seker. Se steane mij net. Of miskien noch better sein, se komme bij mij net ta harren rjocht. Dat seach ek striptekener DirkJan, dy't it AD alle dagen ferrykt mei humor.
Tryater prebeare freedtejûn it stik Diplodocus Deks út. Yn de sporthal yn Makkum. Ik mocht dêr bij wêze. Dus mei ik der ek wat fan fine. In akelich lege en foaral kâlde sporthal. In dreech stik. Want it wurdt omgekeard spile. It duorret mij hast te lang, foardat ik it leuk begjin te finen. Fansels der wurdt geweldich spile, der is in soad beweging en aksje mar ik (en ek oaren) hawwe muoite om it allegear te ferstean. It binne allegear ropperige en lilke minsken dy't wurden ynslikke en dy't te hurd wolle. En ik moat alle silen bij sette om it goed te hearen en dan ek noch om it omgekearde ferhaal op te pikken. It frysk is wer moai, de teksten binne (foar sa fier te ferstean) best genôch mar de humor dy't der yn sit komt net bij it publyk telâne. De taspraak oan de ein is wol hiel lang. Lauwe reaksjes nei ôfrin. Miskien moatte je dit stik wol twa kear sjen om nei ôfrin te sizzen, wat in geweldige jûn. Goeie rie fan mij: gean der wol hinne om it sels te belibjen.
Hjoed alhiel ferrast. In ansichtkaart mei de post. Mei de regiopost ek noch wol. In kaart fan myn heit. Alhiel út Indie. 1947 sa te sjen. Ik tink fan in nij rekord. Ja fan kaarten dy't it langst ûnderweis binne. Ik wit no wat dy kaarteûntfangers fiele. Geweldich om in kaart te krijen fan je heit dy't yn 1998 ferstoarn is. Dy 't nea wat loslitten hat oer syn tiid yn Indié. En dy heit stjoerde yn 1947 in kaart út Indie, dy't no oankomt. Rjochte oan Aant yn Wommels. Ik wie der doe noch net iens, mar wat makket it út. Alles is mooglik bij kaarten út it ferline. Der stiet ek noch tekst op.
"Beste soan, Hoe giet it yn Spannum? Wurdt der noch wat keatst of allinne mar kuorkeballe of knikkere? Wij keatse hjir net folle. Want "wa hjir de bal ferwachtet kin in kûgel werom krije." Ik bin hjir frijwillich hinne gien en wol graach werom. It hat totaal gjin doel. Wij moatte ús net bemuoie mei ynterne saken yn it bûtenlân. Ynmenging hat gjin sin. Striid om neat. At wij hjir wei binne mei flink wat minder soldaten dan is der neat feroare. Hoop dat wij se dat yn Nederlân aansens dúdlik meitsje kinne, sadat it regear him ôfsidich hâlde sil fan konklikten yn de wrâld, wêr't it ek is: Libanon, Irak, Bosnie of Afganistan. Ik neam samar wat lannen. Ik hoop dat wij hjir foar de simmer weibinne. It is hjir smoarhyt. En at it mij slagget, dan nim ik dat aapke mei, dan haw ik der twa thús. Groetnis dyn heit Jan"
De haadredakteur fan de LC giet de profinsje yn. Hij wol no wolris witte wat de lêzers fine fan syn krante. Mar leafst 10 minsken kamen op de earste bijienkomst ôf. Dêr komme de minsken de doar dus net foarút. Dat is spitich want it wurdt wol tiid dat de LC feroaret. Op dit stuit in krante wêrbij je flinke muoite dwaan moatte om der langer as in kertier yn te lêzen. Alteast sa giet it mij en sa hear ik it ek fan oaren. It is allegear krekt net. Krekt net (mei in inkele útsûndering) in leuke kollum, krekt net dat ferhaal wat nijsgjirrich is, krekt net in goed eftergrûnferhaal sûnder sensaasjedrift, krekt net mear as ien leuke strip. Tsja wat bliuwt der dan oer? In hiele soad dingen dy't ek al wit fia de radio. Gewoane nijsberjochten dy't de hiele dei lânsfleane op radio of ynternet. Mei it AD sil ik it krekt efkes langer úthâlde: Alle dagen 4 leuke strips, alle dagen goeie kolumnisten, mear eftergrûn ferhalen, goed sportnijs en..... in moarnkrante. Oh ja, wat echt in grut ferskil is binne de deade-adfertinsjes. De ljouwerter krante wit op "goeie" dagen minstens twa bledsiden fol te krijen wylst yn it AD alle dagen 1 of heechstens twa adfertinsjes steane. Dat jou mij in better gefoel. Al dy adfertinsjes hoege fan mij net.
Moandeitemiddei om in oere as ien stapten wij yn de auto. It wie griis en it wie wiet. Om goed fjouwer oere kamen wij wer thús. It wie noch altiten wiet en griis. Wij wurde net bliid fan sok waar en seagen dus wakker brimstich. "Wer bin jim juster op begraffenis west", frege de iene buorfrou de oare deis. "Op begraffenis?" "Ja, de oare buorlju seagen jim gean, Aant net oan it wurk, it wie begraffenistiid en jim wiene sa kreas yn de klean. Dus mei oare wurden: sij tochten dat jim op begraffenis wiene!" "No buorfrou, it is skoalfakânsje, wij wiene dus frij, it waar liet ús tryst sjen, it wie gjin waar foar koarte broeken, en de broek wie krekt wosken en wij wiene gau útsjoen yn 6 kassen mei orchideeen (frysk wurd sykje ik letter op). "Wie it leuk yn de Orchideenhoeve?", frege buorfrou belangstellend. "Nee, wij rekken yn in begraffenisstimming dêr."
Mei hert en siel sjonge. Dat is in keunst. Of krekt net. Sit dat gewoan yn je. Dy Ingelsen, dy kinne sa prachtich sjonge. Net allinne yn dy geweldige Ingelske bands mar ek bij it fuotbal. De hooligans, mei yn de iene hân harren bierke en hân as in fûst. De power. Of gewoan mei beide hannen yn de bûse. En nije ferskes dy oefenje se efkes op de stoepe foar de kroech. Dêr ha se gjin shantykoarerfaring foar nedich.
Alles wurdt tsjintwurdich wittenskippelik benadere. No lês ik de wittenskippelike benadering fan it reedriden. Wittenskippelik sjoen hie Annette Gerritsen de gouden medailje wûn op de 1000 meter at sij yn de binnenbaan finist wie, want wittenskiplik is bewezen dat at je wurch binne dat je better yn de binnenbaan finisje kinne. Dat hie 0,28 hûnderste fan sekonde skeeld en dan hie se earste west. Wittenskippelik kin ik dit wol folge. Mar ik barst yn trinenen út fan it gnizen at ik lês dat heechleraar S. wittenskiplik oantoand dat de rider yn de binnenbaan yn it neidiel is omdat it lûd fan it pistoal bij de start fertraagd oankomt bij de rider yn de binnenbaan. Ja, ja....
Sneinetemiddei yn it Bolwurk yn Snits. Aaipop der op út. Trije band dy't spylje om in plakje op Aaipop. Aaipop? Ja, at je jong binne, bier lesse en net in ferskuorrende hekel oan Fryske muzyk hawwe dan binne je der bij. Alle jierren wer. Op peaskemoandei. Yn Nijlân. At je wol niget hawwe oan Fryske muzyk dan geane je ek nei Aaipop der op út. It bestjoer fan Aaipop wie der, de trije bands wiene der, in trijekoppige faksjuere wie der, famyljeleden en kunde fan de trije bands wiene der ek al wie it mar foar de stim, der wiene Bolwurk frijwilligers, der wiene twa hânfol echte leafhawwers en ik wie der. Oh ja Jelte de Boer fertsjintwurdige mei syn freondinne de jeugd. En Femke de Wal seach al like streng as bij KlipkarPlus. Skraal die it mei de blues, Kattenpilaar die it mei de stimmen en dy fan Justerjûn popmuzykten gewoan. Foar Aaipop geskikt neffens de sjuery en mij: Skraal. Ernst, Johan en Sytse soargen foar in stevige Dylan set. En dat wie om te smullen. It hat mij skoan foldien.
Foar de goeie betsjutting haw ik it wurd "yntegerens" mar efkes opsocht yn it wurdboek. Bij mij stiet it op ien fan de earste siden. It wurd ynteger wurdt omskreaun as: Iemand die over een intrinsieke betrouwbaarheid beschikt, en daarnaast 'staat' voor zijn zaak, geen 'dubbele agenda' hanteert, en geen emoties veinst. Ik bin ynteger. At ik beskuldige wurd dat ik net ynteger bin, dan spat ik fan alle kanten iepen en ticht. Earst foaral iepen en dan ticht. Dan brúst it mij, lykas Tryater brûze sil. Dan is it suver better dat ik efkes gjin stikjes skriuw op myn weblog, dat ik net twitterje en dat ik mij net sjen lit yn it doarp. Ik haw binnenkoart mear tiid foar dizze weblog.
Ik haw neat mei hûnen. Ik haw ek neat mei hynders. Meitsje rare bokkesprongen at ik se foarbij of tsjinkom en skite op de dyk. Dat dat skiten op de dyk samar tastien is, raast oan de protters. In lyts hûnekeuteltsje efterlitte op de stoepe levert hast in finzenisstraf op(en terjochte) mar 5 kilo hynderstront efterlitte is gjin probleem. Dat reint wol fuort! Hjoed stie yn de krante dat de Ingelske thriller skriuwer Dick Francis ferstoarn is. Dick Francis dat is de man dy't boeken skriuwde dy't yn de hynderwrâld spilen: De hoogste hindernis, Misdaad in galop, Fatale Finish, Volbloed in hinderlaag binne titels dy't dat dúdlik oanjouwe. En krekt dy skriuwer, mij al syn boeken oer hynders en de misdied dêrbij, hawwe der foar soarge dat ik myn lêseagen brûk wêrfoar se bedoeld binne. Allegear boeiende boeken skriuwde dy man. Gelokkich haw ik dêrnei ûntdekt dat der mear skriuwers binne. Yn totaal bin ik troch 465 boeken hinne kommen sûnt novimber 1998. Ja, ek dat hâld ik allegear bij. Want ik bin as de dea dat ik foar de twadde kear yn it selde boek begjin. "The horse with no name" spesjaal foar dochter Anne-Marije dy't wol fan hynders hâldt en tusken de Ingelske hynders wennet.
It meast freeslike wurd wat ik dizze winter faak lês is "Onkomfortabel". In raar wurd. At je in nije bank prebearje en dy bank sit lekker en goed dan soe it sa wêze kinne dat je sizze: it sit "komfortabel". Sit dyselde bank net lekker dan sis ik dat dy bank foar gjin meter sit. Ik hear it mij net sizzen dat dy bank onkomfortabel sit. Nee, it wurd "onkomfortabel" dat soe krekt sa'n raar wurd wêze as "nozel". Je kinne wol "ûnnozel" wêze mar net "nozel". Ik haw de pest hekel oan dat wurd "onkomfortabel". Is de temperatuur om en bij 0 graden en is de wyn matich oant wat hurder dat krijt it waar de titel onkomfortabel. En dan sjoch ik der tsjin oan om der út te gean en docht meast in te dikke jas oan en in mûtse te folle op de holle.
It wie noch net echt fytswaar hjoed. Op de fyts sitte is kâld, op de fyts lizze is noch kâlder. Mar hawar, de stoute (âlde) skuon oandien en op nei de Amerikaanske Basis yn Boalsert om nije skuon te heljen. Stevige rinskuon wylst ik hielendal net fan rinnen hâld. Moaie skjinne diken. Fia de Bieren,de Burchwerterhoeke en Hichtum. En Hichtum dêr haw ik wol wat mei. Fan febrewaris 78 oant april 82 ha wij dêr wenne. In tsjerke, wat pleatsen mar frijwol gjin boeren en wat tsjerkehúskes. En yn ien fan dy húskes wennen wij. Wat is der nei 30 jier oars en wat is it selde bleaun. De blombakken op de dyk, de reade lantearnepeallen en de dûbele boerden "Hichtum" ( je soene it ris misse kinne) jouwe in oar oansjen. En de kamping Fûgelfrij jout oan dat Hichtum mei gien is yn de ûntwikkeling fan de lytse rekreaasje. De tsjerke en ús húske sjocht der noch krekt sa út as oars. En de bewenners? Ik soe it net witte, útsein Jan en Griet Kooistra. Dy wenje noch altiten oan it wetter.
Mocht ik net witte wêr't ik mei myn jild hinne moat, dan bestelde ik alles wat yn de folder fan Homeshopper stiet. Mar leafst 96 bledsiden fol "orisjinele" produkten. En at ik dat sa troch sjoch en 10 prosint leau fan al dy geweldige ferhalen dan wurd ik wer jong en fit en dan is it libben in makkie. En wa soe dat net wolle. Ik krij lekkere sêfte fuotten mei de Magic Touch, want dy ferwidert mei in grove raspkop maklik en fluch alle yl en hurde hûd. En fansels doch ik at ik thús kom gelyk it mini-waarmte wûnder mei keramyske strielingstechnology oan, want dizze kanjer ferwarmt it hûs yn sekonden. It betsjut wol dat ik de thermotherapie mei waarme stiennen net nedich ha en dus wol foar in skaplike priis op merkplak sette kin. De FormulaOne sportstoelsitting, dy't ekstra stipe jout wêrtroch nek en skouderspieren sparre bliuwe, montear ik fansels op myn Sinner Demon lisfyts. Mei de prachtige kleurstelling met "gedistengeerde" griistinten fal ik tenminste op. Offalle dat doch ik mei de nije 4StepSlimbelt. Sa te sjen ferdwynt it búkje nei 7 dagen at je it mar goed strak fêstsette en genôch pinestillers nimme, tink ik. En ik rin it hûs aansens efkes troch om te sjen wêr't de doar der út moat. Want de Mighty Gym moat in stevich kezyn ha, sadat ik regelmjittich hefbeamtechnyk beooefenje kin. En at ik dan kapot bin dan spring ik myn snugglies, wêrfan se sizze dat it komfortabele slippers binne, dy bringe mij op sloffen nei de sliepkeamer. En nei in drokke dei dûk ik yn myn Bamboosleeper want dat is in matrastopper en ik fal yn sliep mei myn holle op de multifunksjoniele V-pillow en ik dream oer de Roll on haarverwijderaar , de draagbare ultracompacte smartstitch, de EpilXpress, de pantstretcher en de flextoes. En at ik nachts wekker skrik, baaiend yn it sit dan nim ik gau in bad en fertrou ik op myn Bathassist. Sprookjes binne it. Of leugens.
Werom wit ik net, mar hjoed helle ik de fideobân mei in reportaazje oer Reboelje út de kast. Al hiel lang gjin fideo mear sjoen en dizze bân seker net. It wie in dokumentaire fan Omrop Fryslân oer de beste Fryske band dy't der ea west hat. Ja, dat fyn ik. Moai om it allegear wer te hearen en no ek wer te sjen. En doe efkes op You Tube sjoen at der ek filmkes fan Reboelje binne. En dan kom je dit filmke tsjin. It prachtige nûmer "Noflike jacht". En it bijsûndere is dat Reboelje net te sjen is mar wol te hearen en dat de Fryske tekst wol te hearen is mar net te sjen. In leafhawwer hat him oerstten yn it Ingels mei yndrukwekkende printsjes der bij.
Ik fytste sneon bij Spyktille en ynienen tocht ik oan Ronald Koeman. Wêrom wit ik net, want der wie gjin ko te bekennen en ek gjin trein. Want Ronald Koeman mei dan wol fuotbaltrainer wêze ik tink altyd oan him at ik in trein hear of sjoch. De trein nei Valencia. In sneltrein. Dy hie konfortabele koupés en dy stoppe nearne. Dy trein dy koe hij net ride litte. It duorre net hiel lang dêr yn Valencia. Hij wie noch net iens goed op stoom of se setten him al wer op de trein. De boemeltrein nei Nederlân. Gelokkich foar him pakte Louis van Gaal it fleantúch nei Munchen en sa stapte Ronald op de trein nei Den Helder en stapte der yn Alkmaar út. Nei in moanne as wat die bliken dat hij ek hjir ûntspoarde. En no sit hij mooglik thús op in dea spoar. It wurd tiid dat Ronald in goeie trochtochte kar makket. Peking, dat liket mij wol foar him. Earst in orientearend petear. Mei de trein der hinne. Earst nei Moskow en dan 7600 kilometer yn 7 dagen mei de Peking Express. Kin hij lekker lang neitinke oer de goeie fragen. En werom wer mei de trein. Kin hij lekker lang neitinke at dit it echt is. En miskien moat hij der noch wol in kear hinne. Om de lêste puntsjes op de i te setten (lês: om noch wat mear jild en oare ekstra der út te slepen). In moaie lange proseduere. Miskien makket hij dan wol in kear in goeie kar. En wij hawwe efkes gjin lêst fan dat wolfernoege gesicht.
Soms begryp ik bepaalde saken net. De weryndieling yn Súdwest Fryslân bijgelyks. Ik bin dêr tsjin. Mar dêr giet it no net om. It giet no ek net om de proseduere dy't yn de gemeenten west hat dy't der ta laat hat dat riedsleden foarstimd hawwe. It giet mij no om de ferfolchproseduere. Want it is dochs wol hiel raar dat binnen de gemeenten al hiel hurd wurke wurdt (ja, dat kin bij in gemeente want ik haw der ek wurke) om de bureaus gear te smiten. It is foarbarich dat boargemasters al foar de fut kiezen of gewoan fuort gean. It is frjemd dat de gemeenteriedsferkiezings fan maart yn dy 5 gemeenten net trochgean mar trochskood binne nei novimber. Hoe sa nei novimber? Freed wie der noch in harksitting yn Snits. Dêr wiene Twadde Keamer leden dy'de beslissing ein maart nimme moatte. Der wiene in soad krityske lûden en it liket noch net in ferlerne saak. De rede fan ús boargemaster Liemburg wie prima fan opset en joech oan dat it net allinne om de 5 gemeenten giet mar om folle mear. Ik bin benijd at dizze Twadde Keamer it oandoart om dit heechmoedige gedrach ôf te straffen. Dan kinne se yn maaie miskien dochs noch stimme. Op de FNP. Dy binne tsjin.
Nee, ik lit mij net wer ferliede ta it hawwen fan krityk op de Wommelaars. Omdat se de doar hast net út te krijen binne, dat skreau ik in skofke lyn doe't it oantal besikers bij in Sneinslûd wat tsjinfoel. Pyt Paulusma, rôp sa as alle wykeinen ek dizze snein wer dat wij wer min waar krije soene en dat thús bliuwe al wer de beste opsje wie. Dêrom wie it in wûnder dat sa'n 35 minsken út Wommels de stoute learzens oanlutsen hiene, de swiere sniebuien trotsearden om om 16.00 oere yn it Dielshûs te wêzen om it optreden fan trio Bauke van der Woude bij te wenjen. Neist de 35 út Wommels wiene der ek noch wiere helden. 15 man/frou fan bûten Wommels. Ik gean hjir net seuren dat der noch wol wat stuollen klear stiene foar noch mear Wommelaren en net Wommelaren. Nee, ik sjoch leaver nei de kwaliteit fan dit publyk. Dat wie fan útsûnderlik heech nivo. En dat wie ek nedich want tekstskriuwer Bauke (en soms oaren) liet ús meitinke, ja sels meiprate. Dit prachtige publyk soarge der foar dat it in moai optreden waard mei lieten oer it lytse lijen thús, it grutte lijen yn de wrâld en de humor op de strjitte en yn de wenboat bij Parregea.
Net de kwantiteit mar de kwaliteit fan dit publyk wie bepalend om it in tige slagge middei/jûn te neamen. Ik wit wol seker dat dit geweldige publyk wer komt at Gerrit Breteler op 28 maart optreedt yn it Dielshûs.
It foel efkes stil sneintemiddei. Bauke van der Woude liet it publyk witte dat hij mei dûbele gefoelens op it podium stie yn Wommels. Wie it net sa dat Sytse van der Werf op dizze dei optrede soe? Bauke hie foar it optreden mei Welmoed van der Werf kontakt hân en sa hearden wij dat it al wer wat better giet mei Sytse en hij drok oan it revalidearen is yn Beetstersweach.