donderdag 5 juli 2018

Reizgje mei de trein

Tiisdei 26 juny moarns 6 oere
fytse wij fan ús sliepadres yn Koog aan de Zaan
lâns in prachtige route
nei it Sintraal stasjon yn Amsterdam:
in moai begjin fan in soargeleaze dei,
ommers alles is regele foar ús treinreis nei Basel

Wij binne moai op tiid om de 7.25 trein te heljen.
Obstakel 1 binne de poartsjes,
sij geane net iepen,
hokker Q koade wij ek foar de skanner hâlde;
de Ynfopraatpeal is in doeltreffende oplossing,
de poarte nei de trein wurdt op ôfstân iepen dien
en wij binne noch altiten moai op tiid

It is in geheister
om fytsen mei bagaazje yn de trein te krijen
en in plakje te finen;
it slagget
en krekt op it momint dat wij tinke
ús deljaan te kinnen,
komt er in kondukteur en konduktrise
twa man/frou sterk om ús te fertellen dat wij met meikinne,
"Voor 9 uur geen fietsen in de trein,
wij verzoeken u de trein te verlaten"

en sij wize nei it buordsje
dat boppe ús parkearde fytsen hinget.

Wij litte ús reisbrief sjen,
opmakke troch de Treinreiswinkel.
"Wij moatte de trein yn Duisburg en Stutgart helje
want dêr is plak reservearre"
sa litte wij harren witte en litte wij harren sjen.
Frou kondukteur hâldt har stil,
man kondukteur wol net om lyk.
"dat is dan fout geregeld, u kunt niet mee"
"Ja maar, ja maar.... "
wij jouwe net op...
In oare reizger bemuoit him der mei:
"Ik maak ruimte ,
want ik vind niet dat die mensen de dupe mogen worden
van een fout bij de treinreiswinkel"
De kondukteur wit him gjin rie en seit dan: "die meneer is mij voor, de fietsen kunnen blijven staan, tenzij het druk wordt, dan moet u alsnog de trein verlaten"
Wat wiene wij bliid mei it úteinlik goeie hert fan dizze kondukteur.....


En sa kinne wij yn Arnhem oerstappe
op de trein fan de Dútske Arriva
helje wij yn Duisburg de goeie trein
mei reservearre plakken (wat ek nedich is dêr)
stappe wij yn Stuttgart oer nei Konstanz,
ek wer mei reservearre plakken
en pakke wij yn Singen ús lêste trein nei Basel.
Jûn om 19.25 binne wij dêr...
12 oeren wurk hân

Treinreizgje, it klikt sa maklik
mar de praktyk is oars at je fytsen bij je ha.


Wat earder thús as tocht,
en dan falt de Vogelvrije Fietser yn de bus
mei in artikel oer reizgje yn de trein
en dat jout wer in oar ljocht op de saak



Sa sit it dus....
It docht bliken dat dy freonlike kondukteur
dy't oer syn hert struts
de rigels net wit
en dat de Treinreiswinkel
dy't wij beskuldigden
it prima regele hat.......


In pear foto's út de trein

en nog mar hoopje dat er yn Utert gjin drokte is op de lijn nei Arnhem ta

yn de trein nei Duisburg

stasjon Keulen mei sicht op de dom

Fan Stuttgart nei Singen op reservearre plakken

It perron yn Singen....lift stikken mar wol op tiid foar de trein nei Basel



1 opmerking:

Popko zei

Noflyke fakansje