zaterdag 28 juli 2018

Eardopkes

Samar in idee,
eardopkes foar keatsers

ik tocht er oan doe't ik trije jonges fan Wommels
woarsteljen seach tsjin twa fan Mantgum
op de Jongfeintepartij yn Easterein

Ik siet efter it perk
fier bij de koach wei
dy't meast op de boppe sit.

De koach, dy't hopenlik oars net dien hat as sizze:
twa keatsen lizzen en gau werom nei de stuit..
sij in man minder,
dus gewoan in hoekje opsykje

Fol goeie bedoelings
sille de twa perkspilers fan Wommels
op wei gien wêze nei it perk,
de want efkes út
de want wer oan en dan foaroer
wachtsjend op de bal dy't ta keats ferwurke wurde moast,
neffens de koach....

at dy bal ûnderweis giet
fanút de hân fan de opslagger fan Mantgum
soe dat earke fan pas komme kinne...
keats lizze...keats lizzze....keats lizze
krekt sa lang de bal slein is yn it perk.....

miskien soe dat helpe,
no jout koachen yn alle gefallen neat...
der wurdt in soad misslein,
dat is kostber
mar der wurdt noch mear slein
om hast boppe te slaan
dêr't in opslagger fan Mantgum noch is
en de oare jonge fan Mantgum ek stiet

boppeslaan
dat is noch altiten in keunst
boppeslaan
hat gjin sin at it oars moat
en at it oars kin

Geen opmerkingen: