dinsdag 24 juli 2018

Lanegan


"Ferwachtsje gjin entoesjaste sjonger
ferwachtsje gjin opswypkjende wurden nei it publyk
ferwachtsje gjin ynteraksje mei  dat publyk"

dat litte twa kenners, Tiede en Lolke, mij foarôf witte

Wij steane yn de tinte klear
foar it konsert fan Mark Lanegan op WttV,
ik bin benijd

"Sjoch", dêr komt er oan mei syn tee,
no giet it sa los",

Yndie, in kop tee,
wêr't oare muzikanten
stoer in fleske of blikje bier drinke
docht Lanegan tidens it konsert sa no en dan
in pear stappen efterút
om tee te drinken.

Dat weromstappen binne ek de ienige bewegingen
dy't hij makket.
fierders sjongt hij,
mei syn djippe, rauwe, betiden monotone stim;
in sjongeres bringt sa no en dan in twadde stim yn
en fierders is der in band
de  begeliedingsband dy't geweldich goed spilet.

Nei in heal oerke lit Lanegan dochs merke
dat er yn de gaten hat 
dat der publyk yn te tinte is
entoesjast publyk sels
want hij seit samar twa kear
"Thank you, thank you"

Foar mij it hichtepunt
fan in prima WttV
sa boeiend om nei dizze man te sjen
en nei dizze muzyk te hearen

Oan de ein noch twa kear "thank you, thank you",
dan draait hij him om
en rint mei syn lege bak tee
fan it poadium

Bysûndere man
prachtige band
en it fielde seker net plichtmatich
sa't in redaksteur fan de LC skriuwt



Geen opmerkingen: