Posts tonen met het label burd. Alle posts tonen
Posts tonen met het label burd. Alle posts tonen

vrijdag 25 april 2014

2 pûn lichter en 4 pontsjes riker



Freed 26-4.
Eastenwyn, dus nei it easten.
Fia Easterein, Itens, Rien en Boazum nei it


















bysûnder moaie Swettepaad.
De Swette oer nei Reduzum.
Fia Eagum nei Wergea en Warten en dêr lei

















it earste doel yn it wetter: It oerstek boatsje fan Warten nei fytspaad Earnewâld



tradysje op dit boatsje is dat je in euro betelje en in dropke krije.

wij lieten it grutte skip op it Pr Margiet kanaal mar efkes foar gean



Wij sizze ta dat wij dit jier it skûtsje museum yn Earnewâld ek noch in kear besykje

Bij de Headollen kinne je mar útsykje hokker boat je nimme wolle

Wij wiene net ûngelokkich, want at dy skelpen op it paad lein wurde  is it lisfytsgenot fuort, dat fernamen wij bij Earnewâld yn de buert.

It pontsje bij Sitebuorren, mei in lestich paadsje wol te berikken

De grutste pont hjoed fart oer it Pr Margriet kanaal bij Grou

Ek dêr wiene  wij de ienige gasten

It lytste pontsje brocht ús yn hertsje Grou

dêr kinne in stik as 4 fytsen op

In tige gastfrije en freonlike oersetter op in gastfrije boat

Fia Jirnsum, Raard, Pppenwier, Tersoal, Sibrandabuorren, Gau, Goiingea, Skearnegoutum, Reahús en Easterein werom.
Moaie tocht fan goed 75 kilometer mei bij thúskomst de sinne yn de kop.



dinsdag 30 augustus 2011

Gelikense

Ik haw it idee dat motorriders elkoar altiten efkes groetsje at se elkoar tsjinkomme. Yn myn byld stekke se dan de hân efkes op. Mar it kin ek wêze dat ik it hielendal mis ha. Dat fan dy hân opstekke komt mij ek wat raar oer mei in gong fan 150 of mear.
Je sjogge it mei mear soartgenoaten dy't elkoar efkes groetsje.
Boatsjeminsken groetsje oare boatsjeminsken (at der op ien in Dútske flagge wappert wit ik net at dat op giet) , skooterriders toeterje nei oare skooterriders en ik tink dat minsken mei in houten poat in groet bringe nei oare minsken mei in houten poat.
Mei lisfytsers is it al net oars. Ek wij as lizzers groetsje elkoar. Wêrom? Soartgenoaten dus en lotgenoaten.
Hjoed fytste ik de trije. Dat is in koart ritsje oer Iens, Spannum en Kûbaard. Om efkes nei te tinken. Yn de fierte sjoch ik in fyts oankommen. En wat tichter bij sjoch ik in man op de fyts sitten. Mei in burd. In grut burd. In hiel grut burd. Ik krij ynienen it lotgenoategefoel. Man op de fyts mei hiel grut burd.
"Moarn" sis ik at hij flak bij mij is en op mij del sjocht.
It gefoel is net fan twa siden. Noartsk trapet hij troch sûnder lûd te jaan.
Sil wol tinke fan "wol in grut burd mar op sa'n healwize lisfyts, dat is gjin soartgenoat".

Foar de dúdlikheid: ik fyn dizze muzyk net allinne moai om de lange burden.