zaterdag 5 oktober 2013

Strieminste fytsstêd

At je it as stêd  goed dogge mei it fytsbelied en de útfiering dêrfan dan kinne je yn oanmerking komme foar de titel "fytsstêd fan it jier". Nei myn betinken neist popstêd fan it jier de heechste titel dy't te heljen is.
De stêd Houten is al jierren in foarbyld foar oaren en it is yndie sa at je dêr fytse dan hawwe je it gefoel dat alles dêr yn it earste plak betocht is foar fytsers en dat dêrnei sjoen is wat der foar auto's dien wurde moat.

Yn Snits is it krekt oarsom. Dêr dogge se alles foar auto's en boatsen en at dat allegear betocht, úttekene en útwurke is dan is it in spultsje fan: "oh ja no sitte wij noch mei de fytsers en moatte wij noch efkes wat foar harren betinke. Gelyk giet haadrigel ien yn: Fytsbelied mei net gean ten koste fan wat wij krekt betocht ha foar auto's en boatsjes.
Dizze wike stiet yn de rubryk "Rare Fratsen" yn it ledenblêd foar de Fietsersbond in beskriuwing fan de rare fratsen fan de gemeente"Súdwest Fryslân. It bewiis dat it de gemeente net in soademiter útmakket jout it wurd "fietstunnels" yn de kop al oan.
Op dit stuit leit der al in freeslike fytstunnel ûnder de A7 troch , wêr't elkenien fan seit hoe betinke je it. Sels de gemeente, bij sizzen fan de wethâlder, jout oan dat it doe net oars koe, oars hie it oars moatten.
No op noch gjin 500 meter fan dy tunnel wurdt itselde nochris betocht, omdat it net oars kin, fanwege de boatsjes.

De reden dat dizze tunnels op dizze wize oanlein wurde moatte, hat te meitsjen mei prestyzje om ien of oar wetterplan fan de grûn te krijen. Yn Snits jildt no ien kear earst it wetter dan de dyk en dan it fytspaad.

Lemmerdyk
Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan de Lemmerdyk. Dy wurdt ynrjochte mei in hiel breed rinpaad, romme parkearplakken en in smelle dyk omdat se der leaver gjin trochgeand ferkear ha wolle. Op dy smelle dyk en hiel drokke dyk meie aansens de fytsers tsjinje as auto remmers. Faker as je wolle binne de fytsers just autofersnellers. Noch krekt efkes om de fytsers hinne komt hast faker foar as efter de fyts bliuwe en je beurt ôfwaahtsje om yn te heljen.
Noch slimmer is dat je nei de rotonde bij it plysjeburo rjochting de stêd sûnder "beskerming"de drokke en smelle dyk op moatte. It is wachtsjen op it earste ûngelok dêr, wêr't seker fytsers bij belutsen wêze sille..

Mocht de titel "Strieminste Fytsstêd" útjûn wurde moatte dan hat Snits sûnder konkurrinsje der wer in titel bij.


Geen opmerkingen: