zaterdag 19 oktober 2013

Bij de strôt

Marius de Boer  hat sûnt in oantal jierren in oantal goeie muzikanten "om him hinne" at hij optreedt. Dat hie hij bij Reboelje ek mar dêr wie de rek út. Trochûntwikkelje tocht Marius miskien wol.
Hoe en wêr Marius de Boer ek optreedt hij nimt syn eigen lûd mei. Syn eigen sound. Lit ik it de Reboelje sound neame. Dêr kots je fan of dêr kom je net mear los fan.
René van de Laan is in ferneamde toanielspiler dy't foaral yn grutte (bûten) produksjes  mei dien hat. In prachtige spiler dy't emoasje oerbringe kin.
Freedtejûn waard foar de twadde kear it stik Swart Langstme spile. In rockopera oer de Frânske band  Noir Desir. Oer de sjonger is in dramatysk ferhaal te fertellen.  Dat bart yn Swart Langstme. Betocht en skreaun troch Bart Kingma.
René van der Laan fertelt it ferhaal fol mei emoasje en it ferhaal wurdt ôfwiksele mei de lieten fan Mariusz en de muzikanten.
It wie freedtejûn yn Iduna in intym barren. Wij stiene allegear ticht tsjin it poadium oan en René rûn foar ús del, rûn lâns ús del en liet ús opgean yn syn ferhaal.
Foaral nei it skoft doe't it ferhaal in dramatyske ommekear makke (deaslach) wie der gjin ûntkommen oan. De spanning fan de muzyk, it ferhaal, it hie my en mear bij de strôt.
Wat in alder merakelst moaie jûn.....Wat in lieten, wat in emoasje wat in ferhaal.
Dea en dea sûnde dat net mear minsken de kâns krije om dit te sjen. Want dit skynt de twadde en lêste útfiering west te hawwen.




Geen opmerkingen: