Foar Tryater moatte je de doar út. Foar Tryater moatte wij tsjintwurdich it doarp út. Omdat wij graach wolle dat de foarsjenningen wat kultuer oangiet yn de doarpen bliuwt, moasten wij op syk nei in lokaasje earne oars. Bûten de stêden.
It is Ysbrechtum wurden. Mei omdat wij it stik "In moaie jûn"graach sjen woene at Jorrit van der Velde út Itens meidien. Hij is ien fan 5 jonkjes dy't de rol fan Pelle dielt.
"In moaie jûn" waard ek in moaie jûn. In bysûndere jûn oer relaasjes, ferhâldingen, lokkich en ûngelokkich. En at it allegear wat te dreech wurdt dan is dêr Joop Wittermans". Mei syn "wolst ek wat drinke", "ik haw it hûs ferkocht" soarge hij der foar dat it ek noch fermaaklik waard.
90 minuten toaniel yn ien stik it hat ús goed foldien.
En Jorrit dy die syn rol mei oertsjûging en hij hie it efter de skermen drok mei ferklaaie wat hast alle kearen dat hij op komme moast wie it wer oars. Jorrit syn pake siet neist út te strielen as in grutske pake en dat makke de jûn noch moaier.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten