zondag 24 april 2011

Gouden dagen foar afdft

Nei twa waarme broadsjes, in hurd aai en 3 bakjes Mocca Senseo wol ik dit moaie waar wer benutte om der in rychje doarpen bij sette te kinne op de afdft. Yn de ferûnderstelling dat de wyn hast yn it noarden sit (freed al oankundige troch de ús bekende waarman dy't ik net mei namme neame sil) set ik in route út mei as "hichtepunt" Slappeterp. Bij Hilaard en Boksum bin ik oer myn sels ferbaasd. Gemiddeld sa'n 28 kilometer per oere. En dat yn de wyn (neffens ús waarman dy't ik net mei namme neame sil). Lâns Deinum, Ritsumasyl, Marsum, fia Ingelum, de opbrutsen dyk nei Bitgummole en Bitgum nei Menaam. De snelheid sakket no wat wylst ik neffens de niis net mei namme neamde waarman no wer foar de wyn ha.



Yn Slappeterp noch efkes om mei hinne sjoen at ik stive Sjerp ek seach, bekend fan it liet fan Durk en Jouke Geertsma. IK seach allinne in stive tsjerke.



Mar bij it ferlitten fan Slappeterp rjochting Peins fielde ik my yn de Keukenhof. Mar dan sûnder hege yntreeprizen en filmjende Japanners. Bollefjilden dus.

Skingen wie it lêste doarp dat ik noch befytse moast yn Menameradiel. Nei 53 kilometer wie ik wer krekt op tiid thús om noch efkes te hearren nei de moaiste radio rubryk "Underweis mei Sjouke".
Yn it petear dizze kear seit it âld boerke oer syn soan dy't let troud is en ien dochter hat. "It hie oars moai west at it in soan west hie, dy koe dan ek nochris helpe en de boel opfolge".
Sa'n pake dêr ha je wat oan.
Thús sjoch ik noch efkes nei MeteoHúns hoe't it mei de wyn siet: Súd dus. It skeelt dus mar in bytsje mei de foarsizzing.




De route yn Google maps

Geen opmerkingen: