vrijdag 29 april 2011

Kening Redbad



“Lit kening Redbad no mar komme” wie it earste liet wat ik op Aaipop 2011 hearde en ferstie. Ik meitsje mar efkes in ferbylding wat de âld-kening fan Fryslân yn de jierren 700 der fan fine soe. Fan Aaipop 2011. At hij dêr in dei op besite wie.
Fansels hij soe grutsk wêze dat it festival iepene waard troch in groep dy’t syn namme draacht. En at dy kening Redbad fan hurde (gitaar) muzyk hâldt, dan sil der wierskynlik net út de Lûdskuorre wei te slaan wêze. Want nei Redbad, wurde de trommelfluezen testen troch Kramtried en grutte kâns dat se bij it optreden fan Bagger al yn bagger lizze, alteast at wij der fanút gean meie dat de himelferskes dy’t hij oars heart minder hurd en lûd binne. Mar miskien hat Janneke Brakels , dy’t allegear wat oan elkoar praat him al wat dopkes yn de earen treaun.
At de mei earkes útrêste bestjoersleden fan Aaipop goed kommunisearje, dan hie de goede âlde Roel Faber bij de yngong fan de Hark en Huverseal dy dopkes der wer gau úthelle, want oars hat kening Redbad net folle mei krigen fan it optreden fan Carolien Hunneman. Ik tink dat de kening syn wynbrouwen oplûke sil en Roel befreegje : wat klinkt mij dat Frysk hjir raar yn de earen, dat liket betiden wel Stellingwerfsk!
De kening sil him fernuverje hoe’t it publyk wat sit te sitten en wat stiet te stean bij it optreden fan Gurbe en syn freonen. Hij sil dat ynbannige net oansjen kinne en hij sil crowdsurvjend oer de grize koppen op it poadium klimme en dan út folle boarst sjonge: Lit jim gean Friezen lit jim gean .
Komt hij dan wer bûten, dan sil der sjen dat syn heale leger dêr al flink op de trommels slacht. Syn Blauwe Manlju jouwe dêr it tempo al oan.
Kening Redbad sil mei wille tasjen op dy uteringen fan it Fryske en frije gefoel. Pompeblêden op broeken, pompeblêden op rokjes en net te ferjitten de Fryske klompen, petten en bûsdoeken. En sa’n bûsdoek sil er nedich ha om de triennen fan blydskip fuort te feien fanwege it feit dat op dit stikje dyk yn Fryslân hjoed it Nederlânsk in kear net oerhearsket.
De kening sil de praatmarFrysk praatpeal opsykje en sil “wat bisto leafslik rizende simmermoarn” sjonge yn it tempo fan Kramtried.
Ik bin der hast wol wis fan dat kening Redbad alle war dwaan sil om de mûlharp fan Healers te bespyljen en dat hij bij Mariusz oan de fleugel sitte wol om de muzikanten bij te stean yn “Wa bin ik fan ús trijen”.
En nei it sjongen mei Ernst Langhout en syn ploech fan “Slaan op de himeldoar “ sil hij wer ôfsette nei syn himelryk. Want it is al iterstiid west. Mar ek wittend dat de Doelleazen en de Hûnekoppen it sûnder syn belangstelling dwaan moatte hjoed.
Mar mocht hij takom jier bij it jubileum der wer bij wêze dan binne dy twa folletintelûkers der likernôch wol wer bij en oars frees ik dat se in jier lang akoestysk en yn Happy hard core spylje: der sit ús iets dwars.




(ek publisearre op www.stjoerder.nl)

Geen opmerkingen: