maandag 25 april 2011

Wat kin mij dy nammen skele

Stel je no ris foar dat ik neat mei (Fryske) muzyk ha, lekker benaud opfieden bin ( net dit dwaan en tink om dat) en ik krij it programma fan Aaipop 2011 yn hânnen mei de útnoeging dêr hinne te gean, dan bin ik der wis fan dat ik dy útnoeging op taktfolle wize ôfwize soe.
Of miskien wol sûnder takt wat mear bij mij past. Ik soe gewoan sizze: nee de nammen fan de measte artysten steane mij net oan.
Ik krije de huver at ik in hûn sjoch en dat komt troch syn kop. En dan nei Aaipop om Hûnekop spyljen te sjen seker.
Koartsluting, ik bin der as de dea foar en no seker nei harren symfoanyske rockopera sjen. Bist net wiis!
En sjoch ik in Jarretank dan wit ik net hoe fier ik út de buert bliuwe moat.
En foar de Bagger hat myn mem mij altiten warskôge. "Tink er om want it sûcht dy mei".
En ik krij ferkearde einpikefel at ik tink oan it Kramtried wêr't ik regelmjittich yn hingjen bleaun en dus wer mei in stikkene broek thúskaam.
En dat der Doelleazen op it programma stean is de dea yn de pot. Alles moat in doel ha.
Nee der sil in protte spraakwetter nedich wêze om mij te oertsjûgjen nei Aaipop 2011 te gean.
Of moat ik de nammen fan dy bands gewoan ferjitte. Wat makket in namme ek út. Wat kin mij it skele hoe't se hjitte. At se der mar foar gean.
Foar dy rock, foar dy punk en foar de pop. Ik set dy knop om en wol graach sjen hoe't dy Hûnekoppen, dy Baggers, dy Koartsluters, de Jarretanken, dy Kramtriedden en dy Doelleazen der yn batse. Ik wol witte wat it ferskil is at je mei in ploech spylje (Ernst Langhout), at je mei freonen spylje (Gurbe Douwstra) of at je mei muzikanten spylje ( Mariusz). Ik wol de fryske blues heare fan de Healers en myn gemis oan suskes wol ik goed meitsje mei de Suskes.
En ik lit mij graach ferrasse troch de Sadelrûkers, troch de rock en roll fan Redbad, troch Grutsk, troch Marcel Smit, it Stellingwarfs fan Carolien Hunneman en it slachwurk fan de Blaue mannen.
Aaipop 2011 om twa oere bin ik der at Redbad der fol foar giet. Want ik wol gewoan neat misse.

(earder ferskenen op www.stjoerder.nl)

Geen opmerkingen: