zondag 3 april 2011

Tafersjoch



Sneon wie it kreas waar, dus koe in fytstocht net út bliuwe. En om wat doelleas om te fytsen tsjinnet ta neat. Dêrom in ferfolch jûn oan myn doelleaze AlleFryskedoarpentocht en dizze kear yn kombinaasje mei wat tafersjoch.
Sa wol ik witte at it wat drok wie bij it Ges yn Snits en at de djoere boaten dêr goed besocht wurde troch minsken yn hast like djoere auto's,
ik wol witte at Top en Twel noch oanelkoar leit,
at it pontsje fan Langwar de selde route noch fart,
at der wat moaie terrassen en ytgelegenheden binne yn it sintrum fan Langwar
at it wat drok is mei slaande minsken op de golfbaan fan Legemar,
at de brêge fan Spannenburg normaal iepen wol,
at Koufurderrige echt sa'n lang doarp is sûnder folle bewenning
at it fytspaad troch de Hommerts sa moai wurden is at sein wurdt,
at de loslizzende tegels yn it fytspaad fan Osingahuzen my net mear om de earen fleane,
at it mei tegels beleine fytspaad tusken Heech en Aldegea wol in oplossing is,
at Aldegea W no gewoan Aldegea hjit
at ik sa as altiten wachtsje moat foar de brêge op de Abbegeaster Ketting
at Nijlân echt opkreazet nei dy lange wurksumheden
en at kafé de Kliuw noch altiten ticht is.

It antwurd op al dizze fragen is ja.
En dêr haw ik 73 kilometer foar fytse moatten. En ik mei de folgjende doarpen wer ôfstrepe: Top en Twel, Langwar, Boarnsweach, Legemar, Sint Nyk, Tsjerkgaast, Koufurderrige, de Hommerts, Osingahuzen, Heech, Aldegea, Abbegea, Nijlân.


Geen opmerkingen: