zondag 3 oktober 2021

De reis nei Venetie

It sit er wer op: ús fytsfakânsje nei Venetie.

In reis dy't op 1500 meter hichte begjint 

op de grins fan Eastenryk en Ytaalje

en "einigt" op it San Marcoplein yn Venetie.

In prachtige reis omdat

  • it waar geweldich is... sinnich en waarm
  • it selsskip wêr't wij mei reizgje prima is
  • it in moaie delrinnende route is
  • de omjouwing om te fytsen geweldich is
  • it foar ús in nije omjouwing is
  • wij ûnderweis moaie stêden oandogge
  • prachtige bouwurken sjogge
  • de hotels goed genôch binne
In oantal bysûndere erfaringen yn byld

Nei in lange reis mei de bus, begjint it feest op 1500 meter hichte


in moai byld ûnderweis

Red delicious, dy appels seagen wij sa'n 100 kilometer oan ús linkerhân. Rjochts wie de rivier de Etsch

In drokke fytsroute mar ek in protte rinners

In kastiel

efkes útpûste nei in flinke beklimming

Noch mear appels mei op de eftergrûn de snie fan de Doalemiten

It grutste appelgebiet fan Ytaalje

Underweis fan Bolzano nei Trento....linksôf dus

Yn Trento is it feest. Dy't slagge is komt nei it plein en set in blommekrâns op en siket dêrnei mei famylje in terras op



Der gongen ús al 311 fytsers foar op dizze moarn

de Etsch

In pas oer om bij it Gardamar te kommen

in moai momint at wij ynienen dat Gardamar sjogge. In drege ôfdaling stiet ús noch te wachtsjen

doarpke bij it Gardamar

yn Verona

Nochris Verona

De Arena yn Verona. Spitich, wij mochten der net yn

Mei de boat oer nei Venetie

Maskers, wij hawe der mar 6 meinommen foar de pake-en beppesizzers

Ien fan de moaiste erfaringen. It San Marcoplein opstappe

de katedraal en it standsje mei soeveniers

je kinne der ek yn at je wat geduld hawwe om earst yn in lange rige te stean

Op de brêge

de weromreis mei leechhingjende wolken


Fendi


Ik bin net sa fan de djoere merken

en al hielendal net moadegefoelich.

Yn Venetie komme fêst lju dy't dêr wol gefoelich foar binne

want it oantal spesjaalsaken mei djoer spul 

is hiel goed fertsjintwurdige om en bij it San Marcoplein.

Sokke winkels binne poppekasten

wêr't ik mei grutte ferbazing nei sjoch.

Nim no Fendi, ik hie der noch nea fan heard.

It lykje hast trije etalaazjepoppen, mar it binne der twa.

De middelste jongeman is echt.

Dy stiet dêr de hiele dei bij de doar

Swart pak oan en in mûlkapke op.

Mocht er in klant komme

dan sil hij de doar wol iepen dwaan

en in klantfreonlike laits opsette.

Yn de winkel stiet in fromminske efter de toanbank.

Ek sij wachtet op de klant dy't mar net komme wol.

Al dy rynske Sjinezen, Koreanen en Amearikanen

dy binne der dit jier net.

It binne foaral sunige Nederlanners dy't dêr hjoed omstappe

en in Wommelser dy't him foaral ferbaasd 


De pakjeman

 


Yn Wommels en oare plakken hawwe wij de pakketmantsjes,

sij ride troch doarp en stêd mei harren bestelbusken.

Sij binne altyd hastich en hawwe it leafst 

dat se it spul yn de brievenbus dwaan kinne.

Gemak tsjinnet de pakketman yn Wommels.

Yn Venetie sjoch ik in hiele oare pakketman.

Mei in spesjaal karke en net te min doazen

oerwint hij tal fan treppens en brêgen.


dinsdag 21 september 2021

Fytsreis

 


Sa sjocht ús route der út de kommende dagen.

Wij fytse fan Súd Tirol nei Venetie

Sa no en dan set ik wat op twitter

en dat kinne jim hjirneist lêze.

Fanôf hjoed binne wij ûnderweis



zondag 19 september 2021

Us 5

 


Wij hawwe 5 pake- en beppesizzers.

It is in keunst om dy meielkoar op de foto te krijen

mar it is ús bern slagge.

Jellie wie jierdei en sij is wakker wiis mei dizze foto,

ik trouwens ek

Us fleurbringers:

Nyck, Brecht, Roan, Samme en Jelske


Kleasters

 


Ik hie noch wat ynformative boeken lizzen.
om sa tuskentroch efkes te lêzen

Ien dêrfan is dizze.
In nijsgjirrich boek om te lêzen 
en te sjen
wêr't allegear wol net kleasters stiene yn Fryslân.


Mar leafst op 59 plakken yn Fryslân wennen de
premonstratenzers
broeders van het gemene leven
Franciscanen
Cistercienzers
Karmelieten
Domicanen
Benedictijnen
Premonstratenzers
Kruisheren
Auguster eremieten
Johannieters
en noch tal fan oare streamingen

No begryp ik 
wêrom Achlum in Monnikenweg hat
en Winsum in Michaelsberch

Wa't it boek ek trochsjen wol
meldt it mar.
Ik lien it graach út

vrijdag 17 september 2021

Dieders fan it wurd

In bysûndere tekst op in eardere tsjerke yn Ouwesyl

 

gjin tsjerke mear, mar museaum en kulturiel gebou
HJir en dêr portretten fan bewenners



Wij fytsten in rûntsje troch de Bildthoeke tusken jirpels en sûkerbiten





donderdag 16 september 2021

Oanplakke

 



Nachts bushokjes ferniele 

dat skynt moai wurk te wêzen.

Foar de safolste kear is dit hokje de sigaar.

It stiet op de romte bij de Ienserhoeke

De gemeente gietde rúten der net ynsetten

it hat gjin sin

dat is dúdlik wurden.

Iets oanplakke

dat hoege se aansens net mear te ferbieden,

dat kin net iens mear


woensdag 15 september 2021

Burchwert

 Burchwert, 

it moaiste doarp fan Fryslân  in pear jier lyn.

neffens in sjury, wêr't ik seker net yn sit.

In slach oer it tsjerkhôf 

dat stiet al lang op myn list "noch te dwaan"

Wij wennen trije jier yn Hichtum 

en op ferieningingsnico hawwe de doarpen wol wat meielkoar.

Bekende nammen op stiennen komme je dan tsjin.

mar wat mij foaral opfalt is

dat er safolle stiennen binne 

wêr't je de teksten net mear lêze kinne

of je moatte der op knibbels foar 

mei in fergrutglês en wat fantasij



Hé, dêr leit ús eardere buorfrou

Net te lêzen....





Keunst op in tsjerkhôf, dat fyn ik moai


mei 20 jier ferûngelokke, dat stiet mij noch bij

namme kaam ik tsjin yn myn stambeam..... útsykje dus

Sa spitich , dat je dit mei grutte muoite lêze kinne

Himert, boer, FNP-er en dan is dêr dy bolle


maandag 13 september 2021

Triatlon foar de bern

Sneon wie de triatlon yn Wommels.

Der wie net tefolle reklame makke, 

want publyk mocht net op it terrein.

Wol bij de feart en wol oan de dyk.

Sa koene je de 134 atleten sjen.

Der is wer hiel wat ôfswitten....

Freedtejûn wie de triatlon foar bern.

De basisskoallen de Opslach en it Fûnemint

hiene de foarset dien 
mei wat trainingen

en no moast it wêze.

34 bern oan de start.

Swimme en dan nei de fyts,

oanklaaie en mei gong fuort

Dat wie ek de bedoeling fan ien fan de famkes.

Mar.......de fyts stie op slot.

Yn sân hasten wa't socht om heit of mem.

It kaam klear.

It kaaike lei yn it kuorke foar op de fyts.

Mei efterstân  begong dy pechfûgel mei it fytsen

Omklaaie en fuortwêze 


vrijdag 10 september 2021

Frysk


 At er dan wat misgiet op ynternet

dat stel ik it tige op priis 

dat der in melding dien wurdt yn it Frysk....

Faceboek begrypt dat.

Bewûndering

 


Koroana hat in oantal saken feroare.

Lykas de routsjinst, dy't no faak yn besletten rûnte plakfynt.

Dat begryp ik wol.

Kondoleare en wer nei hûs,

sa giet dat hjoeddedei.

Yn dit gefal nei de tún mei de tablet.

Kerkdienstgemist der op 

en sa koe ik de tsjinst fan frou Lanting folge.

De yndrukwekkende wurden fan Sake,

de ienige fan de 4 jonges fan frou Lanting dy't noch libbet.

"Do list mij hjir net allinne"hie se alris tsjin Sake sein

Frou Lanting ferstoar doe't Sake bij har wie,

moaier kin it net wêze.

Frou Lanting, dy't hiel wat ferlern hat yn har libben,

mar meast fleurich wie en foarút seach.

Grutte bewûndering foar dizze frou

en it die mij goed om de wurden fan Sake te hearen.

De preek gie oer Job en dat kin ik mij foarstelle.

Dy preek haw ik net útharke

dat duorre mij krekt efkes te lang 

en gie mij tefolle oer Job.

Neist de bibelmuzyk wiene dêr the Bee Gees

en Robin Gibb

Wierskynlik har favorite muzyk...




Jorwert


Wij moasten in jier sûnder.
It iepenloftspul fan Jorwert.
It jûntsje ûnder de parrebeam.

Begjin augustus stie it der wer
it oankundigingsboerd fan 2021
oan de Walperterwei yn Wommels

Wij wolle it fansels net misse.
Sûnder resinsjes foarôf,
doarre wij it wol oan.

It is yn ien wurd fantastysk.
Wat haw ik lake om dit stik
De iene grap nei de oare
it giet mar troch 
en dat yn in boeiend ferhaal.

Sokke moaie teksten,
sokke goeie spilers 
(Sjoerd do bist in echte topper)
sa'n moaie omjouwing

it is in topjûn wurden


 


zaterdag 4 september 2021

Blankenham

 


Earne tusken de Kúnre en Bloksyl leit Blankenham.

In doarpke op in dyk sa't er wol mear binne

Wij fytsten dêr ferline wike lâns

en seagen in kanon stean


In kanon om gefaar oan te jaan. 



twa kear in knal wie heech wetter,
trije kear in knal betsjutte fuortwêze