zondag 11 augustus 2019

Into the grave 2019

Sûnt 2011 is dêr into the Grave,
it metal, hardrock feessie op it plein bij de Aldehou.
9 kear no en ik miste allinne de earste kear.

Sûnt in pear jier is it twa dagen,
sûnt dit jier twa podia
en dus hawwe Tsjeard en ik no noch mear te kiezen

Dat hawwe wij dien.
It grutte poadium hawwe wij meast rjochts lizze litten
en it it lange paad nei it lytse poadium
hawwe wij hiel wat kearen hinne en wer west.

It wie wer prachtich mei in soad fariaasje.
Alle jierren is der wol wat dat je net boeie kin
en alle jierren is der iets geweldichs bij.

Dat geweldige dat wie dit jier Sacred Reich.
Wat in sjo, wat in power, wat in fleur,
wat in oere, wat geweldich....
Nei dat oere, wie Powerwolf
de haadact suertsjemuzyk,
nettsjinsteande  in sjo mei ljocht en fjoer











It feest mei Tsjeard ôfsluten mei in Grutte Pier op in terras op wei nei de lêste bus.....




vrijdag 9 augustus 2019

Houtstek




Moai ynitsjatyf en in moaie namme
Houtstek, in jûn yn Easterein
oer de natoer.
De namme ferwiist nei Woodstock,
it begjin fan in muzyktiidrek
dat mar trochgiet en noch altiten trochlibbet.

Houtstek,
op dizze side kinne jim alles lêze
ek wa't er komme te spyljen
en dat eaget prachtich.

Want fansels is de ôftraap mei muzyk.

Houtstek 17 augustus 2019,
op de dei ôf 50 jier nei Woodstock
yn kafé Bergsma yn Easterein

Machtich



Sweins




Yn myn Freulelêzing tiisdeitejûn,
joech ik wat ôf op Sweins.
Sij, mei Sake Saakstra as grutste kwelgeast,
wiene te faak ús tsjinstanners op de jongespartijen
yn 1970.
Dat neatige Sweins dat wûn altyd tsjin dat grutte Wommels.
Nea wûn ik fan in Sweinser, it sit mij noch dwers.

Yn 1971 keatste it neatige Wommels
Mei Tsjipke, Hessel en ik
tsjin it grutte Amsterdam.
Wommels wint.

Sicco Jellema,
in Wommelser, ôfkomstich út Sweins
komt op de Freuledei op mij ôf.

Ik fiel al oankommen 
dat hij it oer Sweins ha sil.

"Jim hawwe Amsterdam ferslein yn 1971,
haw ik dij sizzen heard.
Dan haw ik goed nijs foar dij:
Twa fan dy jonges (Smit) , kamen fan Sweins
mar wiene krekt dêrfoar ferhuze nei de haadstêd".

Myn sin wurdt gelyk noch better:
Dat ik der yn 2019 efter kom
dat ik dochs twa Sweiners ferslein ha mei keatsen
yn 1971
Want wês earlik in Sweinser wurdt nea in Amsterdammer
dat bliuwt altyd in Sweinser

Waauw.......
Dankjewol Sicco.

donderdag 8 augustus 2019

Lêze foar de Freule

It stik skriuwe wie in moaie útdaging.
It foarlêzen in prachtige erfaring.

Tiisdeitejûn om 6 augustus
bij in ûndergeande sinne
foar miskien wol 400 minsken
bij de jachthaven yn Wommels.

It stik, sa'n 30 minuten lang,
gie oer myn ûnthâld
mei as spearpunt de Freule keatspartij

Ik hie der in goed gefoel oer
en dat jout fleugels.
Ik is ek goed oerkommen
oan de kompliminten te fernimmen
nei ôfrin, op de Freuledei en hjoed yn it doarp

Muzyk as beaken fan herkenning
it wurket bij mij sa en dus ek bij safolle oeren

It is net opnommen en dat fine sommige minsken spitich
omdat se graach noch in kear heare wolle
of omdat se der net bij wiene.

At myn stimme wer op mear folume hat
dat gean ik it noch ien kear foar lêzen.
Gewoan thús en meitsje dêr in lûdsopname fan.

Op Wommels.nl moaie foto's fan Henk Bootsma





zondag 4 augustus 2019

Skûtsje silen

Wat in minsken op de dyk bij Starum.
Skûtsjesilen fan de SKS
yn in spannende kompetysje.

In prachtige baan, dy't net kilometers de see yn lei
mar hearlik ticht bij de dyk.

In spannende striid
dy't boeide oant it lêste skûtsje binnen kaam.

Protesten dy't er foar soargje
dat de útslach oars is at je thús binne






Lêze




En sa stean je op in affysje
en hingje op in hiel soad beammen
yn de buert fan Wommels

vrijdag 2 augustus 2019

In bui

Wij wenje sûnt 1981 op Swingoerd
dat is 38 jier.
Yn dy 38 jier hawwe wij noch net earder sjoen
dat de strjitte oan beide kanten
blank stiet

2 augustus 2019
moarn in oere as 11......

Nei in kertier wie alles fuort

maandag 29 juli 2019

It wie in moaie snein

In moaie dei juster. 
Mei twa mantsjes op de fyts nei Camping de Finne yn Reahûs foar in ysko. 


De prachtige wetterbaan en de trampoline foelen krekt as de ijsko ek goed yn de smaak. 

Om 1 oere op fyts nei Ljouwert foar ien fan de Prinsentuinconcerten Leeuwarden. Blues fan Richville en de Stevie Ray Vaughan Undercover. It is in tige ûntspannen muzykbarren, wêr't it in kommen en gean is fan minsken mei kleden om op te sitten, kuolboksen mei "6 yn in pakje" en oare snobberij. Ik haw myn superlichte kampearstuol mei en jou mij krekt as hûnderten oaren noflik del oan de râne fan de fiver. 





De muzyk is neat mis mei, de lêste band is sels top. De ijskoleppel en de bierpomp hawwe it drok en fan it fêste kâldwetterpunt yn de Prinsentún wurdt in soad gebrûk makke. 





De tajefte duorret twa nûmers en langer hie net goed west want dan hie de swiere bui in rap en ferfelend ein makke oan dit barren. No fang ik him krekt bûten it sintrum op wylst ik skûlje bij de nije parkeargaraazje tichtbij it WTC. Wat in wetter yn koarte tiid. 

Bij it Holt yn Deinum noch efkes gesellich sitten mei twa ús bekende fytstoeristen út Frjentsjer en at it dan echt droech is en de wyn is draaid, giet it fierder (wer yn 'e wyn fansels ), op hûs oan. 

Oan de ein fan de jûn de F! noch efkes sjoen yn werhelling. Reinwetter, je kinne der net sûnder, docht ek no wer bliken. In moaie dei.

woensdag 24 juli 2019

In rûntsje om


Moandei
de dei foardat it waarmteplan yngiet
en wij de doar net mear útmeie as âlderen.

It lege midden troch
mei de start yn Wurdum.



De hurde wyn earst tsjin rjochting Grou en Akkrum


 Kofje drinke bij in "Rustpunt", dat dogge wij fol faker.
Dizze kear yn de Wylgen bij in soarchpleats.
wêr't bern helpe mei de betsjinning

 Wat in leuke doarpswinkel yn Earnewâld,
sa ütnoegjend mei kassa's op in tafel
en de bakte produkten ek gewoan útstald op in tafel

 Gewoan Frysk op it fytserek
en dy tekst jildt ek foar dizze Dútser dy't syn bân oppompt



Je kinne 7 kilometer minder fytse
at je gebrûk meitsje fan dit pontsje,
In goeie skipper.....wij moasten it drokke kanaal oer
in freonlike gastfrou......wij krigen ek in dropke

dinsdag 23 juli 2019

Efkes balje



Dy Jelske, ús âldste pake-en beppesizzer,
7 jier is se al
en se kin prachtich tekenje.
It bewiis sjoch ik alle dagen at ik it doarp yn fyts.
Bij de skoalle stiet in boerd
mei in prachtige tekening fan har.
Kreatyf, fleurich en kleurryk.

Sneon hie ik myn jierdei
en Jelske hat har bêst dien
om der wat moais fan te meitsjen.

Dat is tige slagge:
de fuotbaljende pake sjocht er op de tekening
folle sportiver en flugger út as yn it echt it gefal is.





woensdag 17 juli 2019

Heit en mem


Op Facebook dit berjocht

it wurdt 11 kear dield
8 minsken dy't dit leuk fine,
15 reaksjes wêr't de iene de oare oanpriizget
of der attint op makket

bij ien fan dy reaksjes stie myn namme
en omdat ik neat te dwaan ha
en graach skriuwe mei
haw ik ek wat ynstjoerd.....

483 wurden
en dat falt moai binnen de marsje

Sjoch no mar ris op heit en mem

maandag 15 juli 2019

Alkoholfrijbierkekenner

Wannear it begong is wit ik net
mar earne yn 2018 bin ik thús oerskeakele
fan soms in spesjaal bierke  nei meast in alkoholfrij bierke
It favorite spesjaalbierke is Cornet
en it wie sykjen om it beste alkoholfrije bierke te finen.

Ik bin dus in alkoholfrijbierkekenner
neffens de Telegraaf fan sneon.
It measte wat yn de Telegraaf stiet
is krekt net de wierheid,
mar yn dit gefal krije se it foardiel fan de twivel

Warsteiner op 1
Erdinger op 2
en Heineken op 3
dat fynt de redaksje fan de leageneftiche krante
en dat fyn ik ek.

Warsteiner, lekker kâld,
docht je yndie ferjitten
dat der gjin alkohol yn sit..




zondag 14 juli 2019

Fytspaad

No't Bogerman yn Wommels ticht is
en der dus mear bern nei Boalsert fytse,
no't fytstoersime hieltyd wichtiger wurdt 
mei hieltyd mear fitte senioren,
no't wenwurkferkear hieltyd mear op de fyts ôflein wurdt
wurdt it tiid foar it opkreazen 
fan it fytspaad tusken Wommels en Burchwert

It paad fan de reed nei de feart wurdt ferlein
(dat wie no te smel)
in nij stikje paad lâns de trekfeart
en it stikje tusken mûne en it brechje is ferbrede

19 july sil it allegear klear wêze.....
best genôch




Juster yn it park

It is hjoed snein.
Juster wie ik Frjentsjer.
"Hjoed yn it park"
sa hjitte juster it festival yn Frjentsjer.
Muzyk, wat aktiviteiten foar de bern
en in noflik sfearke om de fiver hinne

Middeis efkes sjen bij
Tjeerd Abma

Piter Wilkens
 Jûns noch efkes op de fyts dy kant út
foar de optredens fan
Br Double you 
Electric Hollers



zaterdag 13 juli 2019

Volendam

De Iselmar route rint ek troch Volendam.
Ja sels oer de Dijk,
dy ferskriklike strjitte lâns it wetter,
wêr't Koreanen, Sjinezen, Japanners en oar Aziatysk folk
harren kamera's fol sjitte
mei foto's en mei films
en fierders neat sels sjogge mei eigen eagen.

At se dan in pear wiken letter
harren opnames sjen litte oan kunde en famylje
dan freegje se harren miskien ek wol ôf:
wat wie dêr no feitlik te sjen
behalve winkels mei prullaria.

De Dijk Volendam,
ik fyn it it meast oerskatte toeristysk fermaak fan Nederlân

Ik haw mar efkes rûn,
want in nussie Aziaten ûnder de fyts
dêr kin er net goed oer.





vrijdag 12 juli 2019

Rûntsje Iselmar



Wij diene tegearre in rûntsje Iselmar,
trije dagem fytse lâns dizze buordsjes


de LF 21,LF 22 en de LF 23
Start Stavoren
oernachting yn Kampen en Naarden
Einpunt Enkhuzen

Totaal 290 kilometer
lâns n prachtige route wer.

Yn Kampen, twa kreaze banken
mei moaie teksten




maandag 8 juli 2019

Frysman

Us soan Tsjeard is ien fan organisatoren fan de Frysman,
it triatlon evenemint bij it Reaklif.
Dit jier foar de 5de kear en wij binne altyd helden helpers.
Sa wurde de frijwilligers neamd (totaal sa'n 150)
dy't der foar soargje dat de atleten goed presteare kinne.

It is in grutte prestaaasje om de finish te heljen,
fyn ik.
3,8 km swimme yn in wyld Iselmar
180 km fytse mei in hurde wyn
42 km drave op heuveleftich parkoers

Sport is emoasje
en bij de triatleten hielendal.
Nei de swiere ynspanning
en de wurden: Do bist in Frysman
komme bij in soad de emoasjes los.

Bij de iene, dy't mei in tumor yn de holle draaft
bij de oar, dy't twa dagen earder syn heit ferlern hat
bij wer in oar dy't sa graach dit in kear dwaan woe

Deawurch mar grutsk op harren sels.

Wat in boeiende sport om te sjen
wat in moai evenemint om bij te wêzen en te helpen.

Trije dagen Warns (Reaklif)
it wie wer prachtich



De beste noorderling giet altyd mei it swurd nei hûs. Yn dit gefal Tiedo Tinga út Boalsert


maandag 1 juli 2019

Strewelleguod

Us fierstentegrutte gemeente
hat it betiden drok mei de kealslach fan it plattelân.
Want beammen en strewelleguod
meie net te heech, te grut en te wiid útgroeie.

De gemeentemantsjes ride rûn
yn harren giele autotootsjes
en at se wat sjogge dat net past yn in keal lânskip
dan wurdt er al gau aksjes ûndernommen.

It wurdt oars at it paad
wêr't it strewelleguod hinderlik foar fytsers is
net berikber is foar auto's.

Sa as oan de Boalserterfeart
flakbij de mûne.
Op trije plakken beamkeguod
dat bij in hurde súdwestewyn echt foar oerlêst soarget;
sels op myn lisfyts moat ik dûke.

Trochjaan oan de gemeente liket mij gjin goed plan,
foar je it witte wurdt alles der wei helle.

Snein fytsen wij der wer lâns
en seagen yn de fierte al immen drok dwaande
de takken der wei te knippen.

Selde argewaasje as ús
selde gefoel om net te beljen
dus sels aksje

It sjocht er kreas út no
en it hat hiel wat koordinaasje en wurk besparre
foar de amtners fan ús fierstentegrutte gemeente



Moai dien Nico!

It idee is no
dat ik in takkeskjirre meinim at ik te fytsen gean
neist in feger om it glês op de dyk op te romjen
want dat jout noch mear argewaasje