dinsdag 24 augustus 2010

Lee Child

Miskien haw ik wolris earder oanjûn yn in stikje, mar ik moat wer wat kwyt oer it skriuwen. En dan foaral oer it skriuwen fan in boek.
Myn dream of begjint it myn obsesje te wurden. Wat soe ik it graach wolle. It idee is der en ik haw der ek wol betrouen dat it mij slagje sil om in aardich lêsber boek te skriuwen, mar it ûntbrekt mij oan moed en geduld. Geduld om earst goed foarwurk te dwaan, om ûndersyk te dwaan en om gestach earne oan te wurkjen. Ik kin der net sa goed oer dat de dingen net ôf binne. Begjinne en ôfmeitsje dêr moat bij mij net te folle tiid tusken sitte. Mei stikje skriuwen slagget dat bij in boek skriuwe net.
De ôfrûne wike haw de Sluipschutter van Lee Child lêzen. Wat ik it aardige oan de haadpersoan fyn (Jack Reacher) is dat hij oplossingen siket troch logysk te redeneren en te analysearen. Him ferpleatse yn syn tsjinstanner en fandêr in strategy betinke.
En dat docht hij yn in foarm dy't in lêzer hieltyd wer ferrast. Ek al giet it oer yngewikkelde politike tema's, wat mij net it measte boeit, Lee Child bliuwt mij boeien. In machtich boek.
At ik in boek út ha, sjoch ik meast efkes op Crimezone, om te sjen wat in oar der fan fynt. Net omdat it mij wat útmakket, mar gewoan.
En wêrom ik Salty Dog fan Procol Harum hjir ûnder set is mij ek in riedsel.

zaterdag 21 augustus 2010

Lowlands

Dit wykein is Lowlands. Teater en in foaral muzyk. "Krekt wat foare dij" sizze se dan. Oh ja? At ik it programma sjoch en dan bedoel ik de muzyk, dan soe ik der sa wol hinne wolle. At it moat op de fyts. Der is allinne ien beswier. Ik wit net krekt hoefolle minsken dêr binne, mar at it 30.000 binne, dan binne dat der 28.000 te folle. Foar mij alteast. It liket mij hielendal neat om diel út te meitsjen fan sa'n massa. Oeral foar yn de rige stean. Om muzyk te sjen en te hearen, om munten te heljen, om in broadsje sûn en in broadsje frikandel te keapjen en om te pisjen en te poepen.
Ik soe ek gek wurde fan it plannen. Ik soe net folle misse wolle en soe foaral dwaande wêze om in strakke planning te meitsjen om foaral neat te missen. En ik bin der wis fan dat ik de planning net helje soe. Sosjale kontakten ûnderhâlde binne dêr faak debet oan.
Nee, Lowlands ik sjoch it op tv, ik folch it fia Twitter en ik sykje wat filmkes op You Tube. Sa as de tip dy't ik krige oer Against me. Trede sneintemiddei om 17.30 op.
Ek Mumford & Sons binne dit wykein op Lowlands mar dêr gean ik op 26 septimber al hinne. Yn in útferkochte HMH yn A'dam. Dat kin noch krekt wat it oantal minsken oangiet.

donderdag 19 augustus 2010

Link nei Llink

It is hast dien mei Llink. In feriening dy't mar koarte tiid yn it omropbestel wie. Ik sjoch net folle tv en kin mij ek net echt herinnerje dat ik ea nei Llink sjoen ha. It kin best mar dan net bewust.
Mei harren doelstellingen is lykwols neat mis.

De vereniging stelt zich ten doel een omroep te zijn die zich inzet voor:
a. rechtvaardige mondiale welvaartsverhoudingen,
b. een betere verhouding tussen economie en ecologie,
c. een duurzaam gebruik van de natuurlijke leefomgeving,
d. respect voor de rechten van mens en dier.
Tevens wil zij het praktisch idealisme uitdragen en stimuleren.


Hoewol ik punt d feroarje wol yn "respekt foar de rjochten fan minsk en bist mei útsûndering fan de hûn en de wesp, doch ik myn bêst om fan dy 4 punten wat te meitsjen.

Woansdeitejûn 18 augustus wie de lêste útstjoering en omdat Llink it net iens is mei it feit dat se ferdwine moatte fan de t.v., hiene se in soarte mei protest top 100 makke.
Dat klinkt net raar en mei de top 100 is ek net folle mis, mar ik hie gau myn nocht fan dy surrogaat artisten dy't protestlieten fan the Stones, Dylan of Johnny Cash songen.
Ik wie dan ek bliid dat de 100 protestlieten mei filmkes te finen binne op harren side. En no ek op dy fan mij. Sjoch hjir.
It is gjin dwaan om in goed, bêst of noch better nûmer oan te wizen. Ik gean se allegear harkjen en sil sjen at ik se op in DVD krije kin. Dan haw ik gjin tv mear nedich.
En om dit stikje dochs ôf te sluten mei in protest liet kom ik út bij Armand. Hij is allinne mar protestsjonger en oars neat. Hij spilet mûlharp en dat is de klank fan protest.

woensdag 18 augustus 2010

Hulde oan de gemeente

It wie mids maaie, doe't ik myn argewaasje útspruts oer it oerstallige boerd wat midden yn it lân stie efter Kûbaard. Sjoch hjir.
It boerd brocht mij orientaasje en dat wol ik dêr net.
Hoe't it kin, wa't it dien hat, wit ik net, mar it boerd is al in moai skoft fuorthelle. Ik kin jim sizze dat ik it net dien ha. Mar moai is it wol. Ik tankje de gemeente Littenseradiel foar dit flugge hanneljen.
Of is dit in earste oanset om de grinzen dochs mar te ferfagen en in begjin om mei Frjenteradiel en Harns ferkearing te sykjen?
Bah, wat bin ik wer erchtinkend. Se hawwe it gewoan foar mij dien.

maandag 16 augustus 2010

Drinten

Wat in gelok dat ik yn Fryslân wenje. Je sille mar in Drint wêze en seis wiken fakânsje ha en dy trochbringe wolle yn eigen profinsje. Neffens mij wolle je wer graach oan it wurk nei in wike as wat. Want fansels hawwe dy Drinten al in pear kear yn de bistetún west yn Emmen, se hawwe Orvelte al sa faak troch kuiere en de hunnebedden kinne se allegear bij namme. Deade dingen allegear (op de bistetún nei) en dy ferfele gau. Nee, ik haw begrutsjen mei de Drint.
Dan hawwe wij it hjir yn Fryslân al better oanpakt. Nee, net wij fan no, mar wij fan earder. Us foarâlden. Dy eardere Friezen dat moat in sportyf folkje west ha.
Fan alles wat hjir wie, wisten se in sport te meitsjen.
Se seagen it wetter, de marren en de boaten. Se betochten it skûtsjesilen.
Se seagen de sleatten en in stok. Se betochten it fierljeppen.
Se seagen de kij en de sturt en se seagen in stik lân. Se betochten it keatsen.
En at ik oerdriuw kin ik ek noch sizze dat se fûgels seagen, oan aaien tochten en se betochten it aaisykjen. En ik bin der hast wol wis fan dat Stoffel Bouma ek betinke kin hoe't it Frysk damjen hjir ûntstien is en net yn Drinte.
En sa sleep ik mij, sûnder folle muoite, de simmer troch. Fan it fierljeppen nei it skûtsjesilen en ek noch altiten nei it keatsen.
En at ik dêr bij it silen sit en oer de mar stoarje, dan tink ik oan de Drinten dy't harren kâns slûpe litten ha. Sij seagen troch it bosk de beammen net mear, want oars hiene se wol beamkeslingerje of beamkeferwikselje as sport betocht. Sij seagen harren hunnebedden wol, mar it kaam net yn harren op om dêr in sport bij te betinken. Se hiene de brûne beannen fan Bartje mar kamen net fierder as in stânbyld.
Nee, dy Drinten hawwe it hielendal sitte litten en sij binne simmers foaral dwaande om de grize golf it goeie paad te wizen op de fytspaden. Dy grize golf dy't bij alle paddestuollen stean bliuwt om te sjen at se echt net ferdwale.
Is der dan neat goed oan Drinte. Ja wis wol. De blues. Want "bluese" dat kinne se dêr goed.

vrijdag 13 augustus 2010

Freonen op de fyts

It is alle kearen wer in belibbenis. Fytse troch Nederlân en sliepe bij freonen op de fyts. Foaral dat lêste. Sliepe bij freonen op de fyts. Net dat it echte freonen binne en freonen wurde sille.
De stifting hjit no ien kear "Vrienden op de fiets". Foar in gaadlik priiske kinne fytsers en rinners in sliepplak en moarnsbrôchje krije op sa'n 3500 adressen yn Nederlân.
It binne oer it generaal alderaardichste minsken. En dy minsken hawwe allegear harren eigen reden om as gastgesin foar ien nacht (soms mear) op te treden.
Sa binne dêr de minsken dy't sels ek graach fytse, in grut hûs en in grut hert hawwe. Sij fine it moai om erfarings út te wikseljen. Sa binne dêr de allinne steande froulju; widdo wurden of skieden. It hús te grut, ferlet fan oanspraak en oandacht en in hûn is ek net alles.
Der binne ek guon dy't keamers oer ha, it hast net oan tiid ha mar it wol leuk fine om minsken te moetsjen en je dêrom alle fertrouen yn dy freonen ha troch sels de kaai fan it hûs te jaan at se sels al wer oan it wurk binne en de sliepers noch útsliepe. Se hiene noch krekt tiid fûn om in geweldich stikje iten klear te setten.
En der is in kategory dy't it om it jild docht. De man op de pleats of de tûnkerij, de frou docht de ôfdieling freonen op de fyts. Mei kuolle saaklikheid, "strakke rigels" en ôfmjitten moarnsiten: foar beide ien beskút, foar beide ien stikje tsiis, foar beide ien krinteboltsje en foar beide ien stikje ham. Mar al dy ferskillende kategoryen meitsje it in feest om bij freonen op de fyts te sliepen.
Wij geane hast op nei ús 50ste adres tink ik.

dinsdag 10 augustus 2010

Freule

Wêr bliuwt de tiid? Dat freegje ik mij ôf at ik oan de Freulepartij tink dy’t dizze wike holden wurdt. Want die ik yn 1970 net mei oan dy Freule . Foar Wommels fansels. Mei Jelle de Boer en Pieter Sieswerda. Gjin priis. Derôf tsjin Grou dy’t letter twadde waarden. Spannende dagen wierskynlik, hoewol ik mij dat net echt herinnerje kin. Ik stie foaryn en sûnder nap koe ik amper boppe. In middelmatige keatser mar goed genôch om mei te dwaan.
Sels yn 1971 mocht ik noch in kear meidwaan. Mei Hessel Hovinga en Tsjipke Joustra. In iets better partoer mar yn de tredde omloap derôf tsjin Ljouwert. Amsterdam ferslein dat kin net elkenien sizze want dy keatse hast nea mei op de Freule.
Dit jier slaan ik in Freulepartij oer. Wol dit jier de Suderseeroute noch in kear fytse. En dat kin it beste dizze wike. It is net oars.
Letter witte je pas at je it mist ha. Ik tink it net. Der giet hast neat boppe in moaie fytstocht troch it lân en sliepe bij “vrienden op de fiets”.

maandag 9 augustus 2010

Auto's



Yn 8 oeren riden wij mei de auto fan Wommels nei Basel yn Switserlân. De soan riidt (ik bin net sa rider) en ik sjoch om mij hinne. Wij fleane (neffens de soan riden wij reedlik oan) oer ferskillende A diken. It langste oer de A67 dy’t ús djip yn Dútslân bringt. De soan let op de dyk en ik let op oare dingen. Sûnder dat ik it fan doel wie foel myn each foaral op auto’s mei auto’s. Bij de measte frachtauto’s sjogge net wat der yn sit, omdat se in tichte laadbak ha, mar bij auto’s is dat oars. Ik ha mij ferbaasd oer it oantal auto’s dat oer de dyk fan it iene nei ito are plak ferfierd wurde. Yn dy 8 oeren binne wij fêst fol 70 frachtauto’s foarbij gien, folladen mei auto’s. En wij binne fêst wol 100 auto’s tsjinkaam, folladen mei auto’s. Auto’s fol Mini’s wurde Dútslân ynsleept en auto’s fol Opels geane it selde paad mar dan de oare kant út. Wat in gesleep, wat in gesleep.
Fanút Basel binne wij werom fytst. 13 dagen hawwe wij gemiddeld sa’n 6 oeren op de fyts sitten (lein bedoel ik) en dy 78 oeren sochten wij de rêst fan de Rijn op. In hast hielendal autofrije route. Hoewol wat is autofrij. Wij wiene noch mar krekt bûten Basel of wij kamen de earste boat al tsjin mei hûnderten auto’s as lading. En it duorre net lang of wij hellen de earste boat mei hûnderten auto’s al yn. Kinne je neigean hoe langsum dat ek mei de stream ôf giet. Ek op it wetter wurdt der hiel wat auto’s fersleept.
Ticht bij it wetter rint ornaris ek it spoar. Dat wie no ek sa. En yn Dútslân wurdt in soad guod ferpleatst mei guodtreinen. En it sil jim gjin nij dwaan dat op de treinen fan noard nei súd mar ek fan súd nei noard foaral ek auto’s ferfierd waarden. It is mij wol dúdlik. Nije auto’s hawwe al in moaie reis hân mei de auto, de boat of de trein.

zondag 8 augustus 2010

Leugens

Grutte skrik yn Nederlân. Saken dy't allinne yn it bûtenlân barre, komme no ek hjir foar. En Fryslân krijt dêrbij flink op syn bealch.
Broer X dy't 4 jier lang dea op syn keamer leit, Sint Anne wêr't in oanslach plakfynt en no Nijbeets wêr't 4 deade poppen fûn binne. Yn 4 ferskillende koffers! Hoe betinke je it sa. Wat fan betsjutting hat dy koffer? Wêrom net begroeven sa dat it út it sicht is? Hoe kin it dat de omjouwing krekt as yn Minnertsgea dochs net skerp genôch is om sokke rare saken op te merken. Werom docht in skynberb normaal famke fan 25 dat? Wat is de rol fan de âlders? Hoe sit it mei de spermajouwer?
Psychologen en psychiaters hawwe ek smoardrok om op te draven yn alle praatprogramma's dy't der mar binne op radio en tv. Sij dogge allegear ferûnderstellingen mar witte it ek net. Sij sitte ek mei fragen en sij sadelje ús op mei noch mear fragen.
Omrop Fryslân wit ek net goed om te gean mei sokke saken. Tusken 2 en 4, yn ôfwachting fan de parsekonferinsje litte se buorlju en doarpsgenoaten oan it wurd, mar dy witte it ek net en krije de gelegenheid om allegear ferûnderstellingen de wrâld yn te slingeren. Ik haw leaver allinne feiten yn byld en ik hie it net slim fûn dat de omrop oant 4 oere wachte hie mei it wurklike nijs.

vrijdag 6 augustus 2010

20 boeken mei

De byblioteek makke op dit stuit reklame om een super abonnemint te nimmen. "20 boeken mei op fakansje" is dêrbij de oandachtslûker.
20 boeken mei op fakansje?
Dat wurdt in hiel gesleep. 20 boeken mei gemiddeld sa'n 350 bledsiden makke 7000 bledsiden. Dan moat je wol in hiele lange fakansje ha. Of binne der minsken dy't trije wiken lang oars net dogge as lêze? It liket mij dat je dan krekt sa goed thús bliuwe kin. In lekkere stoel yn de tûn en lêze mar.

Al jierren nim ik mar ien boek mei op fytsfakansje. "Voordeliger per dozijn" in hylarsk boek oer in grut gesin wêrbij alles draait om alles sa effisjent en ekonomysk mooglik te dwaan yn de húshâlding. Alle hannelingen wurde analyseard en besprutsen en alles giet dêrnei flugger.
Hoewol de test mei it skearen mei twa meskes tagelyk gjin resultaat oplevere: "Ik kan er 24 seconden met uitsparen, maar ik heb vanmorgen twee minuten verkwist met de pleisters, die ik op mijn keel moest plakken."
Dit boekje fan Frank en Ernestine Gilbreth is net allinne grappich mar it hat ek ta gefolch dat ik begjin te tinken lyk as harren at ik wat dwaan moat.
It hat in bytsje fan "nea mei lege hannen rinne" mar dan 20 kear slimmer.

donderdag 5 augustus 2010

In grutte griemerij

De PC fan 2010 sil ik mij heuge kinne oan it wurd "griemerij". In grutte griemerij sels. It keatsen en dan mei namme it opslaan wie ien grutte griemerij. Ut, út, foar, foar, kwea, út, út en nochris út. Fansels kaam dat foar in part fan it fjild, want dat lei der nei wat buien bij as in modderpôle. Mar it is net allinne it fjild. Der binne ek te folle keatsers dy't sa ûnwis binne as de DSB bank.
It fjild wat opkreasje nei in bui dat wie ek in grutte griemerij. Der stiene wierskynlik in pear Ammerkes mei sân klear. De organisaasje koe dochs ek net witte dat it sa reine soe, ûndanks dat Piet P it wol foarspeld hie. Mar wa nimt dy man noch serieus. De PC sa't it liket net. Want trije ammerkes san levert net echt gjin resultaat op.
Wêr't foarhinne seachsel in oplossing wie foar wiete plakken, skynt dat net mear te kinnen of te meien.
"wij gean op syk nei prikkers" sei de organisaasjes nei mear as in oere omgrieme en oerlizze.
Foar it publyk bij ferskriklik wiete plakken gjin pellets om oer te rinnen. Sij mochten harren troch de drek grieme.
Moai dat it terras fan de Bogt ferhurde is en dat it wat heger leit. Neist in sitplak yn de tribune ek in bêst plak.
En it hintsje fan Krijn? Ja, dat is ek altiten in grutte griemerij, mar wol lekker.

maandag 2 augustus 2010

PC

Ik wit net wat mij besield. Woansdei nei de PC.
Werom giet dit mins miskien wol 40 jier de 5de woansdei fan july nei Frjentsjer. Dochs net om it komfortabele sitplak. Want binne je in bytsje op lingte, dan sitte je je in breuk sa'n dei. Te krappe kontromte en te min romte foar de knibbels. Je geane dochs net om it keatsen nei de PC. Want dat is der alle wykeinen op meardere plakken. Ik gean der net hinne omdat ik hopp ha dat myn favoriten winne. Nee, ik sjoch de 7 favoriten allegear net yn de prizen fallen.
Ik gean der seker net hinne omdat ik it keatsen geweldich fyn. Nee, ik haw dit jier sa'n kear as 8 bij it earste of haadklasse keatsen west en haw it nea langer útholden dan twa en heale oere.
Mar wêrom sil ik mij, sjoen de waarsberjochten, dochs ferreine litte op dizze lange dei. Werom wol ik dit dochs net misse.
Ik wit it net.

dinsdag 27 juli 2010

Peace yn Riis

Snein yn Riis west. Wat in moaie middei en in moaie jûn. In festifal wat ús werom bringe moast nei it festifal fan 40 jier lyn. Dat is net slagge. It wie net ien ferskil mar allegear ferskillen. It publyk fan doe bestie neffens de tsjinstanners fan doe alinne út langhierrige, hasjrokende jongeren. Sij sochten harren heil yn de tintsjes, ûnder plastik en rookten wiedewiedewiet, wylst de rein mei bakken út de loft foel. Muzyk fan Focus, CCC en Brainbox. Der wiene sa'n 700 man en in peleton Me-ers stie klear.
Dan wie it no wol oars. No wie it hiel jong en hiel âld dat plak socht op de prachtige lokaasje. Mar leafst 1200 man. It waar wie prachtich en it rûkte wat nei wiet mar dat kaam mooglik út in kanon efter op it podium.
Der stapten minsken rûn dy't dúdlik hingjen bleaun wiene yn dy flower-power perioade. Mei tafelkleden as jassen, mei fleurige kleruige broeken en mei blokmkes yn it hier. En burden : ik ha noch nea safolle moaie lange burden bijelkoar sjoen. Der stie gjin peleton Me-ers klear. It wiene no ferkearsbegelieders dy't paad wiisden en ús frenlik wolkom hjitten. De sfear wie geweldich en mei it muzyk wie ek neat mis. Grytsjes Melchers mei band sette mei harren optreden as Janis Joplin om healwei trijen de toan. Wat in power, wat in flouwer! De seabere Stones en de sebeare Who knalden der hiel wat bekinde nûmers tsjinoan en de Veendamse Neil Young die hast neat ûnder foar de echte.
It optrden fan CCCInc. foldie wat mij oangiet net oan de ferwachtings: it wie te flak, te min hichtepunten en te min kontakt mei it publyk.
Machtich om de lêste klanken te hearen yn de tinte op de kamping neist it terrein. It wie doe hast 12 oere.
It hichtepunt? Grytsje Joplin mei Me and BobbyMcGee

maandag 26 juli 2010

Kussiebannen

14 dagen fuort west. Op fakansje. Dat betsjut foar ús as lisfytsende tintsjekampearders net folle nijs opdwaan. Yn feite neat. Pas de lêste twa dagen yn Nederlân dringt him wer nijs op. Hoewol nijs. Thús pak ik al dy Ljouwerter Kranten. Sykje se op folchoarder en begjin te lêzen. Sa't ik in krante oars ek lês. Minder as in kertier per krante. Dus nei in goeie twa oeren bin ik op de hichte fan alles. Mar wie der ek nijs? Dochs net dat Contador de tour wint? Of dat Cambuur en it Fean harren oefenpotsjes tsjin amateurs winne? Of dat er noch gjin kabinet is? Of dat er wer flink wat natoer lijen west hat? Dat der hast gjin transfers yn it fuotbal binne? Dat wij der yn Fryslân alle wiken wer yn slagje ús op de kaart te setten mei in oanwizing dat "het hier zo fantastisch moai is"? Dat der noch altiten striden wurdt oer de namme fan grut Snits? Dat it bij de 4 daagse fan Nijmegen wer te waarm wie? Dat Keek van Tuinen him sels noch altiten leuk fynt op kaatsen.nl? Nee, der wie mar ien berjocht wêr't ik fan yn de war rekke. Wêr't ik poer om waard.
"Het oppompen van de banden van de rollator wordt door sommige zorginstellingen in rekening gebracht". Twa kear de bril skjinmakke, mar it stie der echt.
Ik wol letter in rollator of karke mei kussiebannen.

zaterdag 17 juli 2010

40 jier lyn

Yn 1969 wie Woodstock. Yn juny 1970 wie Holland pop yn it Kralingse bos bij Rotterdam en yn july 1970 wie Peace yn Riis. In opmerklik initiatyf en der waard seker erchtinkend tsjinoansjoen troch de pommeranten yn Gaasterlân, want wat soe dat no wol net wurde mei al dy hasj rokende jongelju mei harren lange hierren. It prachtige filmke fan 1970 sprekt foar him.

It festifal wie muzikaal sjoen in sukses, it waar hie wol wat better kind.
Sjoch dit artikel fan de Ljouwerter krante fan doe.

40 jier lyn spile CCC Incorperated yn Riis. Sij fertsjintwurdigen yn dy tiid de muzyk fan de hippies. En it aardige is dy groep bestiet noch altiten. Trede wat minder op. Twa jier haw ik se noch sjoen yn Ljouwert en de blues folk eftige muzyk swingt noch altiten.



En CCC Inc. komt op 25 july nei it Retro festifal yn Riis. De organisaasje soe graach sjen dat hippies fan doe no wer kamen om te hearen nei muzyk fan doe en te sjen nei dingen fan doe.

Spitich dat ik earne tusken Basel en Wommels fyts en dus net kom.
Mar wa't thús is mei dit net misse. Of je moatte in oergriislike hekel hawwe oan de hippies fan doe.

Op dizze side stiet de prachtige fideo fan doe, mei op de ein de jankende gitaar fan Jan Akkerman fan Brainbox.
De "moaiste" opmerking stiet op goed 5 minuten. "Wat fine jo fan de muzyk? freget de ferslachjouwer oan ien fan de pommeranten. "Te aanhoudend eentonig"

Ek opmerkelik is ek it antwurd op de fraach at it festifal miskien mear dagen duorje kin. Unmooglik sa wurdt sein, want yn dizze swiere kristlike hoeke sil dat nea wat wurde. No 40 jier letter is it gewoan op sneintemiddei.

maandag 12 juli 2010

Nei dokter

Haw fannemoarn in ôfspraak makke en bij de dokter west. Ik hoopte dat hij mij trochstjoere soe. Nei in psycholoog, miskien wol nei in psychiater. Myn klachten: is bin net teloarsteld, ik bin net lilk (op de tsjinstanner, op de skeids, op de Dútsers, op de buorlju, op de spilers of op de koach), ik bin net agressyf wurden, ik haw goed sliept en myn sin is prima. Myn probleem is dat ik gjin leegte fiel en gjin gemis.
It ferlies fan Oranje is foar mij in feit, wat ik ûndergean. Net oars as in berjocht dat bijgelyks de hokkyfroulju krekt wer net de Sjampions Trofee wûn hawwe, of dat Robert Gesink nei ien goeie dei en trije minne dagen teloarstellend op it 46ste plak einigt of dat de tennissers degradeare út de B-poule fan de Davis kup of dat Erik en Jacob Klaas dit jier wer net trochbrekke as haadklasser.
Ik sil tsjin de dokter sizze dat ik mij bij dizze WK iets mear dan 5 minuten echt fermakke ha en dat ik fan Dútslân begong te hâlden en ik net yn it Oranje sliept en rûn ha.

En dokter fielt myn pols, nimt myn hertslach op, mjit myn cholestorol gehalte en test myn eagen en earen. En hij stjoert mij net troch nei in psychodit of in psychodat, nee hij stjoert mij op fakansje. Gean do mar te fytsen. Nei Dútslân, dan sakket dyn leafde foar de Dútsers yn alle gefallen ôf. Want dat is dyn echte probleem.
En sa lit ik mij moarn nei Basel bringe en fyts ik lâns de Rijn werom nei hûs. Sa'n 1200 kilometer om nei te tinken oer dit "drama" wat bij mij mar gjin drama wurde wol. En miskien komt dan nei de fakânsje emoasje los.
Ik tink it net.

zondag 11 juli 2010

Hoe komt it mei Sinterklaas

Dat Nederlân yn 1974 ferlear fan Dútslân yn de finale fan it WK, komt hjoed de dei wer faak yn it nijs. Der wurdt ús oanpraat dat wij mei in trauma omrinne. Dat de tiid doe efkes stil stie, dat wij moannenlang of jierrenlang yn in depresje sitten ha, dat wij oanstriid hiene om Dútslân binnen te fallen, dat wij jierren gjin bratwurst ieten, dat wij fia Frankryk, Italie, Eastenryk en Tsjechie nei Poalen riden en dat wij de Dútsers mear haten troch it fuotbal dan troch de oarloch.
Hoe't it komt mei Sinterklaas nei in mooglik ferlies tsjin Spanje is dan ek gjin fraach mear. Sinterklaas is nei ferlies tsjin Spanje net mear wolkom yn Nederlân.
Levert it dochs noch wat posityfs op.
En fakansje yn Spanje dat kin fansels net mear. Nei dit aardige liet harkje wol.




Oh ja, ik wie yn 1974 yn it Posthûs op Flylân doe't de finale spile waard. Bin dêrnei net yn triennen útbarsten, haw mij ek net besatte en haw ek neat fernield. Nee, de oare deis gewoan wer Dútsers yn de winkel holpen. Gutemorgen...... danke....bitte......schones wetter, ja.ja.ja

vrijdag 9 juli 2010

Simson

De bibel hat mij net folle helden oplevere. Mar Simson is mij wol altyd bij bleaun. Syn ferhaal stiet yn Richteren, foar wa't it opsykje wol. Simson wie de man dy't elkenien foarhold dat syn krêft yn syn hier sit. Dat wie foaral syn fysike krêft. Hij wie troch syn wylde hier in opfallende ferskining en reage filistinen om as bowlingballen. Ik kin mij der wol wat bij foarstelle. Krêft putte út burdhier. Mar dan gjin fysike krêft.
Simson fan de bibel wie ik hast al wer fergetten hoewol't ik nea sûnder in doaske mei syn namme der op paad gean. Want wat er ek oan nije artilkels bijkommen is, ien ding is bleaun. Simson. It bakje mei trije bannelichters, wat lym, en wat plakspul. Dy bannelichters geane mei gemak 100 jier mei. Dat tupke lym net. Ien kear brûke en at je der wer oan ta binne is it meast ferdamd.
Bânplakke, elkenien sil it in kear dien hawwe en fêst mei dat reade doaske yn de buert.

Mear as 100 jier bestiet de fabryk wêr't it makke wurdt. In nijsgjirrich filmke.

maandag 5 juli 2010

Aaipop CD

Alle besikers en alle artysten fan Aaipop 2010 wiene útnoege om in CD presintaasje bij te wenjen. De besikers troch struibriefkes en de artisten mei echte briefkes. Op in sneintemiddei op it plak wêr't it allegear begong is. De Herberch yn Nijlân. Mar goed dat elkenien der net wie. It doarp is foar de helt opbrutsen en in feessie mei safolle minsken op dit terras hie net leuk west.
No wie it wol leuk. Mei wat optredende artysten, mei wat bestjoersleden en harren froulju, wat útnoege artysten dy't graach ree wiene om harren CD's op te heljen, wat foarbijgongers, wat echt publyk en mem de Groot fan Ljouwert.
En net te ferjitten Reitsma, de boargemaster fan de gemeente Wymbritseradiel. Hij mocht út hannen fan foarsitter Teade de Groot it earste eksimplaar fan de libbende CD fan alle artysten fan 2010, ûntfange. En de boargemaster dy glom yn de sinne en fan grutskens.

Hij wie dan dochs mar boargemaster fan de gemeente wêr't dit mooglik wie. En hij soe der foar soargje dat it Aaipop-dossier yn goeie hannen komt yn de nije gemeente.
De twadde CD gie de loft yn mei in 40 tal ballonnen. Dy wie dus bedoeld foar de net-kommers. De finer fan dy CD, d't rjochting de Kliuw gie, is takem jier de gast fan Aaipop.
Optredens wiene der fan OmkeDurkendy, fan Piter Wilkens en fan in twatal mei in heechstwierskynlike Russyske namme. Ljoubjr, ik kin it net ûnthâlde, ik kin it net skriuwe en ik wit net wat it is.
Mar mei de myzuk wie neat mis.
Foar tolve en in heale euro in CD en in Aaipopsjurt, it is gjin jild. En de tagong wie ek noch fergees. Aaipopbesikers jim hawwe it raar fersitten.



zondag 4 juli 2010

Gjin kommentaar

Ik haw mear mei wurden dan mei foto's. Mar soms binne foto's sa yndrukwekkend dat je gjin wurden nedich ha. Dat wurden oerstallich binne. Dat der gjin wurden foar binne.
Sjoch nei dizze fotosearje mei de titel Postcards from hell


zondag 27 juni 2010

Sa no en dan moat ik de linen kalkje bij SDS. Dat dogge je mei in karke en at it fjild wat hobbelich is of je ha de kop der efkes net goed bij dan hawwe je samar in bochtje yn de line. Dat levert soms kommentaar op fan foaral net kalkers. Sij witte net heal hoe dreech dit putsje is. Mar altiten at ik mei Willem oan it kalkjen bin dat sizze wij tsjinelkoar: der binne mar twa stikjes linen dy't der echt ta dogge; twa kear 7 meter 32. Dy stikjes dy moatte goed dúdlik en rjocht wêze.
Al dy oare linen hawwe seker in funksje mar kinne net tippe oan dy twa lytse stikjes.

De wichtichste bijsaak yn it libben is it fuotbal. Fuotbal is oarloach. Voetbal is God. It fuotbal is yn de macht fan de kommersje. Fifa en Uefa binne machtiger as de president fan Europa. Hûnderten kamera's yn it stadion, dy't alle bewegingen fan alle fuotballers mear as 90 minuten yn de gaten hâlde. It wurdt gewoan en fertraachd ôfspile. Hûnderten filmkamera's en fotografen dy't alles en elkenien fêstlizze.
Kamera's dy't op de sentimeter registreare kinne wêr't in bal is. Hoe't de bal falt en ...at in bal oer de line west hat.
Oer dy 7 meter 32 oan beide kanten dêr mei nea de diskusje oer gean. Je moatte alle helpmiddelen brûke om de goeie beslissing te nimmen. Want de trije man yn it swart, giel, read of blau kinne it net altiten sjen.

Pake Blatter, yn Nij Stapert is noch plak. En oars meitsje wij plak. Fan herte wolkom en at Hendrik E it goed fynt dan soe ik jo gelyk oanstelle as statutair eare foarsitter fan it WK 2011. Ride wij jo jûns yn je karke nei bûten en dan sil je it beleve mei doeltsjes sûnder linen en emoasjes om fan te wettertoskjen.

vrijdag 25 juni 2010

Lekke bân

Razend wie myn heit eartiids at ik nei in lekke bân trochfytst wie. Net in meter mochten je trochgean, want binnen- en bûtenbân gyngen der gelyk hielendal oan.
Wêr't ik ek wie, ik moast rinne.
It wie hjoed moai waar en in fytsritsje fia Arum, Kimswert nei Harns en fia Frjentsjer werom like mij net ferkeard. Wat spul mei, want soms betink ik mij en gean der folle fierder op út.
Bij Kimswert twifele ik noch efkes om nei Koarnwertersân te gean. It waard dus Harns. Ik groete de Stiennen man, ik seach efkes bij de boaten en ik gie op nei Mullem.
Krekt oer de brêge bij de slús knalde it efkes flink skeef ûnder mij en ik wist it gelyk: in klapbân.
Ik toffelje de stêd troch op syk nei in fytsemakker mar konstatear dat ik myn beurs net bij mij ha. "Sjit, en de tillefoan is ek leech sjoch ik". Wat no. Net folle kunde yn de stêd útsein de Stienen man en Pyt Paulusma. Mar dy kinne mij wer net.
Ik jouw mij earst del en lês in flink ein út in boek wat ik ek mei ha.
Lang om let beslút ik dan dochs mar nei hús te fytsen. Ik bin no sels baas.
Ik haw gjin erfaring om mei in lekke bân te fytsen. Ik realisear mij ek dat der nei in oantal kilometers neat oer is fan de bân (sa hat myn heit altiten sein) mar it is myn ienige kar.
Der sille wol hiel wat lju tocht ha, dêr ha je wol in hiele typyske man: grut burd, lisfyts, mp 3, sinnebril en pet op en gjin lucht yn de efterbân.
Mei in gonkje fan 16 kilometer per oere tuf ik fia Achlum, de slachtedyk en Kûbaard nei hûs.
Ik gean yn ien kear troch. Doar net nei de bân te sjen en ferwachtsje elk momint dat it rubber mij om de earen flocht.
Sûnder ûnderbrekking kom ik thús. Ik sjoch nei de bân. Neat te sjen. Sa plat as in dûbeltsje mar gjin skramke te sjen.
Nei it ferwikseljen fan de binnenbân, meitsje ik in ritsje.
Neat oan de hân.
Moraal: Plak nea wer in bân ûnderweis, mar fyts gewoan troch. De goeie bân kin it hawwe. Schwalbe Maraton.

zondag 20 juni 2010


"Mannen met een groot hart" , in literaire triller fan Inger Frimansson hold mij de lêste dagen dwaande. Sa'n boeiend ferhaal oer it fak brânwachtman. In ferhaal oer de dea,oer de eangst en ek oer sukseskes. En foaral it ferhaal fan in ôfwezen brânwachtman. In jongesdream dy't net útkomt. Sneintemoarn út.

En sa lês ik mei muzyk op de eftergrûn. Muzyk fan de kompjoeter. Mei Spotify. In prachtige applikaasje. Safolle ferskaat oan muzyk fia ynternet.
En op sneintemoarn is der neat mei Iris Dement. En seker net mei John Prine.

vrijdag 18 juni 2010

It is feest yn Wommels

Feest yn Wommels. Fanôf tongersdeitemiddei kin ik werom yn de tiid mei Folklore Fryslân, kin ik mei myn fersierde lisfyts efter in korps oan, kin ik de sinnewaarmte opsykje bij Dy Twa, mei ik mij de bealch stiif keatse, mei ik lunche, sigaarsmoke, ierpelskile, bingo spylje, mei dwaan oan WK fuotbal, in slettereace ôflizze en myn sjongtalint sjen litte. En at dat net genôch is kin ik mei ek noch yn it Oranje tjirje op it matinee. En oan de ein fan dit alles mei ik ek noch toulûke at de bealch al net stikken is fan it keatsen en it sletteracen, de earm net út it potsje is fan it ierpelskilen en de longen net ticht slipt binne fan it sigaarsmoken.

Ik kin it allegear ek net dwaan. It hoecht net.
Ik kin ek gewoan allegear waardeloaze fuotbalwedstriden sjen, in boek lêze, boadskipje en Kûbaard 6 kear omfytse op ien dei.

zondag 13 juni 2010

In tsjettel giet 17 jier mei

In tsjettel kin hiel lang mei. Krijt nei ferrin fan tiid allinne wat lêst fan tsjettelstien mar fierders net. De bûtenkant kin hiel lang moai bliuwe at je it ding mar wat ûnderhâlde. Sa no en dan in skjinne doek der oerhinne en it spegelt wer.
Allinne de fluit dy moatte je bij in tsjettel noch wolris ferfange. Helaas is der noch gjin wittenskiplik ûndersyk dien, hoe lang in tsjettel no gemiddeld meigiet.
Ik tink dat 17 jier aardich yn de buert komt. It bewiis? Tsjettel hâldt der nei 17 jier mei op. In band dy’t him sels goed ûnderhold en sa goed troch de tiid hinne kommen is.
Ien kear moast der in “nije fluit” komme (André Posthuma ferliet de band en Arnold Strikwerda kaam der bij). 17 jier jier lang spatten se der foar at it koe. Op Aaipop, op Uteinrock, op Swimbadpop, op Litpop en op allegear oare Poppen.
Se beukten, se klommen, se bonkten, se sprongen, se gitaarden, se drumden, se basten, se songen, se raasden, se balten, se smieten en se batsten. En dat allegear yn in melody. En yn ús eigen Fryske taal. Tsjettel dat wie altyd in boeiend spektakel en dat sille wij no misse moatte. Want letterlik en figuerlik lutsen se sneontejûn yn Kûbaard de stekker der út.
Nei in optreden op Pimpop wêr’t Tiede van der Velde akrobatyske toeren úthelle en syn mikrofoan flink op de bealch joech en wêr’t it maksimale lûd helle waard, wie it om 23.40 oere dien.
En mei “Hij wol net mear, hij wol net mear”, it liet spesjaal spile foar Pieter van der Velde dy’t syn gitaar foarloapich net mear janke lit, stoar de muzyk fuort en lieten de bandleden in leech podium efter.
It “wij wolle mear” bleau foar ien kear ûnbeantwurde.
Doe’t ik 38 wie fûn ik harren muzyk al orisjineel en stevich en 17 jier letter is dat net oars. Moai dat de Cd's der noch binne.
Tsjettel (de namme is in frije Fryske oersetting fan Seattle)is net mear. Mar gelokkich binne de bandleden der noch wol. Wij wachtsje rêstich ôf at dizze Tsjettel ek in oare bestimming krijt.

vrijdag 11 juni 2010

Oranje



Op myn frije freed is myn earste loopke moarns meast nei de bakker. In dei begjint goed mei farske bôle bij de waarme bakker wei. Der is rom ferskaat en as leafhawwer fan bôleguod is it alle kearen wer dreech om wat oars, wat bijsûnders mei te nimmen.
Sa ek hjoed. Myn each foel op in moaie rûne bôle. In kaartsje derbij dat it wat bijsûnders is en dat wurket blykber bij mij. Mei wat oar lyts spul kom ik thús. Lis it spul op tafel en krij de skrik te pakken. Bin ik der dochs wer ynrûn. Hie ik mij sa foarnommen om net mei te gean yn de oranjegekte, om op gjin inkele wize te toanen dat ik mar iets ha mei oranje, kom ik thús mei in gewoane Vikorn bôle mei oranje pitsjes der opspuite. Hoe koe ik sa sliepperich wêze fannemoarn.
Ik sil de kommende dagen der kop der better bij ha moatte. Gjin woartels en gjin sinasappels, mar foaral gjin beessies, slingers, sjalen, petten, toeters en sjurtsjes meinimme.
De bôle wie lekker en ik sjoch dat mei in unike koade der ek noch wat te winnen is. "In klinik foar it hiele team mei âld ynternasjonals". Dat liket mij wol ta foar ús as feteranen fan SDS. Dogge wij gewoan ús swart-wite tenue oan.
Oh, ja. At jim dizze dagen immen rinne sjogge yn in Skots sjurt dan bin ik it. "Dy dogge net mei", sille jim sizze. Dat klopt. Mar ik doch ek net mei oan dy oranje gekte.

woensdag 9 juni 2010

Stimme

Hjoed is it 9 juny. Wij meie stimme. De ôfrûne moannen en seker de ôfrûne wiken waarden wij op de tv deasmiten mei potsjes bekfjochtsjen. Beskamsume fertoaningen fan minsken dy't ús foarhâlde wolle dat wij mear noarmen en wearden neistribje moatte. Ien fan myn noarm is it útsprekke litte fan oare minsken. En dat is dy hapsnurkers net slagge. En dochs haw ik mar stimd. Want it reinde net, it wie net te waarm, ik moast dochs efkes it doarp yn en de âld papierbak wie krekt lege en dy woe ik leech hâlde.
In hiel grut stik papier. Mei wit ik wol net hoefolle nammen. Kinne wij tenei net op in partij stimme. Dan sykje dy it letter mar út wa't yn de keamer komt of minister wurdt. Om in tsjinlûd te jaan haw ik op partij 14 stimd "Mens en Spirit". Wa't de listlûker is. Gjin idee.
Ik tink dat ik jûn lekker lêzen gean. En moarn sjoch ik wol at "myn" partij ek in sit helle hat. At dat sa is, dan bin ik tefreden. Hat it dochs noch sin hân.

zondag 6 juni 2010

Keatse en fuotbal

Op it binnepaad yn de buert fan Tritsum moast ik fannemoarn in oanfal fan tal fan fûgels trochstean. Op harren eigen wize wiene se dwaande harren nêst te beskwermjen. Se hiene de muoite besparje kinnen want ik hie gjin kea yn it sin. Nee, myn tinzen wiene mear dwaande mei sneon. Nei it keatsen en it fuotbaljen west.
Mocht der noch twifel wêze wat ik leuk fyn dan is de twifel no fuort. Haadklassekeatse froulju en manlju; heger nivo kinne je net krije op ien middei. En dat waard foar myn gefoel in lange middei. In sfearloas barren. Wat famylje, in ferdwaalde taskôger en de ferplichte sit fan de karmasters. It oansjen fan it fjild die it ek net goed. At se yn Bahrein keatsfjilden oanlizzen dan sil dat der sa útsjen. En ien ferkearde beweging fan in keatser levert gelyk in blaue kaart op.
Wat wie ik bliid dat it healwei fiven wie. Op nei it fuotbal. De heale bekerfinale fan Sneek WZ en HSC 21. Grien gers al is dat keunst. Mar wat in striid en wat in emoasje. En wat in finale. Lêste minút it winnende doelpunt. Ik wist it wol mar it is no nochris befestige. Ik bin hielendal útkeatst. Ik gean der allinne noch út ferfeling hinne. En om myn sosjale kontakten wat te ûnderhâlden.
En sa fyts ik rjochting Tsjom en harkje nei Runrig: Hearts of Olden Glory.


vrijdag 4 juni 2010

Fytswaar

Sa moai is it yn de greidhoeke. Wolkom allegear. Wol yn besit... on Twitpic

Wat in prachtich fytswaar. Troch 19 doarpen en ien stêd. Easterein, Reahûs, Snits, Toppenhuzen, Twellegea, Diken, Teroele, Jiskenhuzen, Sint Nyk, Skarsterbrêge, de Jouwer, de Broek, Goingearyp, Terherne, Jirnsum, Raard, Easterwierrum, Wiuwert, Britswert, Itens, Easterein en Wommels.

Fotot is makke op it binnepaad tusken Easterwierrum en Wiuwert. It wie sykjen dêr!!

Skulptueren

In skultuer is in romtelik byldhouwwurk, wat makke is troch materiaal fuort te heljen. Sa sjogge je winters iisskultueren en simmers sânskultueren. Prachtige bouwwurken wurde der betiden makke. Yn Rotterdam is op dit stuit in hiele bijsûndere útstallingen fan skulptueren dy't mei it minslik lichem te meitsjen hawwe. Sjocht hjir

Yn 2009 wiene der prachtige sânskulptueren op Tessel.

 
Posted by Picasa


 
Posted by Picasa

zondag 30 mei 2010

Op de kamping

Dit wykein stie yn it teken fan de famylje. It wie de kâlde kant fan de Holtroppen wer slagge in kamping te finen wêr't gjin karafans mei gerananiums foar de rúten en túnkabouters bij de yngong stiene. Alle 15 plakken wiene foar ús. En dy hiene wij ek nedich mei 20 tinten, twa sleurhutten en sa'n 40 minsken. En ús multifuksjoniele mar leadswiere legertinte en de tapynstallaazje wie der fansels ek.
Bingo wie ferbean en oars mocht alles. Je mochten neat dwaan, omhingje, bierdrinke, op koekjes trakteare, buienradar op de foet folge, foto's meitsje, blêre as lampkes, serieus prate, de hûn útlitte, in poepke litte, in nij fet oanslúte, gitaar spylje, brún wurde yn de sinne, wiet wurde yn de rein, snurkje as boargen, fit wurde op it folleybalfjild, linich wurde op de trampoline, de smaak te pakken krije fan in tapbierke, efter de pûst reitsje fan foetfolley, skealike stoffen ynnimme bij it smoken, je twitterfreonen jaloers meitsje mei in tweet, noch fitter wurde fan al wer in bierke, bijkomme mei kofje en de darmen op de proef stelle mei de barbekjoe. En at je perfoarst woene, mochten je ek fan de kamping.
Kamping Revehof bij Dronten is foar ús it ideale plakje om wer in jier praat te hawwen.

woensdag 26 mei 2010

Eartiids wie alles better

Eartiids wie alles better. Dat is lykwols net wier. Want eksamen dwaan froeger en no is wol wat in ferskil.
Ik seach foto's fan bern dy't harren tafel ynrjochten foar it eksamen. Flessen wetter, in heal ûntbijt, in twix, in mars, in mandarijn en wat studentehaver. En fansels de wurdeboeken, de rekkenmasjines, de earwaarmers, de stressbal en it klachtebriefke.
Nee, froeger wie it net better, mei allinne in pen en wat papierke op tafel.
Nee, froeger koene wij net klaaie dat der bûten auto's riden, dat in doar kreaket dat in F16 troch de lûdsbarriere giet, dat der in spin oan it plafon hinget, dat in learaar stonk of dat it te dreech wie.
Nee, froeger wie net alles better.

maandag 24 mei 2010

Kûbaard om

Ik mei graach Kûbaard efkes om. Efkes deidreame op de lisfyts. In lyts of in grut rûntsje Kûbaard. Dat grutte rûntsje giet fan Wommels ôf yn K0baard lofts ôf, fia de Slachte kom je dan út bij it fytspaad nei Tritzum. In paradyske is it dêr. Dy 2 kilometer troch it lân, op in smel en bochtich betonpaad, tusken hege gerzen en in soad blommeguod is alle kearen wer in geweldige belibbenis. Dêr tref ik hast nea immen. Ik reitsje dêr oere en tiid hielendal kwyt. En ik wit betiden ek net mear wêr't ik bin. En dat hoech ik ek net te witten.
Mar sûnt koart is dat oars. Ik seach it hjoed fan fierren al stean. Wat is dat dêr no. In ferkearsboerd. Midden yn it lân? Mei ik dêr net parkeare of is ynheljen ferbean?



Wat tichter ik bij kom wat mear myn ferwûndering. Werom stiet hjir in boerd midden yn it lân.






Ik bin no yn de gemeente Littenseradiel wol it boerd mij dúdlik meitsje. Mar dat wol ik hielendal net witte. Ik wol gewoan hjir wêze en dat hjir is hjir. Dat hoecht net in namme te nammen en ik wol it net witte. Tiid, oere en plak wol ik net witte at ik hjir bin. Wat hat it fan doel dat ik wit dat ik hjir midden yn it lân yn Littenseradiel bin. Wêr bin ik dan oan de oare kant fan it boerd. Hjir reitsje ik fan yn é war.

Dit boerd moat der wei. Dit steurt mij mear as in draaiende wynmûne. Kin yn it ramt fan besunigingen ek in heroerwaging makke wurde om sokke ûnnoazele buorden yn it l n fuort te besunigjen. At se dan dochs wat oanjaan wolle doch it dan mei in moaie griene tekst op it paad.

zaterdag 22 mei 2010

11 swellen

Yn Ljouwert is in fuotbalklup dy hawwe se nei sweltsjes neamd. Wat de reden dêr fan is, wit ik net. Wol ik ek net mear witte. It is in skande dat sa'n fuotbalklup him neame lit nei in fûgel.
In sweltsje is in sjongfûgel. At ik in Ljouwerter swel wie soe ik mar net te lûd sjonge. Want dat hat in falsk lûd. En gemien. En ûnbetrouber.
In swel wurdt yn de skiednis ek sjoen as in fûgel dy't gelok bringt. Dy fabel kin de wrâld gelyk út. Ungelok bringe se. Seker yn Easterein.
Der wurdt ek wolris sein dat wêr't in sweltsje syn nêst makke, dat de bliksem dêr net ynslaan sil. Ik hoop dat it krekt oarsom is en dat der tal fan nêsten binne op harren sportpark.
Om mij mei it dêr tongerje en ynslaan.
11 Ljouwerter swellen fan Ljouwerter Swellen 11 presteare it om dizze kompetysje 3 kear ôf te beljen. Trije kear wylst wij mar twa kear tsjinelkoar hoege. En dan hawwe wij ek noch in kear yn Ljouwert west. Sels dat wie in drama. Gjin fjild, gjin boks, gjin skeids en gjin bal.
KNVB gryp yn: skors sokke lju foar lange tiid en set se asjublyft nea wer bij SDS 5 yn de kompetysje.

zondag 16 mei 2010

Spanning

Ik siet oan de ein fan de middei foar de TV. Sparta - Excelsior. De twadde helte. Wat in ferskriklike fertoaning wie dat. Alles wat ferkeard gean koe, gie ferkeard. Oan beide kanten. Dêrneist noch irritante oertredingen en irritant gedrach. Mar it wie wol spannend. Want de hinne wedstriid wie yn 0-0 einige. En dat hold mij bij de t.v. Ik tocht oan earder hjoed. Yn Boalsert bij it keatsen wêr't it ek spannend wie en ek seker net goed. En hiel efkes flitste it troch mij hinne dat ik hjoed it keatsen moaier fûn as it fuotbaljen. En dat is unyk. Mar it gefoel duorre net lang. 86 minuten hiene wij wachte op de mominten. De mominten dy't fuotbal sa moai meitsje kinne.
86 ste minút: Excelsior krijt strafskop. Fernandez mist troch heech neist te sjitten
91 ste minút: Sparte skoart en Aad de Mos giet út syn dak.
94 ste minút: Excelsior skoart (Fernandez) en Aad wit it ek net mear
95 ste minút: Sparta is degradeart. Gûlende bern, gúlende frouen en gúlende mannen. Allegear mei in Sparta sjurt oan en in Sparte sjaal om. En Aad: dy wit net hoe gau der fuort wêze moat.

donderdag 13 mei 2010

In lange dei

Stel no ris foar dat kunde fan mij út it Westen fan it lân woansdei belle hie en tsjin mij sein hie: "Aant, ik wol tongersdei nei it keatsen yn Tsjummearum. Ik haw heard dat it allegear oars wurdt en wol it âlde spul in kear meimeitsje. Fan de earste oant de lêste slach wol ik it meimeitsje. Wat soesto dêr fan fine."
En hij heakket der noch oan ta: "Ja ik wit datsto wol wat kritysk bist oer it keatsen mar dit moast foar mij oer ha, ik wol it mei dij belibje."
Myn foarstel om de hiele dei nei de blomkemerk yn Ljouwert te gean, waard net yn behanneling nommen.
En sa fytse wij (yn myn fantasij)moarns om 9 oere Wommels út om nei 18 kilometer oan te kommen yn Tsjummearum. 10.00 begjint it.
Ik lis him út dat ik earst foar Wommels bin, dêrnei foar Easterein en dêrnei foar Hartwert en dat it mij dêrnei hielendal neat útmakket. Foar 12 oere binne myn en dus ek syn favoriten der ôf. Wij drinke wat (net ûntinkber) wij ite in fiskje, wij rinne wat en wij prate wat mei dizze en dy. En wij sjogge wat nei it keatsen. Mar foaral wij wachtsje...wachtsje...wachtsje op de lêste slach. Om ende bij 19.00 oere falt de lêste slach en wij binne stikken. Stikken fan it wachtsjen.
Op wei nei hûs prate wij nei. "Hat it wat foldien?", sa wol ik graach witte.
Ik krij der gjin sinnich wurd mear út. Hij falt op de fyts yn sliep deawurch fan it wachtsjen.

Gelokkich haw ik gjin kunde yn it westen dy't sokke fragen stelt. Gelokkich koe ik it sels bepale. Op de fyts nei Tsjummearum (18 km) Wommels, Easterein en Hartwert foar tolven ferliezen sjen, in praatsje, in bakje kofje en kibbeling, op de fyts nei Ljouwert (22 km), swinge op de blues fan the Nighthawks yn de Prinsetún, in bierke of wat en op nei hûs (21 kilometer). In moaie dei en foar iterstiid thús.

Minne tiden

Ien grut Europa is it beste foar de takomst, waard ús al moai wat jierren lyn foarholden. Wij mochten der oer stimme. Mar myn stim hat net folle holpen. Ik leau der net yn. Ik leau yn lyts en lytsskalich. It iene lân nei it oare komt yn krisis en dat is no ek ús probleem. Werom ik dit skriuw? Ingelân hat wer in nije regearing. It lân is yn dikke krisis en dat ûndanks it linksriden en de pûn.
Hiene ek sij echt bij Europa heard, hiene wij dat probleem der ek wer bij.
Mar ik los alle problemen op mei muzyk.
Twa klipkes mei it selde nûmer. Hard times of old England. Fan Steely Dan en de âlde mannen fan de Copper family. En de tekst stiet der ûnder. Hearlik sa'n ballade yn twa útfieringen.






Come all brother tradesmen that travel alone,
O, pray come and tell me where the trade is all gone,
Long time I have travelled and cannot find none,
And it's O, the hard times of old England,
In old England very hard times.

Provisions you buy at the shop it is true,
But if you've no money there's none there for you.
So what's a poor man and his family to do?
And it's O, the hard times of old England,
In old England very hard times.

If you go to a shop and you ask for a job
They will answer you there with a shake and a nod.
That's enough to make a poor man to turn out and rob,
And it's O, the hard times of old England,
In old England very hard times.

You will see the poor tradesmen a-walking the street
From morning till night for employment to seek.
And scarcely they have any shoes to their feet,
And it's O, the hard times of old England,
In old England very hard times.

Our soldiers and sailors have just come from war,
Been fighting for their King and their country sure,
Come home to be starved better have stayed where they were,
And it's O, the hard times of old England,
In old England very hard times.

So now to conclude and to finish my song
Let us hope that these hard times they will not last long.
And I may soon have occasion to alter my song,
And sing O, the good times of old England,
In old England very good times.

woensdag 12 mei 2010

Wettereangst

Ek ik haw myn dreamen. Mei mear as bysûndere belangstelling folgje ik as lânrôt it skûtsjesilen. Skûtsjeskipper wêze dat is in dream foar mij. Mar om dat te wurden moatte je út in skipperslaach komme. En dat liket der net op. Ik bin yn de stambeam al oan it sykjen west at ek earne in oanwizing is dat ik skippersbloed ha, mar it levere neat op.
Ik sil mij der bij dellizze moatte dat skipper wurde der net ynsit.
Net allinne om dy reden sit it der net yn. Ik haw ek wettereangst. Ik tink net dat ik dêr mei berne bin. Ik slút net dat, nee ik bin der wol wis fan, dat haw ik opdien doe't ik 6 wie. Fanôf dat momint wie wetter gefaar, wie wetter de dea. Yn dy sfear bin ik grut wurden. Mei dat gefoel moast ik swimles dwaan yn it LOZ, it Leeuwarder Overdekt Zwembad. Wat wiene dat freeslike middeis. Hieltyd mar wer de striid oangean mei it wetter, mei dy swimleraar. In diploma? It is him net wurden. Ik moast altyd stean kinne, oars bruts der fan binnen panyk út bij mij.
Boatsjefarre is gjin genoegen foar mij en ik moat fêststelle dat it mei de jierren allinne mar slimmer wurden is. Wettereangst.
Skûtsjeskipper wurde dat sil in dream bliuwe foar mij want in dream mei wetter is bij mij meast in nachtmerje.

maandag 10 mei 2010

55 plus

Dêr wurdt ik no net bliid fan. In útnoeging foar de Lekker Vitaalmerke yn it Swimbad yn Wommels. Ik griis allinne al bij it idee dat ik nei it swimbad moat. Dat hat altiten in straf west at ik der mei de bern hinne moast om harren it swimmen leare te litten.
Ik griis hast like folle fan it feit dat ik mei de noas op de feiten drukt wurd: 55 plus.
Ik hoop dat it der hartstikke drok wurdt kommende sneon. Dat elkenien mar tefreden nei hûs gean mei, folstoppe mei tips en trucs oer iten en beweging.
Mar ik hoop wol dat de besikers harren "image en styling" hâlde want at Nelleke Mulder yn de buert komt, dan kinne je samar feroarje yn in opstoppe kwast.
Ik gean dy dei lekker fuotbaljen en fytse en nei ôfrin ûnder de brûs en de fingers troch it burd sadat ek wer wat liket en in bierke foar in goeie trochstreaming fan it bloed.

vrijdag 7 mei 2010

Gjin leger, gjin oarloch

Maarten van Rossum, de eigensinnige professor, dy’t in miening hat oer alles en elkenien, wat mij tige oansprekt, sei it dizze wike: “At Hitler der net west hie, hie der gjin twadde wrâldkriich west”. Ik tocht oan dy útspraak doe’t ik 5 maaie op it befrijingsfestifal yn Wageningen wie. No, ja befrijingsfestifal. Bij de muzyk wie net te kommen. Ik skat dat ik mij lans sa’n 50.000 minsken wrotte moast om van Velzen te sjen en dat hie net slagge sûnder spul te krijen. En dat is no krekt net de bedoeling at it om frede giet.
“At der gjin leger wie, is der ek gjin oarloach”, mompele ik yn mijsels, doe’t ik lans dy oare 50.000 minsken fytste dy’t oan de kant fan de dyk stiene. Sij stiene der net foar mij, mar se stiene dêr te wachtsjen op al dy jeeps, tanks, militaire korpsen, 3-tonners, Kanadezen en soldaten dy’t oan de optocht meidiene.
Ik seach soldaten en foaral eks-soldaten. Sij hiene foar dizze gelegenheid harren uniform wer opsocht en rûnen mei it boarst foarút, foar safier dat slagge mei al dy medaljes op it boarst.

Depri waard ik der fan. “At der gjin leger wie, is der ek gjin oarloach”, sei ik lûdop en it wie mar in gelok dat se mij net ferstiene oars hie ik miskien al wer spul hân.
“At der gjin leger wie, is der gjin oarloach,” en ik tocht oan myn jeugdsûnde fan jannewaris 1975 oant april 1976.
5 maaie 2010 wie ik yn Wageningen, it episintrum fan de betinking. En ik wie bliid dat ik de stêd gau efter mij litte koe. Ik ferlangde nei it befrijingsfestifal yn Ljouwert. Nei in bierke yn de Prinsetûn en nei Scrum. Want dêr wurd ik net herinnere oan in leger wat der nea wêze muotten hie.
Stel je foar...gjin leger.....

dinsdag 4 mei 2010

Gjin berch te heech

De titel fan dit stikje dekt de lading net. Want in berch is mij gau te heech. Ik bin net sa'n berchgeit. Mar dat witte je pas at je it prebearje. It fielt al as in oerwinning at ik de Cauberg fytsend opkom. Mar goed dat ik gjin hertslachmeter draach. Wat in freeslike ynspanning. Allinne mar dwaande wêze om krekt genôch gong te holden om net om te donderjen. 2008 slagge it krekt, mar yn 2010 gie ik mei gemak nei boppen. Ik tink tanksij myn nije fyts. En omdat ik wat earder boppe wie koe ik Jellie moai op de foto sette. Dy hie ek net folle each foar de omjouwing.

zaterdag 1 mei 2010

Stop

1 maaie!!! ik bin stoppe mei Wommels.nl.

zondag 25 april 2010

Super



Wat in middei, wat in jûn. Bluesmuzyk yn Easterein. BJ Hegen mei Auke Bloemhof en maten. Jong en âld (foaral âld) stie op de dûnsflier. Wat in sfear, wat in muzyk. Wat bin ik bliid dat der folgend jier wer blues is yn Easterein.




vrijdag 23 april 2010

Muzyk

It wie hjoed net in moaie dei om in kninehok ynelkoar te setten. Ik wit ek net at der wol geskikte dagen binne om dat te dwaan. It wie wol in moaie dei om te fytsen. Dus de stoute fytsskuon mar oan en op de Sinner rjochting Tsjom. "Tsjom dêr binne alle minsken dom, útsein dûmny en pastoar dy witte wat mear as in oar". Dy siswize haw ik al hiel lang lyn leard en alle kearen at ik dêr nei ta fyts tink ik dêr oan. Wylst de klanken fan ACDC mei Hells bells út myn MP 3 klinke draai ik foar Tsjom op nei Tritzum. En it wurdt dom nim ik mei op wei nei Tritzum. Dom, fyn ik it berjocht dat lûdsdragers op fytsen feitlik ferbean wurde moatte. "Tommy, can you hear me" sjongt The Who en ik hear de skriezen sjongen. Wêrom mei ik op de fyts net in muzykje op hawwe. Ik hear alles mei de dopkes yn de earen. "Fly away" sjongt Lenny Kravitz wylst ik twa F16 opstigen hear. Alles wurdt sa stadichoan ferbean. Autoride mei in komplete diskoteek der mei wol en in fytser mei wat eftergrûn muzyk mei net. En wylst Normaal Oerend hard sjongt draai ik de Slachte op en hear ik in moter 5 kilometer fierderop oplûken. Noch 90 sekonden dan hellet hij mij yn. Nee der ûntgiet mij echt neat.
Ophâlde mei dat ferbiedende belied. Lekker relakst fytse yn de greidhoeke is machtich en dan harkje nei de klanken fan John Miles.

maandag 19 april 2010

Fuzjekrante

Ik wist hjoed net hoe gau ik nei de papierkontainer drave moast. "Fúzjekrante Súdwest Fryslân" stie der op in krante. "De bouw van uw nieuwe gemeente is gestart".
Ik wit net at it al yn Snits bekend is, mar dan is it goed om it hjir noch efkes te melden. Littenseradiel docht net mei. De rie yn dizze gemeente hat wol harke nei de bewenners.
Ik winskje dy 88.000 ynwenners sterkte mei dy bestjoerders dy't geile op grut, grutter, grutst. Bin it bline hynders of binne se geowan in bytsje gek.

zondag 18 april 2010

Fuotbalsjurtsjeswaskdei

Snein 18 april wie in moaie dei. It begong mei inkele buien. Ja seker, bij de Formule 1 yn Sjina. Om 9 oere begong it en wat buikes bij autoresen is net ferkeard. Hjir skynde de sinne en waaide it net te hurd. Dêrom de Fluessen mar efkes om op de lisfyts. Fia Folgeare, Easthim, Heech, de Hommerts, Wâldsein, Ealahûzen, Koudum, it Heidenskip en Warkum werom nei Wommels. En at je sa'n dei wat om je hinne sjogge dan falt op dat it sneins fuotbalsjurtsjeswaskdei is. Bij in pleats bij Koufurderige hongen de sjurtsjes fan Hommerts, bij Wâldsein de readen fan de klup mei de selde namme en flakbij Kolderwolde seach ik it giele fan de Wâlde. En thús hongen de sjurtsjen fan SDS 5. Dy wiene 4 oerkes letter moai droech. Dêrnei De Amstel Gold race sjen, Langs de Lijn heare en Studio Sport sjen. It wie in sportive dei.

vrijdag 16 april 2010

Kalkje



Sa no en dan mei ik de linen útsette bij SDS. Letterlik wol te ferstean. Hjoed wie it wer safier. Tegearre mei Willem. Willem as kompas en ik efter de karre. De kalkkarre. Op de fjilden fan SDS. At it gers wat grien is dan is dat best aardich wurk. In moaie strakke line lûke bliuwt lykwols in hiele keunst. En seker hjoed de dei. It swiere karke troch de sânbulten triuwe komt echt op de bealch oan. Want je soene hast sizze dat der in swiere sânstoarm oer Easterein raasd is. Minsken wat in sân. Moai sân, dêr net fan. Mar lêstich om in karke foarút te triuwen. En noch lestiger om der in line op te krijen. En hielendal lestich om in bal rolje te litten.
Ik bin benijd moarn. Wij hawwe ús bêst dien, mar hiene net folle eare fan ús wurk. At der moarn net mear in line op stiet....

woensdag 14 april 2010

Reuny

It kin der kommende sneon 17 april wol ris mâl om wei gean yn Wommels. Ik tink foaral yn de buert fan it gemeentehûs, op de Keatsebaan en it begjin fan de Hofkamp. Ik slút ek net dat it Stroek tsjinje sil ûnderdûkplak en dat it op de Suderhaven ek ûnrêstich is. It soe samar kinne dat jim folwoeksen mannen draven sjogge, efter hagen fuortdûken sjogge en de pot ferlosse.Of dat se elkoar mei stokken te liif geane lykas it gefal wie yn de begjinjierren 60.
Want yn dy tiid wie it meast woansdeitemiddei oarloach. Tusken de herfoarme skoalle en de iepenbiere skoalle. De iene stie oan de Hofkamp en de oare oan de Keatsebaan. En at se elkoar dy moarns seagen dan ropen se tsjinelkoar: "fannemiddei oarloch om 2 oere".
Dat wiene nochris tiden: geowan in oarloach ôfsprekke en de begjintiid der bij neame.
Der binne nea slachtoffers fallen, it "gefjocht" duorre meast ek net lang. Want al gau waard der ropt: "sille wij potbaarne". En de lantearnepeal op de Keatsebaan waard efkes it middelpunt fan alles. En dat potbaarnen dat brocht partijen earst bijelkoar mar dêrnei ek wer tsjinoerelkoar. Want bij it kiezen fan de partijen kamen de skoallen wer tsjinoer elkoar te stean. En soms gie it mei it potbaarnen mis. Gemien spul. En dan wie it echt oarloach. Sûnder oankundiging, mar mei stokken.
Sneon 17 april hat de iepenbiere skoalle yn Wommels in reuny. Moai is dat. Ik hoop dat se net allinne werom sjogge op de tiid yn de bankjes mar dat ek nei "dy moaie potbaarnerij" op woansdeitemiddei. Ik bin benijd at se sneon ek potbaarne. It kin sûnder driging fan dy irritante herfoarmen, want dy binne der sneon net bij.

zondag 11 april 2010

Tjeerd Abma

Mei muzyk fermeitsje ik mij tige. Mar muzikaal bin ik net. Wol muzikaal is Tjeerd Abma. In omkesizzer. Komt út Frjentsjer en hij hat meardere feestjes opfleure mei syn muzyk. Ek hjir yn Wommels en Easterein. Meast kovers mar yn alle gefallen mei syn moaie en wat heasige stim. No hat hij in soad tiid stutsen yn it meitsjen fan in klipke. Gjin fleurich nûmer mar in stikje muzyk mei gefoel. En dat begryp ik hiel goed. En omdat ik gek bin op de mûlharp ek noch mar efkes Space Oddity der bij.



Popa



Ik hie der noch nea fan heard. Popa Chubby. Mar in New Yorker on tour yn it Bolwurk yn Snits moat wol wat bijsûnders wêze. En wat blues op é tiid is net ferkeard. Mei it wyntsje yn de rêch en ûnder in heldere stjerrehimmel op wei nei Snits. Koe om kertier foar tsienen noch moai in stikje Roadhouse meinimme. De stimming siet der al aardich yn. Mar krekt efkes oer healwei 11 oere waard it podium fuld mei trije muzikanten. Better sein, in slachreaufeint, in basgitarist en in gestalte. It gestalte kleure blau en net allinne troch syn gitaarspul mar mear troch syn omfang sette hij alles efter him yn it skaad. Twa nûmers hold hij it fol om te stean en doe joech hij him del op in wierskynlik stevige stoel. Popa Chubby wie yn Snits en liet de leafhawwers heare wat hij allegear mei in gitaar kin. Dat hij sa no en dan ek song wie meinommen mar dat like bijsaak. Mei gefoel foar humor spile hij Halleluja en Sympaty for the devil fuort efterelkoar oan. En sa gie it twa oeren oan ien stik troch. Sittend en alhiel opgeand yn syn spul. Oant de tajefte. Doe gie hij noch efkes stean. En koe ik him noch efkes op de foto sette. Kertier foar ienen wie it dien en nei trije oeren stean siet ik noch lekker sa'n 40 minuten op de fyts.