woensdag 24 april 2024

Swalkje bij Easterwierrum


De toer krekt bûten Easterwierrum

dêr haw ik noch nea west.

It is hjoed sa'n dei om de rinskuon  oan te dwaan

en yn en om Easterwierrum te rinnen.


"Der moat hjir in paad wêze"

sis ik tsjin Jellie at wij oan de râne fan it doarp bij de Tysker stean

en de toer yn de fierte sjogge


De rinbuordsjes sjogge wij

de brechjes ek, mar in paad leit der net.

Dit is dus swalkje.

in paad sykje troch it lange gers

en besykje net yn de hûnestront stean te gean.



At dat slagget stean wij bij de terp

mei de toer der op.

Yn 1903 is de tsjerke ôfbrutsen

mar kin de toer bewarre bliuwe.

Wij sogge in slach oer it tsjerkhôf


en ik sjoch noch in stien fan in Hofstra

Jûn mar efkes sjen at dy persoan ek noch in plakje krije kin

yn myn stambeam



In opmerklike tekst oer it libben bij it hôf


Werom yn Easterwierrum, lâns de dyk werom,

sjogge wij efterôf ek noch in toer stean.






Troch in steegje komme wij bij in tsjerke mei toer

dy't yn gebrûk is as fakânsjeferbliuw

De foarkant eaget as in tsjerke

de sydkant hat keunststof kezinen en sinnepanielen

en de efterkant hat in oanbou mei terras ensafuorthinne

Dizze tsjerke is dus yn it plak kommen fan dy oare dy't ôfbrutsen is

want  der stiet "gesticht yn 1911"

Mei oare wurden, de iene is ôfbrutsen en 8 jier letter wie dizze klear.




Easterwierrum hat twa wetterkes.




en in skoalle dy't leech stiet,

mar dêr komme apparteminten yn at alles goed giet.

Wij meitsje de 4 kilometer fol

en hawwe oan twa tsjerken genôch

want der is ek noch in katolike parogy mei in tsjerke yn Easterwierrum.

At der in kroech west hie en waarm

hie it miskien tiid foar tsjerkebier west

want dat wurdt yn dit doarp makke





Geen opmerkingen: