zondag 7 april 2024

Puntsje fan de stoel

 It is mar goed dat it stik Allinnich Anna

net langer duorret as dy hast oardel oere,

want oars hie ik fan de stoel ôfglide.

Geande it stik ferpleatste myn lichem him nei it puntsje fan de stoel.

Ik hie der wat oer lêzen

ik hie der wat oer heard,

mar it oertrof myn heechste ferwachtingen.

Wat fyn ik dit in prachtich stik.

Wat sit dat geweldich ynelkoar

wat de tekst oangiet

wat binne der orizjiniele dingen yn (de hûn)

en wat wurdt der prachtich spile.

Safolle djipgong, teksten dy't rekke binne

en in ferhaal......

It is in prachtige jûn yn it Marneteater yn Boalsert

Op de fyts werom is der wol wat te bepraten

en nachts wat om min yn sliep te kommen




Geen opmerkingen: