Troch dizze bloch (datfynik) haw ik bij tafal kunde krigen oan Gerrit Tjallema,
in âld ynwenner fan Wommels.
It bijsûndere is dat hij mij regelmjittich in oansjenkaart stjoert
mei in moaie tekst.
It binne sawat de ienige kaarten
dy't ik noch krij, want de tiid fan oansjenkaarten is allang foarbij.
De kaarten komme út Manchester,
want dêr wennet hij en binne skreaun yn geef Frysk.
De kaart mei de tsjerke en toer is fan Boalsert
en is makke fan in skilderij fan Johannes Elsinga,
de Fryske ynpressionist, dy't yn 1893 yn Wommels berne is
en yn 1969 yn Ljouwert ferstoar.
De oare kaart is neffens Tjallema in stoomskip oer it skolperjend wiet
en it is de 'Aant Hofstra', dy't op koers leit
Geen opmerkingen:
Een reactie posten