Ik sjoch fannemoarn betiid (dat is goed 7 oere) nei bûten,
It driget, mar it reint (noch) net.
Ik wol der efkes út, mar wol net al te wiet wurde,
at ik rin of fyts.
De waarfrou komt oer in kertier
Dêr wachtsje ik op.
"Buiengebiet, mar ek opklearingen der tuskentroch"
"Letter op de dei wurdt it droeger"
Hjir haw ik wat oan!
Net dus.
Ik wol der no efkes út at it kin.
Sa gie it jierren lyn, doe't er noch gjin Buienradar wie
Buienradar, it is leaf en lijen
Foarhinne doe't Buienradar gewoan fergees hie
en gjin Plus en Pro abonneminten hie,
doe kloppe it meastentiids wol
No jout de fergese ferzje in yndikaasje.
Nettsjinstaende dat, bin ik wol bliid mei Buienradar/
Ik sjoch der fannemoarn efkes op om 7.15 oere
want ik moat der moarns earst efkes út.
It begjint tsjin njoggenen te reinen seit de fergese ferzje
Ik haw dus rom te tiid om in rûntsje te dwaan,
want it kin best noch wol wat letter (of earder) wurde.
Leve Buienradar
Om 8.45 is it noch droech
en haw ik myn rûntsje droech fytst
Geen opmerkingen:
Een reactie posten