vrijdag 19 april 2024

Fergrizingsdeskundige

 "Zoek op tijd naar rollator, dwaalalarm en heupairbag",

dat wie in kop fan in arikel op Nu.nl hjoed.

De wurden komme fan in fergrizingsdeskundige.

Ik moast suver efkes stean gean om dit te ferwurkjen.

Earder gongen je sitten at je wrâldskokkend nijs trochkrije

mar dat kin net at je al sitte.

De fergrizingsdeskundige dus,

dat wurd allinne al, je soene der griis fan wurde.

It past wat yn dizze soarchlike  tiid (wat de wrâld oangiet)

om ús generaasje in eangstkompleks oan te praten.

Wij binne noch net safier dat de pake/beppesizzers

gjin boartersguod mear nedich ha.

Us souder stiet fol mei spultsjes,

bij de kratten mei playmobyl en lego

Wij hawwe nivelspul, poppespul  en in autoreesbaan

sadat bern in Max gefoel krije kinne.

At dat spul net mear nedich is,

en dat komt miskien fluggers as dat ik hoop 

mei mobyltsjes en tablets dy't favoryt binne, 

en at alles dan fuort kin

dan komt der romte foar in rollator alfêst

foar in bêd mei papegaai alfêst 

foar in skootmobyl alfêst

foar in 4 heapairbags en 2 fertiisalarmen.




Geen opmerkingen: