zondag 7 april 2024

Fenixfestival

In moai ferskaat oan soarten muzyk

freedtejûn yn Ljouwert bij it Fenixfestival

Historian, sjoch ik foar it earst en it is wol in nijsgjirrich optreden

It klinkt aardich en de útstrieling fan de band is noflik.

Bij Boaz haw ik wat in minder gefoel.

Krekt as earder fyn ik syn pittige nûmers bêst genôch

mar ferfeel ik mij bij syn "seurnûmers"

Op nei Homesick. 

Earder op Greidhoekfestival mei in basgitaar

no twa "gelûdsjemannen"dy't ek "sjonge|"

Bijsûndere sound dy't je meisleept

mar gjin sound is foar in oere lang.

Dan nei Baldrs Draumur, folk muzyk

út de djipste krochten fan Noorwegen en Fryslân.

Gesellich optreden mei Sjoerd as sjonger

Dêr haw ik op Aaipop ek al in oere mei ferwûndering nei sjoen.

Prima optreden.

Nei dit alles is it ttid foar gitaarwurk

Ik wurd op myn winken betsjinne

Swim of Drown batst in hearlik stikje hardcore metal út

yn Neushoorn Café.

Moaie jûn dy't miskien noch lang trochgiet,

mar ik haw genôch sjoen,

boppedat de ien nei lêste bus ropt....


Geen opmerkingen: