Aaipop stoppet is it berjocht foarôf.
It hie kinnen mar it is gelokkich net sa.
It soe ek te gek foar wurden wêze
dat dit fantastyske festival ferdwynt.
Ik wie der wer bij , dizze edysje fan 2024
en it wie in geweldige dei.
Prima (stevige) bands mei genôch fariaasje.
Der wiene 13 optredens
mar troch de dûbele programmearing
koe ik der 9 sjen.
Fol gas mei Folgas |
Marcel Smit op in mini podium |
NNB mei gastoptreden fan Piter Wilkens |
Jitizer, wat in enersjy |
in lekkere sound fan Sjoerd ensa |
Farsk , altyd gesellich |
It strakke begjin fan de metal fan Drôvig |
Pakesizzers Samme en Nyck pikten de metal ek efkes mei |
It is goed om ek de earste artyst te sjen: Melissa Pander mei band |
Hjir hie ek noch in foto fan Hûnekop stean kinnen.
Dat wie de lêste band yn in grôtfolle, hite en rikkerige seal.
Dat fûn ik nei trije nûmers wol prima
Tradisjoniel fytsten wij der hinne
en fytsten wij ek werom.
Op nei 2025
Geen opmerkingen:
Een reactie posten