Se witte alles fan mij.
Wat ik keapje, wat ik doch en wêr't ik bin.
Se wolle ek alles witte en dêrom betinke se moaie dingen
Nim no Strava, it sosjale netwurk foar fytsers en rinners.
Sûnt april 2020 doch ik dêr ek oan mei.
Foardat ik in tochtje fyts,
set ik Strava oan op myn tillefoan.
At ik thús bin, haw ik binnen 2 sekonden in prachtich oersicht
wêr't ik lâns fytste (dat wist noch wol)
hoe hurd (kin mij neat skele)
gemiddelde snelheid ( seit mij neat)
de kalorien (haw ik neat mei)
it gemiddelde fermogen (ik haw gjin idee)
en it hichteferskil (bin net in klimmer)
Nettsjinsteande al dy nutteleaze feiten
sit er foar mij dochs in útdaging yn:
De heatmap
Safolle mooglik kiliometers fytse op ferskillende diken.
Myn heatmap fan 2020 kinne jim hjir sjen.
Wat reader wat faker ik dêr fytst ha.
Totaal binne dit 9000 kilometer
meast yn Fryslân, mei in útstapke nei Hollân, Drinte
en Denemarken
Geen opmerkingen:
Een reactie posten