dinsdag 19 januari 2021

Sjoerd

Ik hâld fan bysûndere minsken.

lykas Sjoerd Zijlstra fan Boalsert.

Sjoerd wie in bijsûndere man.

Hij is stoarn, ferûngelokke mei syn fyts.

Sjoerd wie krekt as mij:

In fytser fan al den dei.

Oeral kamen wij elkoar tsjin.

Sjoerd  hie ek altyd in miening oer iets.

In eigen miening en meast net de gongbere.

Ik wit it noch goed.

Ik fytst op myn lisfyts tusken Ysbrechtum en Tsjalhuzum,

ik haw dat "wibele ding" noch net sa lang en ik moat noch wat wenne.

Sjoerd komt mij efterop, 

op in soarte fan reesfyts.

Goeie of hoi, sa groetet hij mij

hij sjocht, 

hij sjocht nochris en dan komt it oardiel.

"Ik haw ek in lisfyts", jout hij oan.

folge troch in oantal technyske gegevens en oanwizigingen

Ik hear it oan en knik (net) begrypjend,

ik bin sa wol trefreden. sis ik,

ik bin noch op ûntdekkingsreis.

Hoi, seit Sjoerd, en hij fytst op nei Boalsert

wylst ik ôfslaan nei Wommels

Sjoerd tref ik ek faak bij de muzyk.

Aaipop, Greidhoekfestival, yn Boalsert en wêr ek net.

Hij siket mij altyd efkes op

en freget dan wat ik der fan fyn 

at ik as oandachtige harker foaroan stean. 

Ik fyn gau iets moai, ik haw gjin skerp ear, 

bin net muzikaal en haw gjin ferstân fan muzyk.

Dat hie Sjoerd wol.

Hij wit mij dan altyd út te lizzen wat er net goed is 

en wêr't dat oan leit.

Sjoerd giet wer fierder 

op syk nei in oar

of op wei nei de lûdsman 

om him der efkes op te wizen, dat it oars kin en moat

Ik hear dêrnei oars nei de muzyk. 

It tredde wat ús bûn wie 1954.

Syn en myn boujier.

In goed boujier seine wij wolris.

Net dus

net goed genôch foar Sjoerd ....


Beste Sjoerd 

Moai dat ik dij kinnen ha

do hast in soad kleur jûn oan dyn eigen libben

en ek oan it libben fan oaren.

Dankjewol dêrfoar


Anneke en de jonges in hiel soad sterkte mei it ferlies fan jim bijsûndere en unike Sjoerd


Moarn haw ik op ynternet de moaie oertinking sjoen mei in optreden fan Beatles Sessions mei twa soannen fan Sjoerd en Anneke. 

Middeis haw ik efkes oan de dyk stien yn Boalsert wêr't Sjoerd foar de lêste kear lâns gie

Geen opmerkingen: