zaterdag 19 september 2020

Min sin

Ik kin wol aardich tsjin ferlies fyn ik.

Dêrom haw  ik de top ek nea helle;

net bij it keatsen, 

net bij it fuotbaljen, 

net bij it klaverjassen, 

net bij it hurdfytsen 

en seker net bij it folleybaljen.

Ik ferwachtsje dat ik de top bij it jeu de boulen of bij it sjoelen ek net helje,

at ik dêr ea oan ta kom.

Ik bin te earlik, te goed om te top te heljen.

Ik fyn it spitich at ik ferlies

en fyn it ek spitich at myn favorite klup ferliest.

At it no SDS, Cambuur of Feyenoord is,

ferlieze heart der bij.

Nei in ferlieswedstriid fan SDS

bin ik teloarsteld,

meast oer it spul en soms oer de útslach.

Sa as hjoed.

Net teloarsteld oer it spul, dat wie seker net min,

mar teloarsteld oer de útslach dy't mei ta stân kommen is 

troch in aaklik gemiene grinsrjochter.

Ik stie frijwol op ien line, efter him,

doe't Hendrik de Jong ynskeat.

Hij kaam efter de ferdigening wei 

nei in prachtige foarset.

Wol in meter net bûtenspul!

En dan is dêr dizze man

dy't elkenien ferbaasd, 

troch de flagge omheech te stekken.

De skiedsrjochter nimt it oer en kart it doelpunt ôf.


Menear de flagger kin tefreden wêze

wer trije punten stellen foar de eigen klup.

Sa'n momint dus

dat bepaalt dat ik mei in min sin nei hûs gean.

Net om it ferlies, miskien hiene se oars ek wol ferlern,

mar dat der sokke lju binne

dy't wykliks in poadium krije

om út te blinken yn harren keunstke

op in hiel heech nivo...... 

puntenstelle



Dat soe mij siere dat.......
It soe de fuotbalklup Warkum siere at se harren eksúses oanbiede
foar dit ûnrjocht dat SDS oandien is troch harren flagger

Geen opmerkingen: