donderdag 1 februari 2018

Blokhúspoarte

De Blokhúspoarte yn Ljouwert
is in moai âld gebou,
mei in soad bysûndere ferhalen

De byb is der ynkommen
en at er earne ferhalen te finen binne
is dat wol yn de dBieb,

ja dBieb , dat is de nije namme

Negatiyf ferhaal yn de LC fan hjoed
dus sels mar op ferkenning

In hokkerich gehiel
wêr't je wenne moatte
sa soe ik it omskriuwe wolle

It is no ek noch rommelich,
mei al dy bouwfakkers oan it wurk
want klear is it noch net.

Gongen en sellen
se bliuwe lyts en nau
en mei in soad boekenkasten der yn seker

Fansels hawwe se dêr mear kar as yn Wommels
en in boek liene dêr is gjin probleem
want ynleverje yn Wommels dat kin

Korbach - Oanaangepast
seach ik lizzen en dy naam ik mei

Ik bin net negatyf
mar kin mij wol foarstelle
dat it foar sommigen
hiel bot wennen is

en dat je de auto net foar de doar parkeare kinne
dat is bij de measte dingen yn Ljouwert sa:
ik fyn it wol moai dy fytsestalling
op it eardere parkearterrein...

Fierders yn de Blokhúspoarte
lytsskalige winkeltsjes
en bedriuwtsjes
allegear yn in eigen sel

en fansels
poadium Asteriks
mei syn freedtejûn konserten......
















Geen opmerkingen: