maandag 19 februari 2018

Iisbaan


It is in winter fan neat
Dêr binne wij it allegear wol oer iens.
Al wer in winter
dy’t yn it rychje setten wurde kin fan
"gjin winter".

In winter fan neat,
foar alle iismasters,
ek foar dy fan Wommels.
Hij wol sa graach:
melde dat er in moaie iisflier leit.
de flagge ophingje bij de dyk
en it stek iepen dwaan.

Ferline wike
gjin berjochten oer winter
en de iismaster fan Wommels
luts in konklúzje:
it wurdt neat dit jier,
it wetter kin der wol út

en sa barde it……

Grien gers
sa seach it der út
op de iisbaan yn Wommels,
freed en sneon

Mar dan….
is it sneon,
dan komme de earste berjochten,
kaarten út Amearika
it wurdt winter,
en net sa’n bytsje ek

De iismaster sjocht se ek,
en freget him ôf:
haw ik hjir goed oan dien?

It wurdt sneontejûn
en de iismaster sit net lekker

It wurdt sneontejûn let
en it sit de iismaster hielendal net lekker

ik moat der hinne,
myn eardere ynskatting herstelle…
en sa skoot de iismaster fan Wommels
sneontenacht om 12 oere
it lûk wer iepen
sadat it wetter wer op de iisbaan rinne kin

en de iismaster fan Wommels
dy jout  him no wol del
en dreamt miskien wol fan in moaie iisflier.

Sa is it gien seit Pieter, de iismaster
at ik him moandei bij de brêge tref
en him freegje
wêrom der sa'n bytsje wetter op de iisbaan stiet

Mar it komt allegear goed
seit Pieter
at it echt begjint te friezen
is it wetter yn de iisbaan
der klear foar

Mar at er echt riden wurde kin,
no't hast maart is
mei in fûle sinne oerdei
dêr hat de iismaster fan Wommels twivels oer

Geen opmerkingen: