zondag 4 februari 2018

Winter11stêdenfytstocht

Sa'n 1400 minsken
hiene harren ynskreaun
foar de Winter11stêdenfytstocht
op dizze snein 4 febrewaris 2018.

Ik ha mij net ynskreaun
want ik wit,
dat it yn de winter kâld wêze kin
dat it hurd waaie kin
dat it snije en reine kin
dat it miskien wol reint en snijt en hurdwaait en kâld is tagelyk

Mar leafst 450 minsken kamen net oan de start,
fannemoarn yn Ljouwert,
dy heakken yn it foar al ôf.
dy bikkels prebearren it net iens.

fan Ljouwert oant Starum  hiene se foar de wyn hân,
en dêr sjogge je wol wer.....
wat wolle je noch mear.

En fannemoarn nei de bui fan 9 oere
wie it prachtich waar
en fytste ik op eigen krêft
in moai rûntsje fan dik 30 km

doe't ik thús kaam
wie ik wol kâld,
mar dat wist ik
dat wie ek de reden dat ik mij net ynskreaun hie
omdat ik wol wit dat it 4 febrewaris selden simmerwaar is





Geen opmerkingen: