woensdag 1 november 2017

Tabletkafee

Op moandeitemiddei nei it kafee:
it tabletkafee wol te ferstean.
Twa kear yn de moanne
yn de byblioteek yn Wommels,
as frijwilliger helpe.

It tabletkafee is bedoeld foar minsken
dy't wat mear witte wolle,
oer it gebrûk fan de tablet en de snoadfoan,
dy't help nedich hawwe
bij it ynstellen fan bepaalde apps
of dy't gewoan wat tips ha wolle.

Bij de ôftraap 4 wiken lyn wie de belangstelling grut
en op dizze moandei
kamen der ek minstens 15 man/frou lâns.

kommende moandei 6 novimber wer,
lykas alle earste en lêste moandeis fan de moanne,
middeis fan 14.00 oant 15.00






Geen opmerkingen: