vrijdag 10 november 2017

Prutser




Elkenien is in prutser
sa hjit in foarstelling , wêr't Tryater mei rûn toert
op dit momint

Wij seagen it justerjûn
yn de âlde bakkerij
fan de Molkwarder koeke yn Molkwar

Lokaasjeteater
dat betsjut meastal
hurde, houten banken
en in nijsgjirrich "natoerlik"dekôr

It is ymprovisaasje
it hat dus hast gjin sin
om oan te jaan wat ik der fan fyn
want hjoed en nije wike is alles oars.

Hoewol,
 net alles,
want begjin- en eintiid steane fêst.
klokslach 9 oere
at de wekker giet is it dien..

in koarte foarstelling
mei prachtige stikjes,
mei in soad emoasjes
en betiden fermaaklike ynfallen

mar soms hie ik iets fan,
dit duorret mij krekt te lang,
de gong der wat ynhâlde graach....
tocht ik dan

Ik soe sizze,
sels mar efkes sjen





Geen opmerkingen: