vrijdag 3 november 2017

In jûntsje genot

Tongersdeitejûn wiene de Paceshifters yn Neushoorn.
Dy selde Paceshifters dy't op it Greidhoekfestival
oertsjûgjend aktearden:
in spetterjende sjo doe, fol gas.....

Dat it goed befallen wie yn Wommels
die justerjûn dan ek bliken;
it wiene allegear lju
dy't der yn septimber ek yn Wommels bij wiene

leafhawwers dus....
en at dat it wie,
wit ik net
mar de band fielde oan dat er goed publyk wie,
net fan dy lju
dy't komme om bier te drinken
om te eameljen oer fan alles
om foaral foto's en filmkes te meitsjen
en dêrtroch de heale  jûn de earm yn de loft te hawwen
en mij it sicht ûntnimme.....

wat koene wij no 90 minuten genietsje
fan stampende rock
mei twa hearlike gitaren
en in drummer....it is in genot
om dêr nei te sjen....




It foarprogramma wie fan The Very Very Stranger.......
ek net ûnaardich

Geen opmerkingen: