dinsdag 14 november 2017

It falt net ta




It is wat 
âld wurde meie,
it falt net ta;

se sitte dúdlik yn de hoeke
wêr't de klappen falle

Geastlik of lichaamlik lijen
geane somtiden hân yn hân

it tinken wurdt wat ferjitlik
en in fal leit op de loer

falle,
dat mei net mear sa faak;
tehúzen jouwe boetes
at je te folle falle

dus.. in gat yn de merke





En sa wurde de âldtsjes twongen
om djoere kursussen te folgjen
yn sportskoallen

leare om te fallen......
om foar te kommen dat je wat brekke


soe oars ek wol wat wêze 
foar de besitters fan de nije I-Phone
sa'n falkursus mei as doel de snútfoan hiel te hâlden
want dy brekt gelyk midstwa
bij de earste de beste fal


 in fjoerwapenferbot yn Amearika
dat soe oars ek wol wat wêze
dan falle dêr fêst minder deaden

en fierders:

falle de mosken noch net fan it dak

is it kwartsje bij mei noch net fallen

fal ik oer sokke berjochten

lit ik miskien wol in stek falle

bin ik net op myn efterholle fallen

fal ik miskien wol út de toan


Geen opmerkingen: