donderdag 16 november 2017

Ate Vellinga

"Hast al heard dat Ate stoarn is"
freget myn broer fia de tillefoan..

Ik skrik....Ate...wat freeslik
hear ik my sizzen..

Ate kin ik al
fan de Herfoarme leger skoalle
yn Wommels
wêr't hij in klasse heger siet

wij fuotballen,
wij keatsten
wij potbaanden
wij beltsjedrukten
sa't jonges fan ûngefear
deselde leeftyd dogge

op de Mulo
bleau Ate mij ek foar

de Mulotiid en dêrnei
wie de tiid fan útgean.
wat Ate en ik dielden
wie de muzyk.
net samar earne hinne
mar doelbewust:
om de muzyk:
BZN (de hurde),
Hobo Stringband,
CCC Inc.
Cuby......

sa fûnen wij beide ús paad,
op syk nei wurk
op syk nei de leafde
en op wei nei folwûksenheid

wij wiene jierren op paad
nei it betelle fuotbal
nei útwedstriden fan sc Hearrenfean

ús mategroepke hâldt stân
ek at de earsten ferkearing hawwe,
en de earsten bern krije



wij kaarte,
wij sporte,
wij fytse
wij libje ....

Moaie herinneringen oan Ate
dy't fol belangstelling bleau
foar it gesinslibben fan ús allegear
wylst hij sels gjin relaasje hie

de jierren gean foarbij
en Ate tref ik no yn it doarp,
bij de brêge
bij it fuotbaljen
bij de muzyk
bij ús thús at hij komt om fuotbaljen te sjen

wer letter
as frijgesel
treft hij wer oare maten,
freonen dy't mei him út gean
dy't wat op him passe

muzyk,
dat wie syn passy
dêr rekke hij net oer útpraten
dêr mocht hij graach hinne
en the Rolling Stones
wiene syn  favoriten


Ate

ik sjoch him noch stean
dêr yn Eindhoven
mei de Fryske flagge en syn reade mûtse
op dy ferware foto
bij in wedstriid fan Eindhoven- sc Heerenveen

Ate

ik sjoch him noch stean
op ús trouerij
yn syn liende pak
en  op klompen
en foaral mei in soad wille

Ate

ik sjoch him noch sitten
nei de alvestêdentocht
dy't hij yn 1978 gewoan útfytste


Ate

ik sjoch ús noch sitten yn de Kuip
yn de rein yn 1978
at Bob Dylan yn de fierte optreedt


Ate

ik sjoch him noch stean
foar de Jimbar
tidens de liftwedstriid yn 2005
want liftsje dat koe hij as de beste,
sei er sels

Ate

ik sjoch him noch stean bij de brêge
plichtsgetrou
mei de klomp it jild binnenhelje,
it skrift bijwurkje
en dêrnei altyd yn foar in praatsje
oer fuotbal, oer muzyk
oer him, oer mij.

Ate'
ik hear him noch praten
oer de muzyk, oer de gitaren,
yn de auto yn 2011
mei Elly oan it stjoer
en Ype, Lolke, Jehannes, Ate en ik efteryn
nei it konsert fan Ten Years After
yn it Bolwurk yn Snits

Ate
ik sjoch him noch sitten
op it Greidhoekfestival yn Wommels,
at it rinnen en stean net mear sa goed giet
en hij syn stoel meisleept
nei de oare tinte
foar wer in nije ferrassing

Ate

ik sjoch him noch stean bij SDS
op de ferneamde Bunnikside
tsjin it boerd oan fan de LC

en sa binne der oaren
dy't oare herinnerings hawwe oan Ate
miskien wol
bij it iishockey fan Feenstra Flijers
bij it froulju's fuotbal bij SDS
bij it biljerten
bij it .......

Dy Ate
dy is der net mear
65 jier âld
stoarn yn Drachten..

Ate
grut respekt hie ik foar him;
hoe't hij omgie
mei al syn tsjinslaggen
mei al syn teloarstellingen
en mei syn ôftakeling

mar altiten
belangstellend
optimistysk en freonlik

Ate is stoarn
"fijne Ate: seine wij faak
stoarn
samar
ik skrok mij "dea....."


1 opmerking:

Wybren zei

Prachtich Aant. Hiel treffend. De famylje wie der stil fan fertelden se my. Bedankt, Wybren