zondag 5 november 2017

Mink


Hij kin it net mear lêze,
Mink Zijlstra fan Parregea,
ien fan myn fêste folgers
op dizze blog.
Mink is ferstoarn
neidat hij sloopt is troch in aaklike sykte...

Ik soe graach wolle at er dit noch lies:

Beste Mink,
moaie herinneringen
haw ik oan dij

Yn 1981 doe't it begong,
do as direkteur
fan de Emmaskoalle yn Snits, 
en ik as adfiseur bij Cenaco 
it ûnderwiisburo yn Ljouwert

Foar fragen koest bij mij telâne
en wij sochten tegearre,
faak nei oplossingen
dy't foar dyn skoalle
en dyn personiel it beste wiene

it wiene moaie petearen,
at ik dij wiisde op de regeljouwing
en do sochst nei it gatsje dêryn...

De tiid fan Weer Samen Naar School
brocht ús noch tichter bijelkoar,
nije regeljouwing útwurkje
en sjen wêr't wat te heljen wie....
it wie in prachtige en learsume tiid

Mink,
do wiest it gesicht fan de skoalle
mar ek fan WSNS yn dizze regio

It wie bijsûnder dat ik yn 2008
in diel fan dyn wurksumheden oernaam,
omdatsto mei prepensioen giest.

en sa wiene wij
in heal jier ek noch kollega's...

It praat oer fytsen bûn ús,
do dyn ritsjes út Parregea nei Snits
en ik út Wommels nei Snits ta,
dat wij beide krekt wisten 
"op hoefolle kilometer wij wiene
bij dy pleats,
bij dy hikke
of dat strewelleguod"
dat koe inoar him net begripe

Muzyk dat bûn ús ek...
Ferhalen út dyn hippie tiid, 
en ik dy't dêrfoar krekt te let wie

de muzyk út dy tiid
mar foaral de muzyk fan Reboelje....

Do wiest fen....
dat bin ik ek....
Live optredens
yn Burgum
yn Wommels,
bij Aldemardum,
yn Boalsert
wêr net?

in prachtige tiid...

Mink, do bist er net mear,
en al dyn platen hast ferkocht,

mar twa fan dyn  platen
binne der noch wol

dy stean bij mij thús.

Blood Sweat en Tears,
en the Buoys.
Twa elpees
dy't ik fan dij krige
bij myn ôfskie fan Cenaco.

"better as blommen seine wij tsjinelkoar"

Net platen
dy't ik wolris draai
mar de hoezen jouwe mij
in tankbere herinnering
oan dij...

moai ek dat dyn namme derop stiet

Mink
ik bin bliid dat ik kind ha.......
do hiest âlder wurde moatten,
folle âlder....






Geen opmerkingen: