zaterdag 31 oktober 2015

Reunyfeest

At je yn it stadion net mear fermaak biede
dan der mar bûten,
sille se tocht hawwe yn it Fean

op P3 dus
it pakearterrein nonken Abe syn stadion
in reuniefeest mei as motto
de bekende tune:
"Herinnert u zich deze noch??

Wat in formule en wat in feest!
om goed healwei njoggen is it al smoardrok
hûnderten fytsen en al ferskate auto's op P3
in moai ynrjochte tinte
mei sitsjes,
soleksen,
âlde auto's
nostalgyske printen
âlde bylden op in skerm
âlde muzyk
en in gesellige disjockey

5 bands
de earste (Straight on Fire) net sjoen
mar de twadde makke wol,
fan de earste oant de lêste toan
Tax en the Outsiders
twa man fan de âlde band: Leendert en Appie
trije jonge hûnen, wêrfan twa Taxen
it wie de ferrassing fan de jûn:
moaie Outsiders muzyk....
en Appie Rammers?
dy moast sa no en dan efkes sitte.........

Mirage wie de tredde band
in tribute oanFleetwood Mac
de froulju skodden hieltyd mear nei foaren
smarden de kielen noch efkes
en songen út folle boarst
de bekende lieten mei
Little lies en fansels Go your own way,
Neat mis mei wie ús konkluuzje....

en doe......
De net dûnsjende froulju wat nei efteren
de dûnsende froulju nei foaren, wêrûnder Geartsje
de rockers op feilige ôfstân ek foaroan, wêrûnder Lolke en ik
want
Bintangs, it's only rock and roll...
Machtich optreden wer
en je fielden de ferbazing om je hinne
fan in soad âlde en grize koppen
dy't harren miskien wol 40 jier lyn foar it lêst sjoen hiene.

as fan âlds ramden se der op los
Bintangs op syn best
de jûn wie slagge
de jûn wie folmakke

stadichoan skooden wij wer wat nei de kant
in bytsje nei efteren
want foar Help
in tributeband fan the Beatles
waarden in hiele soad miskien bllid
ik net
ik krige wer de befestiging
dat the Beatles (op in inkel nûmer nei)
myn ding net is.....
foar de twadde set fuort
want it goeie gefoel moat wol bliuwe
it Outsiders en Bintangs gefoel.

Reunykonsert yn Hearrenfean:

in geweldige sfear
prima muzyk
noflike minsken
wier,
it wie in muzykfeest
foar al dy âlde en grize koppen....






Geen opmerkingen: