1946
"Postsegel djoerder
brief ferdwynt hieltyd mear"
dat is in kop yn de krante fan hjoedde postsegel
dat ferneukeratyf lyts plakbriefke
wêr't in 1 op stiet.
yn 1946 stie der ek in 1 op in postsegel
en dan wie it ek 1,
1 sint wol te ferstean...
dy 1 fan no
dat is gjin 1
dat is 73,
73 sint mar leafst
wat sis ik,
73 eurosinten ek noch wol
in gûnen omrekkene?
dan is it sa'n 162 sinten
Fan de iene 1
nei de oare ien:
in ferskil fan 161 sinten
yn 70 jier
Logysk dat it stjoeren fan in brief of in kaart
minder wurdt....
Geen opmerkingen:
Een reactie posten