midden yn de keamer
in foto fan Pjirkje
dy't stoar yn juny dit jier
it is sneintemoarn
en ik sit bij Gelf Eringa
yn Spannum
Sûnt 1998 doch ik dat,
de Treffers, it klupblêd fan SDS,
fan Spannum en Winsum
fan Spannum en Winsum
bij Gelf en Pjirkje bringe
want sij bringe se dêr rûn
No sit ik bij Gelf allinne
Sa as altyd prate wij efkes
yn de keamer
oer it fuotbaljen
scHearrenfean, wêr't it net sa goed giet,
SDS, herinneringen oer de moaie tiden dy't wij hiene
Oranje en de oer it hynder tilde fuotballerkes
oer it keatsen
oer Spannum
oer it kuorkebaljen
oer it oargelspyljen
oer pypkesmoke
oer de dea
oer Pjirkje
oer it libben
dat Gelf noch talaket
want
"ik sit hjir net te wachtsjen,
"ik sit hjir net te wachtsjen,
ik doch noch fan alles wat ik moai fyn
en lichaamlik dwaan kin
want it wurdt wol allegear wat minder"
seit Gelf
"At ik net mear fleurich bin,
is it dien"
seit Gelf
en hij laket
en hij laket
Nei in lyts oerke
stap ik wer op
de Treffers efterlittend
Ik hoop dat de folgjende Treffer wer gau útkomt
nee, dat hoecht net
ik gean der in kear hinne sûnder Treffers
gewoan foar in praatsje
nei Gelf
en dan prate wij wer
oer sc Hearrenfean,
oer SDS
oer Spannum
oer it smoken fan in piip
oer de winter
oer it oargelspyljen
oer it libben
wat him hopenlik ek dan noch talaket
Gelf en Pjirkje yn 2012,
mei de plastikpûde fol Treffers
Geen opmerkingen:
Een reactie posten