zondag 4 mei 2014

In Labyrinth


In midwike Ardennen Op it lêste momint noch boekt. Mar wij wiene der wol klear foar. Yn Remouchamps, yn de buert fan Spa, lykwols net. De heechoanprize folslein ynrjochte Karstentinte stie der wol mar dat wie dan ek alles.
It begong om trije oere al bij it ynskriuwen. Gjin beddeguod. Wurdt foar 5 oere brocht. Bij de tinte oankommen miste der fan alles. Der wie gjin stream, gjin stuollen, gjin lampe en oer de lytse ynfentaris kin ik mij better mar stilhâlde. It lange gers kaam hast boppe de kuolkast út. De tinte hong oan alle siden en it die bliken dat der net in hearring yn de grûn siet.
It fromminske dat it allegear foarelkoar bringe moast wie ek ferrast dat er safolle ferhierd wiene en die de ien nei de oare tasizzing om it foarelkoar te krijen. It wie ûnmooglik om dat wier te meitsjen, want ek alle buorlju kamen mei de selde klachten.
Om it mar op te lossen waard in noch leech steande tinte leechroôve mei spul. Wij in lampe, sij in gastel, wij in kofjekanne, sij in kuolkast.
It wie fjouwer oeren letter dat de eardere tasizzingen allegear foldien wiene. It fromminske bleau fatsoenlik en it begrutte har ek wol wat.


Dêrom krigen wij as "kompensaasje" foar al dit lijen in flesse reade út eigen bûse.


It alder slimste lykwols wie it momint dat wij fuortgiene. Doe kaam der immen te kontrolearen om der foar te soargjen dat wij ús boarch fan 50 euro weromkrije koene. Doe die pas echt bliken wat er allegear net wie. De jongfeint die krekt of wie der neat oan de hân en rûn gewoan alles troch. Hij lei ús nochris omslachtich út dat hij it net ôfskowe woe mar dat de tinten fan Labyrinth wiene en dat dy ferantwurdlik binne en dat sij allinne mar kontroleare.  De helt miste en wij krigen de 50 euro werom. Sil hjoed noch efkes in moai briefke skriuwe nei Labyrinth en harren tank sizze foar dizze mislearre tinteferhier.

Geen opmerkingen: