5 maaie, it befrijiingsfestival yn Ljouwert. It wie in tige noflik barren dit jier mei lekkere muzyk.
It aardige fan dit fergees tagonkelik festival is dat ek jong de kâns krijt om ris wat yn de kunde te kommen mei de popmuzyk. Opmerklik folle bern op it Oldehoofsterkerkhof en dat die de sfear goed.
Fansels kamen dy bern ôf op harren eardere freedtejûn heldin Iris Kroes. Doe foaral bekend wurden mei har harp mar no mei band en frijwol sûnder harp mar mei in goeie stim op it grutte poadium ûnder de Aldehou.
It wie wat mij oangiet in noflik optreden.
Lekker waar op it plein en jong hie in ferheginkje nedich om it allegear goed sjen te kinnen
Yn de Prinsentûn wie it Liet festival. In goeie kar om it op dizze dei te dwaan, want seker mei it moaie waar is it noflik sitten rûn de fiver, mei op de eftergrûn de muzyk. Sa komt der aardich wat folk lâns, hoewol ik grutte twivel ha dat der in soad binne dy't it de 11 ferske folhâlde kinne.
De minsken op it poton, gelyk foar it podium wol, sij hiene gjin kar, want fanwege de opnames dy't makke waarden troch de Omrop waard harren dringend fersocht om sitten te bliuwen want oars kaam der te folle beweging op it poton en dus yn de opnames. Bliid dat ik nei ien nûmer al fuortrinne koe : it lûd wie efteryn oan de sydkant net best en it geeamel bij de wikseling mei de artisten duorre mij ek te lang en boppedat woe ik Douwe Bob ek wol efkes sjen. En dat wie in treflik optreden mei syn band.
Nei it optreden fan Douwe Bob noch trije nûmers sjoen, helaas net fan de winner Bruno, mar dy hie gelokkich op Aaipop al heard.
It hichtepunt fan de jûn wie it prachtige optreden fan Diff. In lekkere gitaarband (5 stiks) mei in hearlike stim fan de sjonger. Dat se harren optreden ôfsluten mei de Broken Brass band wie best genôch want it swingde de panne út, mar helaas bin ik gjin leafhawwer fan safolle getoeter.
It optreden fan the Broken Braas dêrfoar haw ik dan ek berêstend oer mij hinne komme litten.
Al mei al, in noflike 5 maaie fiering. En op de fraach dy't ik foar de kamera net beantwurdzje woe "wat 5 maaie foar mij betsjut" is it antwurd hiel simpel: de muzyk.
Mar dat sille se wol leaver net heare wolle
Geen opmerkingen:
Een reactie posten