zondag 4 mei 2014

LPG


It komt net faak foar dat ik myn eigen eagen net leau.
Mei tank oan in bril sjoch ik prima.
Ik skrik ek net sa gau fan iets.
At iets foar in skrikbarend hege priis oanbean wurdt, dan lit mij dat kâld.
At te lêzen stiet dat fuotballers en foaral traêners yn it betelle fuotbal jiersalarissen hawwe wêr't ik 40 jier foar wurkje moat dan wurd ik dêr al net mear oars fan. Hiene sij mar in fak leare moatten.
It is sa't it is en it rint sa't it rint
En dochs wie der ferline wike in momint dat ik efkes twivele oan myn gesichtsfermogen
Wij wiene yn Belgie.
Us tank wie hast leech.
Op syk nei in tank yn Remouchanps.
In LPG tank, want op dy skjinne brânstof ride wij no ienris.
LPG 0,478 stiet der op in boerd.
LPG 0,478 ???????
Dat kin net wier wêze!
0,478 per liter?
Foar 18 euro hiene wij de tank fol en riden dêr de 395 kilometer op nei hús ta.
0,478 per liter
Tsja dy belesting yn Nederlân.
Je witte it ek wol mar op sokke mominten dan soene je hast wol yn de Ardennen wenje wolle.
At it dêr plat wêze soe.

Geen opmerkingen: