Sa as sneon.
Wieke de Haan twittere: De helaasheid der dingen komt derfoar.
De helaasheid der dingen is in boek fan de Flaamske skriuwer Dimitri Verhulst.
It knotsgek boek wat ik mei in soad nocht lêzen ha.
Ik haw mij tidens it lêzen in byld kreeard. Dat byld, ik bin it foar in grut part ek al wer kwyt, dat wol ik fêsthâlde. Dat wol ik net oer de kop helje litte troch in film.
Op myn reaksje nei Wieke "dat ik myn byld fêsthâlde wol" en ik myn twiit beslút mei #antyfilm krij ik de fraach:
Bist ek antyfilm as it net om in boekferfilming giet?
In goeie fraach.
It antwurd is ja.
De lêste kear dat ik in film yn de bioskoop sjoen ha wie yn 1976 doe't ik de Kanonnen fan Navarone seach.
Net útsjoen want de lea befoel mij. en dan foaral myn eagen.
Dêrnei haw ik thús noch wolris in inkele kear in film sjoen. Dêr ûntkomme je net oan mei trije bern yn de hús dy't wol fan film hâlde.
Ik bin in lêzer en gjin filmsjogger
Ik bin in radioman en gjin tillvysjesjogger.
Ik fyn it freeslik dat Puk en de Petteflet ferfilme is.
Ik sil net mei in pakesizzer nei dy film ta.
Nee, ik hoop dat ik it boek hiel faak foarlêze mei.
Oer mevrouw Helderder en sa........
Ik sjoch der no al nei út want it measte bin ik kwyt en ik wol it graach wer yn byld bringe.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten